Troch Louis Westhof
LJOUWERT - Under de 930 minsken dy’t yn tsjinst binne fan de provinsje Fryslân is der gjin twadde as Joop Oostra. De 55-jierrige Ljouwerter is de iennige oersetter. Doe’t er yn 2003 mei dat wurk begûn, hie de provinsje it jierren sûnder dien. Yn dy perioade waard it oersetwurk foar it grutste part útbestege. Dêr is net mei sein dat Oostra no alles wat de provinsje yn it Frysk de doar út docht, foar syn rekken nimt. “It ynterne belied is derop rjochte dat hieltyd mear meiwurkers yn it Frysk skriuwe.” Alderhanne teksten haw ik fan it Nederlânsk yn it Frysk oersetten. Parseberjochten, rapporten, notysjes, brieven, enkêten, taspraken, meidielings, folders, brosjueren, advertinsjes foar fakatueren, formulieren, oarkonden en sa kin ik noch wol efkes trochgean.” De lêste oardel jier is it oersetten wat minder wurden, ûnder oaren troch rsi-klachten, al rûzet Oostra it noch altiten op 50 oant 60 persint fan syn deistich wurk.
“It is de bedoeling dat de klam no mear op de taalstipe komt te lizzen. “Dêrby giet it ûnder oaren om korreksjewurk foar minsken dy’t it Frysk net genôch ûnder de slach hawwe. “Sy hawwe te min betrouwen yn de kwaliteit fan harren teksten om dy samar de doar út te stjoeren, dus sûnder dat ik it oereide haw. Oanslutend dêrop krij ik hieltyd mear taalfragen, bygelyks oer wurdskat, sinkonstruksjes en grammatika.”
Wat Oostra yn dy goed fjouwer jier opfallen is, is dat it wurdboek en oare neislachwurken in soad lekken en brekken hawwe. Mei help fan de Nederlânske trijedielige Van Dale siket er synonimen en komt der hast altyd wol út. “Ik set sa min mooglik ien op ien oer, dus net stiif mar linich. En ik besykje de foar in part al net mear bekende, mar wol besteande rike Fryske wurdskat te brûken.”
In wurd as ‘beliedsmonitoring’ wurdt by Oostra ‘beliedseffektmjitting’, wat nei syn betinken folle better dúdlik makket wat der barre sil. ‘Quick scan’, dat sa njonkelytsen ek al hiel gewoan is yn amtlike rapporten en notysjes, wurdt ‘fluchhifking’. En sa’n ferskriklik wurd as ‘implementeren’ wurdt by Oostra net ‘ymplemintearje’, lykas it boekje ‘Frysk yn it offisjele ferkear’ wol, mar ‘ynpasse’.
In wichtige rol by it skriuwen fan it Frysk troch provinsjale amtners spylje de saneamde taalomtinkers. Mei harren hat Oostra no folle mear kontakt om harren aktiviteiten te hifkjen. “Taalomtinkers - it binne der [‘der’ is in syntaktyske ynterferinsje en moat der út, FFU] sa’n 65, ferspraat oer de ferskate ôfdielings - skriuwe sels safolle mooglik Frysk. Tagelyk trune sy ek oaren oan om it Frysk te brûken.”
Oostra stelt him wat hoeden op as it mei it Frysk om ‘moatten’ giet, seit er. “Oars geane de hakken al gau yn it sân. It moat, en de praktyk hat dat ek útwiisd, wat boartlik brocht wurde. Net tefolle, net te yngeand, it moat gjin plicht wêze.”
Sels praat er noch aardich wat Nederlânsk. “Foar my hat de kommunikaasje wol in foaroanplak, dus besykje ik it boadskip sa dúdlik mooglik oer te bringen. Yn guon gefallen bou ik it Nederlânsk om yn begryplike sinnen en meitsje der dan earst goed rinnend en geef Frysk fan.” Op de wurkflier waard en wurdt in hiel soad Frysk praat, seit Oostra. “Mar de hegerein mei it Frysk om my noch wol wat mear útdrage.”
Oostra syn sterke kanten lizze op it mêd fan de taal sels. “Mei it taalbelied fan de provinsje bin ik minder dwaande. Dêr hat de provinsje trouwens ek in meiwurker foar yn tsjinst. En der bestiet ek noch in projektgroep foar it ynterne Fryske-taalbelied.”
In fearn fan de stikken Frysktalich
De provinsje spilet in sintrale rol yn it behâld en it fersterkjen fan it Frysk. Sa wurdt der nei sjoen troch Europa, it Ryk, de gemeenten èn de boarger. De provinsje hat in foarbyldfunksje en is taalbringer. Dochs is it in grut fersin dat de provinsje alles yn it Frysk docht. It hjoeddeistige belied wol hawwe dat yn 2008 in fearn (dat is 25 persint) fan de stikken yn Provinsjale Steaten Frysktalich is. Der is noch in lange wei te gean om dat sifer te heljen, want no leit it persintaazje noch ûnder de tsien.
Fan alle meiwurkers jout 31 persint oan tige goed Frysk skriuwe te kinnen. Oersetter en taalstiper Joop Oostra rûzet it lykwols “op syn meast op 5 persint”. Mei acht gemeenten binne ôfspraken om mear of sels folslein yn it Frysk te briefkjen: Boarnsterhim, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Littenseradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Tytsjerksteradiel en Wymbritseradiel.
Yn 2004 diene 94 meiwurkers fan de provinsje in Afûk-kursus, yn 2005 wiene it 63. Eltsenien wurdt frege om it Frysk op syn minst passyf te behearskjen. Nije meiwurkers dy’t fan bûten Fryslân komme, krije twa jier de tiid om har it Frysk yn passive sin eigen te meitsjen. Se moatte yn alle gefallen posityf tsjin it Frysk oer stean.
Boarne: Leeuwarder Courant, 13-02-2007 [in stikmannich staverings- en taalflaters hawwe wy ferbettere, FFU]