Ferlet fan fisy op de takomst fan Fryslân, 12-02-2007 (P-LC)

Fryslân as ienheid liket yn rap tempo ûntmantele te wurden.

TEAKE OPPEWAL en PIET HEMMINGA
Bestjoersleden Keninklik Frysk Genoatskip

Fryslân is de ôfrûne fyftich jier hurd feroare. Mei fan de wichtichste feroaring is wol dat de eardere ienheid wat langer wat mear ynlevere is foar in opgean yn grutter ferbannen. Dy skaalfergrutting bliuwt net sûnder gefolgen, sels sadanich dat de fraach steld wurde kin oft Fryslân op termyn wol oerein bliuwe sil.

Fryslân liket wat langer wat mear fan binnenút ôf te broazeljen. En dan giet it net allinne om it oansjen fan de provinsje of it brûken fan it Frysk, mar yn de grûn hawwe wy it oer syn hiele bestean.

Sa hat in trochgeande skaalfergrutting derfoar soarge dat mei Fryslân fan âlds nau ferbûne organisaasjes ferdwine of al langer ferdwûn binne. Provinsjale boere-organisaasjes as CAF, Friesche Mij, Boereboekhâlding, Stamboek en Sûnenstsjinst foar Fee binne al lang ferdwûn.

Ûnderwiisbegelieding of ûnderskate dekonsintrearre tsjinsten lykas Rykswettersteat, Steatsboskbehear, Ûnderwiisynspeksje en Ynspeksje Folkssûnens wurkje net langer op Fryske skaal. It Noardlik Filharmoanysk Orkest is yn it plak fan it eardere Frysk Orkest kommen en it Frysk Filmfestival is al wer jierren it Noardlik Filmfestival. En krektlyn waard dúdlik dat fan de Ljouwerter Keamer fan Keaphannel meikoarten direksje en stêf nei Grins ferhúzje.

Dyselde skaalfergrutting hat begjin jierren tachtich foar in gemeentlike weryndieling soarge, dy’t foar in part in ein makke hat oan de eardere ieuwenâlde gemeentlike grinzen. Dy weryndieling hat doe gjin gefolgen hân foar wurk en plak fan it provinsjaal bestjoer, mar dat sil by in folgjende weryndieling grif net sa bliuwe. By in nije weryndieling hoecht it jin net langer te ferwûnderjen as de provinsjegrinzen yn diskusje komme. Lykas no ek al bart fanwegen de plannen foar ien grutte Rânestêdprovinsje. In opdoeken fan de provinsje soe fan Fryslân trouwens de nije Achterhoeke meitsje.

Der kin in soad fan sein wurde, mar it is yn alle gefallen dúdlik dat de skaalfergrutting net werom te draaien falt. Dy skaalfergruttings soarget der, mei tank oan kompjûter, auto en sneldyk, ek mei foar dat praat wurde kin fan in tanimmend absinteisme fan Fryske bestjoerders.

It giet yn dat gefal om topminsken fan banken en fersekerings, gruttere ûnderwiis- en kulturele ynstellings en bygelyks de plysje. De lju wenje wat langer wat minder yn Fryslân, om’t de foarkar jûn wurdt oan in deistich op en del reizgjen tusken it wenplak bûten en it wurkplak yn Fryslân.

Ien fan de gefolgen fan sok dwaan is dat dy minsken net yntegrearje yn de Fryske rûnten en netwurken. Men sjocht har net yn Harmonie of Lawei, fan de Ljouwerter of Snitser Rotary hawwe se gjin ferlet, de bern sitte net op skoalle yn Fryslân, en in persoanlik abonnemint op de provinsjale krante is net nedich.

Foar sokken bliuwt it Fryske belang frjemd, wylst se wol mei beslute oer wat der yn en mei Fryslân bart. Wêrom soene sokke heale bûtensteanders easkje dat by in fúzje it haadkantoar yn Ljouwert bliuwt of komt? Wat soe der winliken tsjin wêze op ien provinsje foar it Noarden? En wêrom lid wurde fan it Frysk Genoatskip?

Foar dyjingen dy’t hjir al wat langer wenje en arbeidzje, dy’t wat mei Fryslân hawwe en op hawwe, is it suver pynlik om te sjen hoe’t Fryslân as ienheid yn rap tempo ûntmantele liket te wurden.

En is der immen dy’t der wat tsjin docht? Hat immen yn de provinsjale Fryske Fiersichten in snoade tsjinaksje útsteld? Wat docht it provinsjaal bestjoer feitlik om de eroazje fan Fryslân tsjin te gean? In sintrale as of noch in akwadukt derby, lykje net echt te helpen. En in nij Frysk Museum wurdt om in hiel oare reden realisearre.

De skaalfergrutting, en dêrmei it bestean fan Fryslân, ferget neffens ús in brede en gearhingjende fisy op de takomst fan Fryslân. Mei de Steateferkiezings kommende moanne is it de heechste tiid dat ûnder mear de politike partijen dúdlik meitsje wat har fisy op de takomst is. En dan moat it om mear gean as it neamen fan it oparbeidzjen yn it Noarden dat treflik wêze soe. Yn wêzen giet it om it fûnemint ûnder de nijbou fan it provinsjehûs.

Boarne: Leeuwarder Courant, 12-02-2007 [staverings- en taalflaters ferbettere, FFU]

FFU: In reakjes fan haadredakteur Rimmer Mulder hat yn de Leeuwarder Courant fan 15-02-2007 stien en ek hawwe de PvdA-politisy Anita Andriesen, Bertus Mulder en Jannewietske de Vries yn in TE GAST-stik (LC, 20-02-2007) kommentaar jûn. It haadartikel fan Rimmer Mulder litte wy hjirûnder folgje.

Kan Friesland echt verdwijnen?

Friesland verdwijnt langzaam als zelfstandige eenheid en gaat op in een groter verband.

Dat voorspelden Pier Hemminga en Teake Oppewal maandag op de opiniepagina van deze krant. Een deel van de mensen tot wie zij zich richten heeft het Friestalige artikel vast niet gelezen. Dat zijn de bestuurders en functionarissen die op belangrijke posities in Friesland zitten, maar hier niet wonen. Dat komt steeds vaker voor en beide auteurs vinden dit kwalijk. Mensen die hier niet wonen, wortelen hier ook niet en zullen het Friese belang nooit met hart en ziel verdedigen.

Dat pendelen tussen de werkplek hier en de woonplaats elders is een gevolg van fundamentele ontwikkelingen die nog bedreigender is [zijn?]. Het sleutelwoord is schaalvergroting. Daar heeft Friesland al jaren last van. In het bedrijfsleven zijn wij er al lang aan gewend dat bedrijven die hier hun oorsprong hebben, ‘filiaal’ zijn geworden van grote ketens en ondernemingen met het hoofdkantoor ver weg.

Bij de overheid is dat proces nog in volle gang. Regionale rijksdiensten worden samengevoegde. Justitie en de rechterlijke macht bundelen specialisten op één plaats. Als overheidstaken worden afgestoten, gaan ze meestal naar organisaties die geen boodschap hebben aan provinciale grenzen. Het vertrouwde provinciaal energiebedrijf verdween in het grote Nuon, en zelfs dat is nog te klein.

Bij al deze taken trekt Friesland vaak aan het kortste eind. Hoofdstad Leeuwarden ligt verder van hert centrum dan Zwolle en is een hele slag kleiner dan Groningen. De provincie heeft met rond 650.000 inwoners zelf te weinig massa. Doordat hier steeds minder topbestuurders zitten (en wonen) krijgt Friesland steeds minder in de melk te brokkelen bij strategische beslissingen.

Is er iemand die er wat tegen doet? Hemminga en Oppewal stellen de vraag bijna als een verwijt. Maar wie in Friesland valt hier iets te verwijten?

Het massale autobezit, het uitgebreide wegennet, het snelle dataverkeer en de nieuwe media veranderen het leven in de Friese dorpen en steden onomkeerbaar. Wat er van Friesland en de Friese identiteit overblijft, hangt vooral af van de mensen die er wonen. Heeft het Fries-eigene in hun beleving nog betekenis? Hemminga en Oppewal hebben gelijk dat we daar wel eens wat langer bij stil mogen staan. Anders is Friesland als herkenbare eenheid straks zo maar verdwenen. Het kan echt.
M.

Boarne: Leeuwader Courant, 15-02-2007

<< Werom nei 'Poadium 2007'