Wir sind NordFriesland!! Wy binne NoardFriezen!!, 04-01-2007 (P-GfA)

Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wês jimmer op dy namme grut! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme In grien, in krêftich bloeiend leat! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

De beschaving van een land kan je aflezen uit hoe met minderheden wordt omgegaan!

Moin, Moin, Eala, Goeie,

Das neue Jahr kann möglicherweise viele neue Veränderungen mit sich bringen. Manchmal gute und manchmal auch weniger gute. Um eine negative Veränderung für Nordfriesland zu verhindern, haben sich nun Menschen zusammengeschlossen, die einen ähnlichen Protest gegen die von der Landesregierung geplante Kreiszusammenlegung organisieren wollen wie in Dithmarschen. Sie haben eine Homepage erstellt, auf der man sich eintragen und so den Protest unterstützen kann. Das Eintragen kostet wenig Mühe und vielleicht ein bis zwei Minuten Zeit. Wer die Sache unterstützen will, kann dies problemlos auf der Homepage www.wir-sind-nordfriesland.de tun. Ich habe mich schon eingetragen.

It regear fan it Dútske Bûnslân Schleswig-Holstein is fan doel om yn 2010 troch te setten mei de bestjoerlike weryndieling fan it Bûnslân. Noard-Fryslân falt dan as bestjoerlike ienheid wei en wurdt mei Schleswig-Flensburg en stêd Flensburg gearfoege ta ien fan de fjouwer nije ‘Grut-Kreisen’ yn Schleswig-Holstein.

Neffens  it Dútske Bûnslân Schleswig-Holstein soe it gearfoegje fan Kreisen jild besparje, omdat in tal regionale parlementen, de ‘Kreistage ’, lytser wurde sil.

Yn Noard-Fryslân wennet de gânse Noard-Fryske minderheid, tegearre mei Helgolân (dy’t bestjoerlik ûnder de Kreis Pinnenberch falt). De Noard-Friezen binne lykas de Westlauwersk-Friezen erkent troch de Jeropeeske Uny as nasjonale minderheid (lês: folk).

Trochinoar hawwe de 323 Dútske ‘Landkreise’ 166.000 ynwenners en 1.061 km² oerflak. Noard-Fryslân is mei 2.047 km² likernôch dûbeld sa grut en mei 166.700 ynwenners komt dat mei de Dútske trochsneed aardich oerien.

Wy binne Friezen, en wy binne roppen om ús fanwegen ús histoarysk bewustwêzen en ús takomst yn Europa, as Friezen te hâlden en te dragen. Steatkundich hearre wy by Nederlân en Dútslân. As erkende nasjonaliteit steane wy op ússels. Dat nasjonale selsbestean uteret him it klearst yn ús identiteit (taal en kultuer) en dy is dêrom it earste yn ús Fryske striid. Dy moatte wy trou bliuwe, ús hiele libben.

Yn dizze tiid fan fierdergeande ekonomyske yntegraasje yn Europa, dêr’t wy troch de komst fan de euro ús no alle dagen fan bewust binne, komt tagelyk it ynsjoch dat de minske net sûnder thúsbasis kin. Us thúsbasis is “Nord-Friesland” en dat is tige wichtich. 

De Groep fan Auwerk freget de Westlauwerske Friezen de petysje te tekenjen as teken fan stipe oan it inisjatyf www.wir-sind-nordfriesland.de 

Ich wünsche Euch allen ein frohes neues Jahr.
Ik wansch jam åltumååle en gou nai iir.
Jeg ønsker jer allesammen et godt nyt år.
Wy winskje jim allegear in goed nij jier ta.


Lars Harms, MdL en Siwert Reinarda, Groep fan Auwerk

Boarne: Parseberjocht (digitaal), 04-01-2007

FFU: Sjoch ek by ‘Aktueel 2006’: 06-12-2006, Nordfriesland strijdt tegen opheffing en by ‘Aktueel 2007’: 06-01-2007 (A), Eftrije: Fryslân moet Nordfriesland steunen en 06-01-20007 (A), Webstek as stipe foar Nordfriesland.

<< Werom nei 'Poadium 2007'