Om de Fryske taal yn stân te hâlden, wurdt d’r fan alles yn it libben roppen. Dêr is neat mis mei, mar it soe noch mear helpe as eltse Fries him ek noch oan de Fryske taal hâlde soe. In oprjochte Fries soe werkenber wêze moatte troch it brûken fan it Frysk. Mar der binne neffens my mar in bytsje dy’t de rêch rjochthâlde. Wêr’t jo jo ek befine, as oan meidogge, sa gau as der mar ien Hollânsk wurd brûkt wurdt, binne in protte daliks ree om dêr yn mei te gean. Ek as oaren it Frysk wol fersteane.
No wol de gemeente Dantumadiel it besykje mei plaknammebuorden yn it Frysk, in nobel stribjen, mar is it net weismiten jild? Ik hoopje, en wis mei my ek oaren, fan net. Minsken, bliuw oprjocht en hâld ús Fryske taal heech.
Burgum, Jac. van der Wal
Boarne: Leeuwarder Courant, 07-02-2007 [ynstjoerd]