Fryske Akademy iepenet kennissintrum meartaligens, 05-01-2007 (P-LC)

Ljouwert is al lang net mear de stêd fan in Leewarders, Frysk en Nederlânsk; der wurde op ’t heden wol sechstich talen praat. It kennissintrum fan de Fryske Akademy, dat dizze wike út ein set, beheint him dan ek net ta it bestudearjen fan it Frysk. It wol stúdzje meitsje fan meartalichheid yn al syn fasetten. En dêr wol de Akademy mei ûnder de minsken. “Wy binne net allinne deftich en serieus.”

Op 1 jannewaris kaam in ein oan de Europeeske subsydzje foar it saneamde Mercator-projekt. Ferspraat oer trije plakken hawwe de dienimmers oan dat projekt de ôfrûne jierren in dokumintaasjesysteem oanlein oer de minderheidstalen yn de Europeeske Uny. Wales hat him binnen Mercator talein op de media. Barcelona op de wetjouwing en Ljouwert op de edukaasje. De troch de Fryske Akademy sammele ynformaasje hat ûnder oaren resultearre yn goed fjirtich boekjes oer it ûnderwiis yn minderheidstalen. Wa’t witte wol hoefolle oeren Litousk oft op de skoallen yn it noarden fan Poalen jûn wurde, kin in boekje by de Fryske Akademy oanfreegje of de webside fan Mercator rieplachtsje.

De Fryske Akademy krige jiers € 140.000 oan Europeeske jild foar it projekt. Dêrmei hat de EU neffens taalsosjolooch Durk Gorter in skat oan ynformaasje opdien foar in pear sinten. Op 1 jannewaris is in ein kommen oan de subsidiearring troch de EU. Oant dy datum hiene it Europeeske Buro foar Lytse Talen en it Mercator-projekt in spesjale status yn it subsydzjesysteem, sûnt moatte de projekten foar de goed 60 minderheidstalen konkurrearje mei de 23 offisjele talen. Dêrmei is in stik wissichheid ferdwûn, mar it biedt neffens sosjolooch Cor van der Meer ek nije kânsen.

De Fryske Akademy hat fan ’t simmer mei fertsjintwurdigers fan de gemeenten Ljouwert en it provinsjaal bestjoer in plan makke foar in kennissintrum oer meartalichheid yn it ferlingde fan Mercator. Foar it earste jier stelle provinsje en stêd € 470.000 beskikber foar in stúdzje oer hoe’t dat kennissintrum der aanst útsjen moat. Dy eigen bydrage fergruttet de kânsen op nij Europeeske jild.

Wylst by Mercator de klam op it dokumintearjen lei, wol it nije kennissintrum him folle mear op ûndersyk rjochtsje. It beheint him net ta minderheidstalen, it wol bygelyks ek ûndersyk dwaan nei de posysje fan de allochtoanen. Hoe leart immen talen? Hoe leare minsken mear talen tagelyk. Hoe moatte leararen oplaat wurde om mei meartalichheid om te gean? Sokke fragen moatte oan ’e oarder komme.

It nije kennissintrum hoecht him net ta minderheidstalen te beheinen, tagelyk kin it – oars as by Mercator – mear betsjutte foar it Frysk. Cor van der Meer: “It Frysk is ít útgongspunt. Wy wolle mei dit sintrum it Frysk nei Europa bringe en Europa nei Fryslân helje. Us kennis fan de ferhâlding tusken it Frysk en it Nederlânsk kin ús helpe by it bestudearjen fan de ferhâldingen tusken de oare talen dy’t hjir praat wurde.”

Op de saakkundigens dy’t yn de rin fan ’e jierren mei it Mercator-projekt opboud is yn Fryslân, dogge no ek oare lannen in berop. Fjirtjin dagen lyn wie der noch in delegaasje út Kazachstan by de Fryske Akademy op besite. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny is it hiele iepenbiere libben dêr russifisearre. No’t der wer romte is foar de eigen Kazachstaanske taal, wolle se dy graach in plak jaan yn it ûnderwiis en it iepenbier bestjoer. Van der Meer: “Se hawwe hjir west om’t se nijsgjirrich binne hoe’t oare lannen mei meartalichheid omgeane.”

In pear wike earder die in delegaasje út Moldaavje Ljouwert oan mei soartgelikense fragen. Gorter: “Om’t it hjir sa fredich tagiet, is Fryslân foar sokke lannen in moai foarbyld. By ús binne in soad dingen al regele, dêr steane se noch oan it begjin. ‘The prevention of ethnic conflicts through meaningful education’, it foarkommen fan etnyske konflikten troch sinfolle edukaasje, is it doel fan in projekt dêr’t yn Moldaavje oan wurke wurdt. It is yn dy lannen faak of-of. Yn Fryslân kinne se mei eigen eagen sjen dat it net altyd of-of hoecht te wêzen, mar dat je in oantal talen ek gewoan njonken elkoar brûke kinne.”

Mercator wie in Europeesk projekt, it nije kennissintrum – dêr’t de Mercator-dokumintaasje aanst in ûnderdiel fan wurdt – kriget syn woartels folle mear yn Fryslân. Dat wol de Akademy ek útdrage, ûnder mear troch de opdiene kennis aanst te dielen mei de hegeskoallen yn Ljouwert.

Gorter: “It sintrum moat ek in platform wurde dêr’t de mienskip wat oan hat. Miskien dat wy modulen oer it omgean mei meartalichheid meitsje kinne foar de hegeskoallen en dat wy ûnderwizers fan tsjinst wêze kinne. Wy ha yn it ferline miskien wolris te serieus west. Wy binne en bliuwe in wittenskiplik ynstitút, mar de resultaten fan ús wurk kinne wy wolris wat boartliker nei bûten bringe. Wy ha noch gjin namme foar it nije sintrum, miskien dat wy de namme Mercator wol oanhâlde. Mar wat de namme ek wurdt, wêrom soene wy gjin T-shirts en pinnen meitsje om him bekend te meitsjen? Wy binne net altyd deftich en serieus, popularisearje mei bêst.”

S. de V. [Sietse de Vries]

Boarne: Leeuwarder Courant [‘Freed’], 05-01-2007

FFU: Sjoch ek by “Brieven 2006, útgien”: 18-04-2006 > Provinsje: (1) De Fryske Akademy as sintrum foar minderheidstalen en (2) de gefaren dy’t Mercator rint. Twa mienskiplike brieven fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging oan de leden fan Deputearre en Provinsjale Steaten oer (1) de stagnearjende ûntwikkeling fan de Fryske Akademy as kennissintrum foar minderheidstalen en (2) it gefaar dat Mercator-Education (Ljouwert) rint om te ferdwinen.

Klik op: FFU-(1) Fryske Akademy kennissintrum minderheidstalen.pdf en FFU-(2) Mercator-Education.pdf

Sjoch ek by “Aktueel 2006”: 19-04-2006, FFU wil behoud Mercatorproject en 19-04-2006, FFU wil snel ombouw van Fryske Akademy.

<< Werom nei 'Poadium 2007'