Nei in Japanske en Ingelske no ek Nederlânske grammatika Frysk, 05-01-2007 (P-LC)

Grammatika is net saai
Grammatika dreech en saai? Foar Jan Popkema fan Burgum net. En neffens him soe dat foar oaren ek net wêze hoege. Trije en in heal jier nei syn ôfskie as learaar fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL) leit syn 378 siden tsjokke ‘Grammatika Fries’ yn ’e winkel.

Mear as tweintich jier wie Jan Popkema haad fan de learareoplieding Frysk oan de NHL. Fanwegen it ûntbrekken fan in behoarlik Frysk grammatikaboek, makke er it lesmateriaal foar syn studinten meast sels. Fryske grammatika’s wiene der wol yn it Japansk en it Ingelsk, mar net yn it Nederlânsk en it Frysk. Om’t er ek fan oaren geregeld hearde dat der ferlet wie fan sa’n grammatika, naam er him foar om der – sa gau’t er it oan tiid hie – sels ien te skriuwen.

Grammatika is foar de trochsneed taalbrûker synonym oan ûntleedzjen, foar de measte minsken net it skoalfak dêr’t se mei de measte niget oan weromtinke. Dat is spitich neffens Popkema, want grammatika is safolle mear. “It ûntleedzjen is mar in lyts ûnderdiel. It probleem is dat de learlingen noait dúdlik makke wurdt wat der efter it ûntleedzjen skûlet. Yn de sin ‘Jan skriuwt in boek’ is ‘Jan’ it ûnderwerp, ‘skriuwt’ it stelde (it gezegde) en ‘it boek’ it ‘saaklik foarwerp’ (lijdend voorwerp). Fat lêste ûntdekke jo troch te freegjen: ‘Wat skriuwt Jan?’”

Mar oer it betsjuttingsferbân tusken it ûnderwerp en it ‘lijdend voorwerp’ wurdt noait praat. It ‘lijdend voorwerp’ is dat wat resultearret út de beuzichheid fan it ûnderwerp. As jo de learling it wêrom dúdlik meitsje en ek dat it ûntleedzjen ûnderdiel is fan in grutter gehiel, dan is it folle better te pakken en te begripen.

In oar middel om grammatika populêrder te meitsjen yn it ûnderwiis is it ferlykjen fan talen.

It meitsjen fan Fryske wurdboeken en ensyklopedyen giet faak jierrenlange bestjoerlike tarieding oan foarôf, de ‘Grammatica Fries’ is in partikulier inisjatyf fan in learaar yn de vut. Hy hat net earst by alderhanne fûnsen oankloppe, hy is op in stuit gewoan út ein set. Doe’t er nei twa en in heal jier klear wie, hat er it foar publikaasje oanbean by de Fryske Akademy.

Simmer 2005 – it manuskript lei dêr noch – krige de Fryske Akademy fan útjouwerij Spectrum it fersyk om foar in rige basisgrammatika’s yn in oantal talen ek ien yn it Frysk te meitsjen. De Fryske Akademy ferwiisde Spectrum troch nei Jan Popkema. Dy hat de opdracht oannaam, de basisgrammatika is yn augustus 2006 útkommen. As gefolch dêrfan is no ek de folle wiidweidiger ‘Grammatica Fries’ yn de rige ‘Prisma taalbeheersing’ útjûn as in gearwurkingsproject fan Spectrum en de Fryske Akademy.

Dy gearwurking wie net de reden dat it boek yn it Nederlânsk ferskynt. Dêr hie Popkema sels al foar keazen, om’t er dêrmei in folle brede doelgroep berikt. “In soad byfakstudinten Fryske binne net Frysktalich. In Nederlânsktalich boek makket it foar sokken in stik makliker.”

Blêdzjend troch de beide grammatika’s falt op dat, hoe ticht oft beide talen ek by elkoar steane, der dúdlike ferskillen binne. In pear fan de meast opfallende binne dat it Frysk twa tiidwurdsútgongen telt (‘je’ en ‘e’), wylst it Nederlânsk mar ien hat: ‘en’. In oar ferskil is dat it mulwurd yn it Nederlânsk altyd mei ‘ge’ (gedaan) begjint en yn it Frysk (dien) noait. Fryske wurden begjinne soms mei trije of fjouwer bylûden/medeklinkers (tsjerke, strjitte), it Nederlânsk kin meastal mei ien of twa minder ta (kerk, straat).

Wat it tal lûden (klinkers) oanbelanget, heart it Nederlânsk by de middenmoat, it Frysk by de listoanfierders. Der binne talen dy’t amper fierder komme as i, oe en a, it Frysk komt op sa’n 35 lûden, it Nederlânsk moat it mei likernôch 20 dwaan.

Fan talen dy’t ieuwenlang mûnling oerlevere en pas let op skrift steld binne, wurdt sein dat dy minder oan regels bûn binne. Se jouwe de brûkers in gruttere frijheid bygelyks by de wurdfolchoarder. Neffens Popkema is dêr yn it Frysk net folle fan werom te finen. Ek in mûnling oerlevere taal hat syn regels en de feroaringen dêrfan ferrinne net oars as by in taal dy’t ek skriftlik oerlevere wurdt.

It binne benammen de foarm en de útspraak fan de wurden dy’t yn ’e rin fan de jierren feroarje, de syntaksis – de sinsopbou – bliuwt yn ’e regel wakker gelyk.Wat dat oanbelanget is de omkearing fan tiidwurden – ‘ik sil it dy litte sjen’ yn stee fan ‘ik sil it dy sjen litte’ -  sa’t dy him op ’t heden ûnder de jongerein foardocht, tige opmerklik. 

In oar ferskil tusken de beide talen is dat passive (‘lijdende’) sinnen en nominale konstruksjes (‘aan de belasting betaalde gelden’) yn it Frysk lang sa faak net foarkomme. In Fries praat fan ‘jild dat oan de belesting betelle is’. “Dat ferskil komt net om’t it Frysk mear frijheid tastiet as it Nederlânsk, mar om’t it skreaune Frysk better oanslút by de sprektaal.”

SIETSE DE VRIES

J. Popkema, Grammatica Fries, Het Spectrum/Fryske Akdemy, 378 siden, € 24,50.

Boarne: Leeuwarder Courant [‘Freed’], 05-01-2007

FFU: Us lokwinsken oan Popkema. It hat in heikerwei west om dat wichtige en mânske wurk gear te stallen.

Sjoch ek by ‘Aktueel 2006’: Desimber 2006, Nije Nederlânsktalige spraaklear fan it Frysk.

<< Werom nei 'Poadium 2007'