Bertus Postma: Oan de Ried fan de gemeente Menameradiel, 15-02-2007 (P-LF)

Bitgummole, 15-02-2007

Achtbere rie,

Lang ferlyn binne ús eigen, eigentalige, doarpsnammen ûntstien. Neitiid waarden de meast op heech bestel ferhollânske. En wylst de nije, neimakke, nammen de offisjele status krigen, waarden de oarspronklike nei weinhok of bûthús ferballe. De lêste tiden komme guon wer foar it ljocht.) Fan ´ferfryskjen´fan de Hollânske  nammen is sadwaande gjin sprake.) in  folk hat ommers rjocht op syn eigentalige nammen foar l6an en wetter, foar doarp en stêd.

By myn witten is hjir foar it earst op 12 oktober 1994 oer ‘Menaam’ en ‘Berltsum’ en sa praat. It wie, leau ’k, de earste kommisjegearkomste dêr’t de gloednije boargemaster yn foarsittere. CDA en PvdA wiene der net op tsjin, mar likegoed gie it feest fan ‘Bitgum’ en ‘Skingen’ en sa, net troch.

Yn 1997 wie der wat feroare. Easterein wie wer ‘Easterein’ wurden en Lytsewierrum wer ‘Lytsewierrum’, en sa, en ús lân wie wer ‘F ryslân’. ‘Mis is wer’, tocht ik op 17 april 1997, diskears sil de rie wol de bekearing krije. Heden noch ta!. Der waard fuort stimd om net iens oer ‘Dronryp’ en ‘Bitgummole’ en sa, te praten. Ik sjoch no noch de PvdA-fraksje te sitten: wakker teloarsteld, suver yn ’e skroeven. It wie dus twaris mis, mar wie trije kear gjin skippersrjocht?

‘Birgummole’ neamden de bewenners har útbuorren, doe’t de Menamer rie dy de doarpsstatus joech en de namme dêrfan sûnder oerlis yn ‘Beetgumermolen’ feroare. It fersyk fan 24 septimber 1962 fan de KFS-krite ‘Karel Roarda’ om de eigen nammen ‘Bitgummole’ oan te hâlden, waard foar net mear as kundskip oannommen. 1

Yn de gearkomste fan Pleatslik Belang fan 11 maart 2004 - dêr’t it hiele doarp ta noege wie - woe likernôch in twatredde de eigen doarpsnamme werom hawwe. In wike letter fregen bestjoer en leden de rie om ‘prikken yn it wurk te stellen om de offisjele plaknamme yn Bitgummole te feroarjen’. De rie wie der glêd mei oan en frege it kolleezje om goedrie. B. en W. kamen dêrmei yn de riedskommisje fan 1 juny 2004. De kommisje woe nul en neat witte fan in soarte fan ‘Wiedergutmachung’ fan it ‘Beetgumermolen-beslút’ út de sechstiger jierren en fan it rjocht fan in doarpsmienskip op syn eigen doarpsnamme. Dat wie trijeris mis, mar de oanhâlder wint, de fisk fangt men oan de ein fan de fûke.

No, nei de Van Delft-Jaasma/Pen-VanBooma-oerienkomst, leit it lân alhiel oars en waait de wyn út in hiel oare hoeke: Schatzenburg liket my gjin stroffelstien mear ta yn de saak fan ‘Bitgummole-Beetgumermolen-Bitgummole’. No kin de rie in ein breidzje oan ús libjen mei in ferkearde doarpsnamme.

Soe ‘Bitgummole’ om ’e sinten oergean moatte? It is neat net bûtengewoan, dat boargemasters/kolleezjes saken (fiersten) te heech begrutsje, as se der nul en neat fan witte wolle, en oare te leech, as dy har wakker oansteane. No bestiet der in ‘Topgrafyske Wurkgroep Fryslân’, mei gâns ferstân en ûnderfining mei de oergong fan noch besteande, neimakke, doarpsnammen nei de eigen, oarspronklike. It liket my net ûnferstannich ta, dat it kolleezje mei dy wurkgroep praat, eardat it mei syn roaiïng yn de rie komt. 2

Op oanstean fan de Twiebaksmerk wurde op 15 maart de Hollânske wetternammen ôfskaft. Op 30 jannewaris frege in FNP’er yn de Damwâldster riedsseale, wat it prinsipiële ûnderskie tusken oan de iene kant eigentalige lâns-, gemeente-, strjit- en wetternammen en, oan de oare kant, eigentalige plaknammen. Sok in ûnderskie wie der net, wie it beskie. Mar dan past ‘Bitgumerdyk’ (3 kear yn de gemeente) en ‘Bitgumer Feart’ gjin ‘Beetgum(ermolen)’. Lit ús dan begjin meitsje mei ‘Bitgummole’.
____________________
1 Hoe gie soks yndertiid yn oare gemeenten?
- Yn july 1950 naam de Sweachster rie it beslút om Nij Beets offisjeel ek ‘Nij Beets’ te neamen, wylst b. en w. ‘Nieuw Beets’ útsteld hiene.
- Yn novimber-desimber 1950 stelde de rie fan Doanjewerstal de namme ‘Koufurderrige’ fêst.
- Yn juny-july 1958 waard De Tieke offisjeel ‘De Tike’.
- Yn, leau ’k , 1989 waard Jonkersland ‘Jonkerslân’. Mei dy foarbylden is wol bewiisd, dat net alle doarpen yn in gemeente tagelyk har eigen namme hoege te krijen.
2 Ramingen fan ús gemeenten:
- Neffens mr. Sybesma soene dûbeltalige plaknammebuorden yn Dongeradiel op 200.000 gûne komme (Frysk Deiblêd, 13 maart 1996). De werklike kosten wiene noch gjin 30.000 gûne. 
- De Ferwerter boargemaster Geersing rûsde yn it begjin fan de njoggentiger jierren de namme-operaasje op in 170.000 oant 200.000 gûne. It kolleezje kaam yn july 1998 op 106.350 gûne.
- It Stienzer kolleezje-Vroegindeweij rûsde ‘Feinsum’, ‘Aldeleie’ en ‘Koarnjum’ op mear as 100.000 gûne, en dat foar 7 letters.
- It kolleezje-Piersma fan Wûnseradiel begrutte yn septimber 1999 de omneaming fan 19 doarpen op 350.000 gûne. Der stiene 952 frou-/manoeren foar fan 125 gûne de oere. Oan dat bedrach kaam de kommissaris net iens ta.
- It Ljouwerter kolleezje-Dales berekkene yn febrewaris 2006 de kosten fan Wurdum, Himpens/Tearns en Snakkerbuorren op 50.000 euro, dat is op € 10.000 de letter.
- It kolleezje-Aalbers fan Dantumadiel kaam op 6 novimber 2006 út op € 165.000 foar de omneaming fan 10 doarpen, en op 80.000 euro as de kombuorden stean bliuwe soene. De Ljouwerter b. en w. binne fan de Topografyske Wurkgroep op ’e fingers tikke. Ut in brief fan de rie fan 20 july 2006: ‘dizze Wurkgroep sil adviseare oer dizze saak’. Dyselde Wurkgroep hat de foarnaamste Damwâldster riedsfraksjes sa fier, dat de operaasje-sûnder-kombuorden op noch gjin € 10.000 komme sil.

Boarne: Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVI, nû. 2, juny 2007, s. 30-31.

<< Werom nei 'Poadium 2007'