PIETER DE GROOT
DWERS
Wa’t fan jongs ôf oan fertroud makke wurdt mei twa talen, talen dy’t er deistich brûkt, dy sil beide talen better yn ’e macht ha as ien dy’t ientalich opbrocht wurdt. Dat hat ûndersyk allang wiidweidich oantoand, it is eins in te wide iepen doar om der no wer oer de begjinnen. Mar der fan dy ‘hardkuters’, sa’t Ljouwerters dat sa moai sizze, dy’t dat bestride as ien fan dy talen it Frysk is. Dan is it yn stee fan in pree ynienen in behindering om goed Hollânsk te learen. Dat it mei it Frysk op skoalle langer noch altyd in spultsjes fan kâlde fuotten is, hat ûnder oaren mei dy suver fijannige hâlding te krijen. As soe in lyts espeltsje djipfriezen syn wil oplizze wolle oan in mearderheid dy’t der gjin ferlet fan hat.
Dat preau ik ferline wike wer út in stikje op de opinyside, skreaun troch Dirk Huizinga, in managementadviseur (‘Rugzakje redt Friese taal niet’, LC 19-01). Lit ús de dingen mar nimme sa’t se binne, wol Huizinga ha. Maatskiplike ûntjouwingen ha har eigen dynamyk en dêryn is foar it Frysk “geen vanzelfsprekende plaats meer in het geweld van moderne ict en economische globalisering”. As soe dat plak der foar it Hollânsk noch wol wêze – mar dat fansiden.
Huizinga neamt fierdere yntinsivearring fan Frysk ûnderwiis “het trekken aan een dood paard”. Allinnich prinsipiële Friezen binne dêr neffens him foar, mar de measte Friezen binne no ienkear “pragmatisch-functioneel als het gaat om het gebruik van de Friese taal en gewoonten”. En dan komme syn retoaryske fragen: “Wat schieten zij op met extra taaloefeningen in het Fries? Wat hebben hun kinderen eraan? Alleen voor een ambtelijke functie bij een gemeente of de provincie is beheersing van het Fries functioneel. Maar verder? Is het voor de meeste kinderen in Friesland niet zinvoller om Engels als tweede taal te learen?” Hy hopet dat al dy pragmatysk-funksjonelen dat meistimme.
Sjoch, hjir dûkt er wer op, dy primêre tinkflater. It is kenlik in poepetoer om minsken dêrfan ôf te helpen. As se ien kear dy flater makke ha, liket der fierder gjin salve mear oan te striken. In prinsipiële diskusje hat gjin doel.
Mar, rju eale Huizinga, it Frysk hat in pragmatysk nut. Bern dy’t fan hûs út Frysktalich binne, leare it Hollânsk gauwernôch op ’e strjittte. De strjitte is machtiger as de húshâlding. Troch de breklike lespraktyk ha heit en mem it Frysk ek mear fan praten en harkjen as fan lêzen en skriuwen, en dus kreëarje de bern har eigen mingtaaltsje, it Frollânsk, dat faak mear Hollânsk is as Frysk. Mei dat brike taaltsje komme d measte bern yn de twatalige mienskippen op skoalle.
No kin men dêr twa tipen learkrêften treffe. De ûnderwizer dy’t de bern it Hollânsk - it Algemeen Beschaafd Nederlands - yndruie wol, en it near leit op alle frisismen dêr’t de mûltsjes fol fan binne. En dy’t dêrneist yn it ferplichte oerke Frysk wat Fryske ferskes mei harren sjongt, as suertsje by it Hollânsk boadskip. Of de master respektivelik juf dy’t de ko by de hoarnen pakt en harren beide talen leart. Dêrta moat dy learkrêft sels wol oer de bagaazje beskikke om de bern it ûnderskied leare te kinnen.Dat freget neist goed lesmateriaal yn de klas ek goede lesmetoaden op de pabo’s, dêr’t de learkrêften oplaat wurde.
Lytse mienskippen - de greiddoarpen bygelyks - binne foar it grutste part ientalich Frysk, dêr leare de bern it Hollânsk pas as se nei skoalle geane, al moat de ynfloed fan de tv net ûnderskat wurde mei programma’s as Sesamstraat en it Jeugdjournaal. Dêr kin Bear Boeloe net tsjinoan. Gruttere mienskippen binne twatalich Frysk-Hollânsk, lykas hjir boppe oantsjut, en mar yn in lytse minderheid fan mienskippen yn de stêden spilet it Frysk amper of gjin rol.
Foar it grutste part fan de skoallen is goed Frysk ûnderwiis alsa in betingst om ek goed Hollânsk te learen. Dat op in tal skoallen de bern in taalachterstân hawwe, komt dus net troch de Fryske les - ek al sa’n foaroardiel dêr’t troch ûndersyk allang mei ôfweefd is - , mar troch it ûntbrekken of heal ûnderwizen derfan. Wêr’t beide talen yn libben gebrûk binne, moatte se beide goed leard wurde. Op in tal skoallen stiet neist it Frysk en it Hollânsk ek it Ingelsk op it roaster, en dat docht foar de behearsking fan alle trije talen fertuten. Troch op foarhân de funksjonaliteit fan it Frysk te ûntkennen, docht Huizinga it bern tekoart en net allinnich it Frysk.
Sûnt koart is der noch in medysk argumint by kommen, dat makket dat Friezen har yn beide talen goed rêde kinne moatte. Undersikers fan de York University yn it Kanadeeske Toronto hawwe útfûn dat twataligen trochinoar fjouwer jier letter demint wurde as ientaligens. In betingst is wol dat minsken it grutste part fan har libben twa talen prate. Dat fergruttet de bloedtafier nei de harsens. Dêrtroch bliuwe de senuwferbiningen sûner, sadat de demintens letter taslacht. De Kanadeeske ûndersikers ûndersochten 184 âlderen mei tekenen fan demintens. By de proefpersoanen dy’t mar ien taal praten, waarden de earste symptomen trochinoar hinne nommen, by in leeftyd fan 71,4 jier sinjalearre, de twataligens krigen pas lêst by 75,5 jier. Dizze resultaten stiene okkerdeis yn it gesachhawwende wittenskiplik blêd New Scientist.
Sa ha jo der yn Fryslân dus twa kear profyt fan dat jo sawol it Frysk as it Hollânsk yn ’e macht ha. Oan it begjin en oan ’e ein fan jo libben. No jo wer, Huizinga.
Boarne: Leeuwarder Courant, 16-01-2007
FFU: Sjoch ek by ‘Poadium 2007’, Rugzakje redt Friese taal niet 19-01-2007 (P/SB/LC) [Dirk Huizinga, ‘Te Gast’] en 25-01-2007 (P/LC), Fiersichten: Recept voor het behoud van de Friese taal [Pieter de Groot, ‘DWERS’].
It is net te hoopjen foar Huizinga, dat er as ientalige al lêst hat fan boppeneamde ferâlderingsferskynsels. Hied der no mar op ’e tiid it Frysk derby leard en geregeld brûkt. Dan hied er grif ek net sa’n leechlizzend stikje skreaun.