Fryslân is te lyts (2), 16-02-2007 (P-LC)

PIETER DE GROOT
DWERS

Rûnom dûkt dat kollumke tsjin it Frysk op dat Ronald Plasterk no hast sân jier ferlyn útsprutsen hat yn it tv-programma Buitenhof. Dat sa’n kletsmajoar  minister fan ûnderwiis wurdt, foar de PvdA noch wol, dat skreaut oan de protters, is de klacht. Dy sil gjin poat útstekke foar it ûnderwiis yn de Fryske taal en dêr komt noch by dat er ek de kultuer, de wittenskip en de media yn syn portefeuille hat, dat de Fryske skriuwers binne spoekbenaud dat it fûns foar de letteren har aanst foarbypartet. Tryater liket de kommende jierren op in houtsje bite te moatten, de Fryske Akademy sit yn tûzen noeden en de Omrop hoecht likemin te rekkenjen op mear jild, as se der dochs allinnich mar mear fan itselde meitsje, foaral surrogaat sjippesearjes.

De redaksje fan dizze krante hat Plasterk útnoege om te fertellen wat er no echt tinkt, want dy kollumkes binne gauris opstigings fan ien dei, se moatte de harkers/lêzers wat opskerpje, en dat er yn syn langjierrich kollumnistebestean noch mar ien kear it Frysk op it harspit nommen hat, wiist derop dat it him fierder kâld lit. Syn driuwfear hat dy iene kear irony west, en gjin argewaasje, lykas by de oare yntellektueel, de nearlandikus professor Hans van den Bergh, dy’t in soarte fan krústocht tsjin it Frysk begûn wie, oant er op in jûn yn Frjentsjer it lid op ’e noas krige. De redaksje fan dizze krante, dy’t de jûn organisearre hie, krige doe fan him it ferwyt dat er mei opsetsin yn it hol fan de liuwe lokke wie. Fan Van den Bergh is sûnt neat mear fernommen.

Plasterk hearde ik juster yn it NOS Journaal sizzen dat er de rol fan de taskôger, dy’t de dieden  fan de spilers op it fjild kritisearret, ôflizze moat. Hy is no sels spiler wurden, dy’t him oan de regels, lês de wet, hâlde moat. Paul Witteman seit tsjin de Volkskrant dat er “een tomeloze bewonderaar” fan Plasterk is (hy hat him by Buitenhof jierrenlang meimakke): “Het is een briljante man, die eerst tien mensen om hun mening vraagt, dan zijn eigen mening vormt en die vervolgens pal overeind houdt.” It is dus saak dat de Fryske bestjoerder dy’t nei 7 maart de belangen fan it Frysk yn it ûnderwiis en fan de Fryske kultuer behertigje moat, safolle gesach opboud, dat syn of har miening troch de nije minister achtslein en earnstich nommen wurdt.

De kâns dêrop is it grutst as de ûnderwiis- en kultuerportefeuille no ek wer yn hannen komt fan in PvdA’er, Jannewietske de Vries foar ’t neist, de nûmer 2 fan de list. Foar it gesach en it ûnderlinge fertrouwen is de gemy tusken de partijgenoaten fan wêzensbelang. As it de FNP slagje mocht om foar it earst op it plús te kommen - wat ik har fansels fan herten gun -, dan moat se dizze beker dus mar foarbygean litte. Oanfierder Johannes Kramer hat Plasterk juster fuort ‘de maat’ nommen, hy sjocht it op foarhân in gat yn ’e kop. Plasterk fan syn kant, haw ik it op, hat de FNP op in pypfol, in steltsjes Frysk-ekstremisten dat út romantyske-hobbyistyske motiven it Frysk rûnom ynfiere wol.

Sokke foaroardielen oer en wer sjit nimmen wat mei op. Wy hawwe it noch net sa lang lyn meimakke hoe’t de top fan de Koninklijke Nederlandse Academie voor Wetenschappen in skalk each hie op Fryske bewegers. Dy fierden sa fûleindich aksje foar de op non-aktyf stelde direkteur fan de Fryske Akademy, dat se yn Amsterdam suver de yndruk krigen dat de Akademy in bewegingsbolwurk wie yn stee fan in ûnôfhinklik wittenskipsynstitút. Dy aksje, út noed foar it Frysk-eigene ûntstien, die gjin fertuten, krekt oarsom.

Oer dat Frysk-eigene praat. Piet Hemminga, dy’t dit min yn in definysje te heinen begryp al ris yngeand analysearre hat, en Teake Oppewal fregen dizze wike yn in stik op de opinyside (LC 12-2) omtinken foar de ‘eroazje fan Fryslân’ as gefolch fan in net te kearen skaalfergrutting en it gemak dat dêrmei anneks is om hjir topminsken te droppen dy’t tusken 9 en 17 oere op syn geunstichst, oer ús kedize en dan wer op hûs yn ’e rânestêd ta sette. Se reitsje hjir nea eigen mei de kultuer en jouwe har net by de rûnten dy’t der foar de eigen ynwenners ta dogge, leare dy sa ek net kennen en bliuwe foar de Friezen poerfrjemden. (Frjemden wâdzje ús ikkers oer, om in rigel út in striidfers fan Fedde Schurer oan te heljen). Dat is yndied de priis foar dy skaalfergrutting; it is fergriemen fan enerzjy om dy noch keare te wollen en fêst te hâlden oan it âlde bewende.

Der is, stim ik Hemminga en Oppewal mei, yndied ferlet fan in nije fisy op de takomst fan Fryslân. Dy fisy sil net te benypt wêze moatte. Ik bliuw by myn waarnimming fan fjirtjin dagen ferlyn. Fryslân wurdt te lyts foar in effisjint, slachfeardich bestjoer. De gemeenten yn Noardeast-Fryslân sjogge no sels yn dat it net genôch is om mei elkoar op te arbeidzjen, mar dat allinnich in fúzje de takomst treast wêze kin. En as der ien skiep oer de daam is, folget de rest ek wol.

Sa is úteinlik ek it Samenwerkingsverband Noord-Nederland in tuskenfaze nei in bestjoerlike ienwurding. Dat te bepleitsjen is, sa koart foar de Steateferkiezings, foar de measte partijen nea liker as flokke yn ’e tsjerke. Mar der sil gjin ûntkommen oan wêze, en as it safier is, dan wol nimmen noch oars. Dan binne we ôf fan al dy ynterprovinsjale kribbekeurichheden tusken Friezen, Grinslanners en Drinten dy’t in heech folkloristysk gehalte hawwe, kin der besunige wurde op oerstallige bestjoerders lykas de relikten út in regintetiidrek dy’t noch hieltyd cdk’s hjitte en ûntsteane der oare, iepener ferhâldings.

Dat alles hoecht gjin oanslach op de eigen identiteit te wêzen fan de trije provinsjes, dêr kin sels mear each foar ûntstean, en oer en wer mear begryp. Dat moat nammers ek de útkomst wêze fan de gearfoeging fan de Friese Pers en de Grinzer Hazewinkel Pers ta ien NDC Mediagroep. Om yn de wieling fan de tiid better as foarhinne op syn minst twa deiblêden mei alk in eigen identiteit oerein te hâlden.

Boarne: Leeuwarder Courant, 16-02-2007

FFU: Sjoch foar de oanbelangjende kollum fan Plasterk by ‘Poadium 2007’: Nieuwe onderwijsminister: Fries als taal een sprookje, 15-02-2007 (P-LC) en it stik fan Hemminga en Oppewal by ek ‘Poadium 2007’: Ferlet fan fisy op de takomst fan Fryslân, 12-02-2007 (P-LC).

<< Werom nei 'Poadium 2007'