Taalefterstân, 16-02-2007 (P-LC)

Alle dagen heart en lêst men oer it ûnderwiis yn Fryslân. Dat is striemin. Yndertiid learden jo noch wat op skoalle, doe wist in meester [‘meester’] noch wat, der wie oarder! It is praat fan justjes âldere minsken. Al te flot en al te maklik ropt eltsenien itselde. Guon hawwe in knap stik bôle fan al dy ûndersiken nei de kwaliteit fan it ûnderwiis yn Fryslân. Dat ûnderwiis koe better, dat stiet yn elk rapport krekt en gelyk. En sis ris dat it net wier is.

Psychologysik is it sizzen dat it ûnderwiis, ja alles earder better wie, skoan te ferklearjen. Froeger [foarhinne] wie men ommers sels jonger, flugger, tûker en om’t in mins no ienris de wrâld neffens himsels ôfmjit, is it dúdlik. Mei’t men minder op ’e gong is, net alles mear ûnthâlde kin, is àlles minder as earder.

Foar de opfettings oer de kwaliteit fan it Frysk – what ever that may be – is it fan ’t selde. Earder praten de lju better Frysk en as de sifers net oarsom wiisden dan waard sûnder euvelmoed oannommen dat earder elkenien Frysk skriuwe koe en dat ek wier alle dagen die.

It slimste, en gauris wurdt suggerearre dat dat de oarsaak fan alle ellinde is, skynt de taalefterstân fan de bern te wêzen. Bern fan net-westerske allochtoane âlden (dêr binne se wer) en leech-sosjale húshâldings (ek sa’n oantsjutting wurdt wer brûkt) krije ûnfoldwaande taaloanbod en reitsje efterop. Dat kin sa slim wêze dat se it nea wer ynhelje of byspikerje kinne. Oant no ta bliuwe Frysktalige húshâldings noch krekt bûten skot, mar it duorret net lang mear, dan wurdt earst foarsichtich suggerearre, dêrnei wat minder hoeden op wittenskiplike kongressen útsprutsen en by einsluten yn de media mei dolby surround oer de buorren raasd, dat men jins bern te koart docht en praat Frysk yn ’e hûs.

Jierrenlang hawwe Frysksinnige lju mei iisberchmodellen it folk útlein dat it opgroeien mei mear talen grutte foardielen biedt. It bern soe letter folle makliker mei taal en ek mei frjemde talen omgean kinne. Ik wit net oft der wat de kombinaasje Frysk-Nederlânsk oangiet, ûndersiken besteane dy’t dêr in bewiis fan leverje. Men soe sizze, dat soe hast kinne moatte en oars moast der mar sa’n ûndersyk komme.

De maatskiplike reaksjes op sa’n rapport wit men oars yn ’t foar. As in bewiis dat twataligens better is, net dúdlik te leverjen falt en soks is dreech, dan is it helder. Underwiis yn it Frysk is dan tiidfergriemen. En soe der al in bewiis komme, dan is it ûndersyk net betrouber en moatte bûtensteanders it mar ris oer dwaan.

Mei it begryp taalefterstân is noch wat slimmers te rêden. As men taalefterstân hat, hâldt soks yn dat in oar jin foar is. Men kin ek likegoed sizze dat dy Hollânske bern mei de mûle yn beide hannen in taalfoarsprong hawwe. Yn dat lêste gefal is it bern út de Fryske, frjemdtalige of earme húshâlding it referinsjepunt. It brûken fan it wurd taalefterstân ymplisearret dat it Rânestêdhollânsk de noarm is. Wa’t net in kiel-r brûkt, wa’t de n oan de ein fan wurden útsprekt en wa’t net wurden as cool, chille, doekoe en sa brûkt, dy hat in taalefterstân. Mien net dat de lju út de Rânestêd ús soks bewust taskriuwe. Friezen fine dat sels ek. Psychologysk is dat goed te ferklearjen. Alles – ek yn it regearakkoart – draait ommers om de Rânestêd, de motor fan de ekonomy, it gebiet dêr’t ‘ús’ mainports lizze, dêr’t de heechste leanen bard wurde.

Ferline wike waard ik kjel fan de útspraken fan in Fryske ûnderwiismanager yn it NOS-sjoernaal. Hy sei noch krekt net dat de taalefterstân fan Fryske berntsjes troch it Frysk kaam, mar sei al dat der te uzes tsjin bern net safolle praat waard. Dat deistich praat der gauris by bleau.

Ik koe dat wol. Ôfwaaid en ûnnoazel praat hawwe in protte húshâldings it mier oan.  “Ast neat te melden hast, kinst dy better stil hâlde!” Guon bern sille der autistyske trekjes fan oerholden ha. Deselden en ek oaren hawwe harkjen leard. Hawwe jo dan in efterstân op minsken dy’t sûnder neitinken wat roppe en miene dat alles dat har ta de mûle útkomt, it evangeelje is?

Myn frou har pake moast yndertiid nei fjouwer jier riedslidmaatskip yn Snits mar net wer op de list fan de CHU: Jou sêge hast niks, Oppenhuzen. Dêr hwewwe we niks an. Hy swei, fansels, knikte fol begryp en spriek: Alles wat je sêge, mut je ok mar waarmake.

KAREL F. GILDEMACHER

Boarne: Leeuwarder Courant [‘FREED’], 16-02-2007 [inkelde flaters ferbettere, FFU]

<< Werom nei 'Poadium 2007'