We sille wol net mear oan dy kanon ûntkomme kinne, jannewaris 2007 (P-DM)

KERST HUISMAN
It is aardich dat Geart de Vries omtinken jûn hat aan de ‘kanon’ fan de Fryske skiednis. Mar wêrom moatte no krekt in oprop yn de Ljouwerter Krante en in healwiis en ûnberoaid stik fan Huub Mous1 de oanlieding wêze? Der is ommers al hast twa jier in diskusje geande oer de Fryske kanon. Dat begûn mei in wiidweidich stik fan my fan eins 2004 dat te lêzen falt op de webside fan de Feriening Frysk Underwiis. Yn dat stik wurdt in ûnderboude argumintaasje jûn foar it wêrom fan in Fryske skiedniskanon, wylst der ek in hiel grut tal nammen yn neamd wurde fan figueren dy’t yn sa’n kanon omtinken fertsjinje kinne soene. In beheinde delslach fan dat grutte stik is ferskynd yn it histoarysk tydskrift Fryslân fan begjin 2005. Beide stikken binnen bedoeld as foarstel.

Earst wat oer de needsaak fan sa’n kanon. Ik wie der lang net sa foar. It rûkte my wat tefolle nei it troch de steat foarskreaune skiednisûnderwiis, dat ik sels ek noch hân haw. Dat wie benammen rjochte op de foarming fan de Nederlânske naasjesteat. Pas letter waard my dúdlik dat Fryslân ek in hiele nijsgjirrige, en yn frijwat opsichten ek oare skiednis hat. Foar’t de diskusje oer de Nederlânske skiedniskanon losbruts, haw ik nea oanstriid field om in útstel te dwaan ta in Fryske skiedniskanon.  Ik haw wol pleite foar in ‘eigen’ Fryske skiednsskriuwing.2 Mar in kanon wol it hiele ûnderwiis earne ta ferplichtsje, in eigen Fryske skiedskriuwing kinne jo as learkrêft ta jo nimme en brûke, mar ek lizze litte.

De fraach oft sa’n Fryske skiedniskanon al of net needsaaklik is, is ûndertusken definityf efterhelle troch de feiten. Doe’t dy diskusje oer de Nederlânske kanon ienkear oan de gong wie, doe fielde ik wol oankommen dat dat útdraaie soe op in hast folslein Rânestêdlik ferhaal. De publikaasje fan it stik fan de kommisje-Van Oostrom hat my wat dat oangiet, yn it gelyk steld. Dat Bonifatius en Eise Eisinga deryn foarkomme mei dan aardich lykje, it is winlik in fuortsterking fan it Rânestêdlik-regionale ferhaal; Fryslân wurdt as marzjinaal kurioasum sjoen; alle werklik earnstich te nimmen dingen hawwe yn Hollâns plakfûn. En dat is net sa. Om soks in ‘nasjonale kanon’ te neamen is yn striid mei de wierheid.

Dochs sil it derop del komme dat de kanon fan de kommisje-Van Oostrom ferplichte foarskreaun wurdt yn it ûnderwiis, ek yn Fryslân. Maarten van Rossem hat yn it Historisch Nieuwsblad wiisd op it ûnûntkombere dêrfan. De kanon sil, sa mient er, troch in soad lju ‘worden beschouwd als een beknopte beschrijving van die niet-bestaande nationale identiteit. Wie garandeert de commissie bovendien dat de overheid de Canon zo open en genuanceerd gaat gebruiken als zij zou wensen? De commissie ziet de Canon niet als een dictaat, maar als een gesprek. Ook weer heel mooi, maar is dat niet wat naïef? Nu de Canon er is – waar de overheid ongetwijfeld haar stempel fan goedkeuring op zal zetten – zullen uitgevers van schoolboeken en andere belanghebbenden die Canon onmiddellijk vastleggen. Niemand zal immers die vijftig thema’s durven te negeren die zo dwingend vanaf de wandkaart neerzien op het geschiedenisonderwijs. Wat de commissie ook mag beweren, een overheidscanon zal snel verstenen. Daar komen we voorlopig niet meer vanaf.”3 Dêr komt by dat it tal oeren skiednis yn it ûnderwiis de ôfrûne jierren sterk tebekrûn is. Der ferlieding foar dosinten om jin dan mar by dy wandplaat en de foarskreaune kanon te hâlden, sil nammerste grutter wêze.

It is wol fiif foar tolven, mar der is krekt yn Fryslân noch reden en gelegenheid om ús te opponearjen en ús te besinnen oer de ynhâld fan in Fryske kanon. Dy ynhâld moat hast by definysje gjin rânefersiering wêze fan in ‘nasjonale’ kanon. Dêrom falt it my sa ôf, dat Pier Bergsma, foarsitter fan it Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy yn de LC fan 9 desimber [2006] fuortendaliks alle troeven út hannen jout mei syn opmerking: ‘Dat betsjut net dat it ús doel wie om in Fryske kanon op it plak te setten fan in nasjonale kanon.’ In Fryske kanon moat by definysje in alternatyf wêze foar de kanon, lykas dy no betocht is troch de kommisje-Van Oostrom, want dat is gjin ‘nasjonale’ kanon.

It hat te krijen mei it troch de Nederlânske steat ratifisearre Europeesk Hânfest foar Minder Sprutsen Talen. Yn dat hânfest stiet dat der yn it ûnderwiis fan Fryslân romhertich omtinken wêze moat foar de Fryske taal én de Fryske skiednis. Wêzentlik yn myn ferhaal is it feit, dat de ryksoerheid ús erkend hat as nasjonale minderheid. Dy posysje fan nasjonale minderheid wol sizze, dat wy neffens de ryksoerheid in minderheid mei in eigen idee fan naasje binne ûnder de hoede fan de Nederlânske steatsnaasje. It hânfest wol de beskerming fan de lytsere taalkundich-kulturele identiteiten sûnder in eigen steat. Dan leit it foar de hân om by dit troch it hânfest foarstiene skiednisûnderwiis net allinnich te tinken oan de feitlik groeide sitewaasje, mar ek oan dy fasetten, dy’t mei dy spesifike eigen identiteit te krijen hawwe. Dus heart by ús net allinnich omtinken te wêzen foart it yngroeien yn de ienheidssteat, mar ek foar dy fasetten, dy’t oant hjoed de dei ta befoarderlik west hawwe foar it fierder bestean fan de Fryske eigenheid.

Fryske skiednis kinne wy dêrom net sjen as de skiednis fan de provinsje Fryslân allinnich. Dat hat mei it ferline te krijen, want Fryslân seach der eartiids hiel oars út, mar likegoed mei it no: der binne bûten dizze provinsje kriten mei de namme Fryslân/Friesland: West-Fryslân yn Noard-Hollân, East-Fryslân en Noard-Fryslân yn Dútslân en dan noch de Kreis Friesland om Wilhelmshaven hinne. Dêr wenje ek noch altyd minsken dy’t sizze: wy binne Friezen. It is logysker om dêrom de ‘Fryske skiednis’ te sjen as de skiednis fan dat kollektyf. Moderne 21ste ieuske minsken sette, troch har út te sprekken dat hja Friezen binne, in kulturele entiteit fan twatûzen jier fuort, en lykje dat fan belang te finen. Dêr heart perfoarst net in tinken yn fan ôfstammingslinen by. Fries of Friezinne wêze wolle, is in saak fan wat jo persoanlik fine, immen kiest dêrfoar om it te wêzen.

It is typearjend foar it ivich efter de ûntwikkelingen oansuteljen hjirre, dat der eins pas no, nei de publikaasje fan in stik fan Van Oostrom, ek wat beweging komt oan it skiednisfront yn Fryslân. Want de Ljouwerter fûn it no (pas) de tiid om de lêzers ris te freegjen wat hja fine wa’t der yn sa’n Fryske kanon moat. Lútsen Kooistra, haadredakteur fan it Friesch Dagblad, wie nei de publikaasje fan myn kanonferhaal noch sa alert, syn broer, de histoarikus Douwe, te freegjen om in reaksje op myn ferhaal te skriuwen. Dat stik ferskynde op 7 april 2005 yn it Deiblêd ûnder de titel ‘Opvattingen van historicus Huisman zijn tendentieus. Friese canon ongeschikt voor het onderwijs’. Ik wol der neier op yngean omdat de diskusje tusken my en Douwe Kooistra in soad seit oer it probleem dêr’ t wy yn Fryslân sels mei dy kanon foar steane.

Yn myn ferhaal hie ik nochal de klam lein op de ekonomyske ûntjouwings yn Fryslân. In (wichtige) oarsaak fan de net te miskennen efterútgong fan Fryslân yn de njoggentjinde ieu wie neffens my it opgean fan it foarhinne autonome gewest Fryslân yn de ienheidssteat. Ik basearre my op gegevens út de literatuer oer de sosjale kwestje yn Fryslân, it ûnder redaksje fan Frieswijk, Huizinga, Jansma en Kuiper ferskynde boek Skiednis fan Fryslân 1750-1995 (1998), it proefskrift fan Marianne Blauw, Van Friese grond (1995) en de lêzing fan J.L. van Zanden, ‘De Friese economie in de negentiende eeuw’, publisearre yn It Beaken fan 1992.

Douwe Kooistra fûn lykwols dat ik de Friezen in slachtofferrol oanprate woe. Hy besleat mei de opmerking: ‘Onderwijs en opvoeding leren problemen analyseren en oplossen, en praten geen slachtofferschap aan.’ Ik haw dêrop in reakjes skreaun, dy’t ferskynde yn it Deiblêd fan 19 april 2005. Myn bedoeling wie alhiel net it befoarderjen fan slachtofferskip, mar it bewust meitsjen fan it gefaar fan steatkundige sintralisaasje. It liket my foar it hjoeddeistige Nederlân  in hiele urginte kwestje ta, en yn dy sin allinnich al soe it njoggentjinde ieuske Fryske foarbyld in plak fertsjinje yn de Nederlânsk-nasjonale skiedniskanon. Ek Van Zanden hie yn 1992, wizend op it Fryske foarbyld, krekt foar de negative kanten fan it weilûken fan foech út Hollân wei nei Brussel ta al omtinken frege.

It is, sa skreau ik yn it Deiblêd fan 19 april, ‘niet een zaak van het bewust maken van Fries slachtofferschap, maar het ontwikkelen van kritische zin jegens het (ook in sommige milieus in Fryslân) zozeer aangehangen idee van de heiligheid van de Nederlandse eenheidsstaat. Het rijk wordt door sommigen haast als een sacrosancte categorie gezien, wijs, neutraal en boven de partijen staand. Sommige kleuren dat Nederlandbeeld zelfs godsdienstig in: ‘God, Nederland en Oranje’. In werkelijkheid is de staat een compromis van tegengestelde belangen, waarbij de sterke belangen de doorslag geven. Die belangen werkten heel vaak objectief tegen de Friese (noordelijke) belangen in. Het kan van belang zijn, van jonge mensen geen kritiekloze volgers van de staatsideologie te maken, dat maakt hen alleen maar tot meelopers, maar kritische burgers die zich naast het positieve dat de moderne staat heeft meegebracht, ook de kwade kanten van diezelfde staat realiseren.’

Geart de Vries jout ek noch omtinken oan de opmerking fan Mous dat in Fryske kanon no krekt net moat omdat soks it ‘proces van historische verstarring dat al anderhalve eeuw gaande is’ fuortsterkje soe. Mous soe tink ik dochris in pear skiednisboeken lêze moatte. Ik wit ek net oft it mei dy bestjurring, dy’t hy tinkt waar te nimmen, no wol sa slim is. Mar stel dat it sa is, dan hat dat neffens my yn it foarste plak te krijen mei it provinsjalisme, dat hjir nei it opgean fan Fryslân yn de ienheidssteat foar master opslacht, dat net oars kin as de ûntwikkelingen yn Fryslân sjen mei in provinsjale bril op yn in Nederlânsk ramt. Dy kulturele bestjurring is krekt feroarsake troch dy nasjonalisearring yn Nederlânske sin. Mous soe ris de sfear oan de ynternasjonaal oriïntearre en foarútstribjende universiteit fan Frjentsjer (1586-1811) mei de yndied wat bestjurre opfettings fan hjoed de dei yn kultureel-Frysk fermidden ferlykje kinne.

Yn myn kanonútstel wol ik dy trend krekt trochbrekke: Friezen sjen litte dat jo ek nei de wrâld sjen kinne sûnder in Nederlânske bril op. Fandêr dat der ek omtinken heart te wêzen foar krekt oare gebieten mei de namme Fryslân/Friesland. It liket yn guon provinsjalistyske rûntsjes noch altyd wat moade te wêzen om jo dêrtsjin ôf te setten, mei in ferwizing nei foarfallen fan sechstich jier lyn. Mous docht dat ek wer. No haw ik dêr sels sa’n fjirtich jier lyn as ‘Swarte Jan’ al frijwat tsjin skreaun. Dat hie doe noch doel, want de lju dy’t jo ferwiten meitsje koenen, libben doe foar in grut part noch. Mar dat Mous no en ek immen as Jaap Krol yn 2005 yn Farsk dêr noch oer begjint, is dochs hast net foarstelber. It liket oan sokken foarbygien te wêzen dat wy yn in Europa sûnder grinzen libje, dat it Nederlânske en it Dútske leger ûnder ien kommandant steane, dat de minsken yn East- en Noard-Fryslân hiel oars binne as dy fan doe en dat Hitler al mear as 61 jier dea is.

Geart tinkt dat it skriuwen fan in nije hânboek foar de skiednis fan Fryslân folle wichtiger is as dy kanon. Dat fyn ik net. Ik sjoch neat yn sa’n hânboek. Der binne al safolle goede detailstúdzjes beskikber, der hoecht om my echt gjin hânboek mear by. Mar foar it ûnderwiis bestiet al in driuwend ferlet fan publyksboeken oer de Fryske skiednis. Yn dy publyksboeken moatte de learde útkomsten fan it skiedkundich ûndersyk yn begryplike taal beskreaun wurde. Der is ek ferlet fan boeken mei ferhalen út de Fryske skiednis. Oan sa’n hânboek hat it ûnderwiis noch neat.

Der is foar my ek noch in oare reden om sa’n hânboek net te wollen, yn alle gefallen net yn ferbân mei dizze kanondiskusje. Dat hat te krijen mei myn twivels oer it troch Geart ek neamde diel fan it hânboek oer it tiidrek nei 1750. Dat boek jout in soad nijsgjirrich feitemateriaal, ik haw der hjirboppe al wat oer sein. Dêr hat myn twivel neat mei te krijen. It giet om wat ik mar efkes de ideologyske útgongspunten efter dy Akademy-publikaasje neame wol.

Ik haw der begryp foar dat guon myn fisy, mei myn berop op it Europeesk hânfest, as ideology sjen wolle. Mar it saneamde ‘wittenskiplike’ útgongspunt fan in soad beropshistoarisy is likegoed ideologysk. Yn it universitêr skiednisûnderwiis yn Nederlân wurde de histoaryske opfettingen fêstset binnen it ramt fan it tinken oer de Nederlânske naasjesteat. De Rotterdamske heechlearaar Maria Grever seit yn it Tijdschrift voor geschiedenis dat de nasjonale hegerein fan de njoggentjinde ieu ôf in ûnbidich soad muoite dien hat om fia it skiednisûnderwiis in foarstelling fan in soarte fan kollektive nasjonale identiteit ta stân te bringen. ‘Natiestaten hebben dus op grote schaal controle uitgeoefend over de opbouw van het collectieve geheugen van een land waarmee specifieke verhalen werden gecreëerd. Omdat de oriënterende functie van historisch besef zich voltrekt in het vertellen van een verhaal en de natiestaat door zijn drang om de collectieve herinnering exclusief voor zich op te eisen een belangrijke producent van verhalen is, zijn historisch besef en nationale identiteit nauw met elkaar verbonden en resoneert de nationale canon nog sterk in de hedendaagse cultuur.’ Sa’n kanon is ek oantreklik, seit hja: ‘De aantrekkingskracht van een nationale canon wordt ook veroorzaakt doordat deze vanuit zichzelf naar de weg van de minste weerstand leidt.’4 Ek by guon histoarisy yn Fryslân haw ik al mear as ien kear fêststelle kind dat se alles sjogge yn it ljocht fan de ûntwikkeling fan de Nederlânske naasjesteat en soks ek benammen allinnich mar posityf wurdearje. Se hawwe dêr de neutraal klinkende term ‘modernisearring’ foar betocht. Se hawwe oan de universiteiten leard dat dat ‘wittenskiplik’ is, sûnder har rekkenskip te jaan fan de ideology dêrefter.

De redaksje fan Skiednis fan Fryslân fan 1998 dielde yn it foaropwurd mei, de skiednis fan Fryslân ‘te willen inkaderen in de geschiedenis van het Koninkrijk der Nederlanden’. Dat betsjutte dat de hiele Nederlânske ûntwikkeling troch de redaksje omearme waard as in soarte fan ûnferbidlike seine. Wy hawwe dêr yn dit ferbân neat oan. It giet der dochs om ek sjen te litten wêrom’t Fryslân, nettsjinsteande de Nederlânske kulturele en mentale tsunami (om ris in wurd fan in bekend Nederlânsk ultra-nasjonalistysk politikus te brûken) dy’t oer dit gewest kommen is, dochs noch safolle eigenheid bewarre hat. De foltôging fan dat hânboek mei om my noch jierren op him wachtsje litte.

NOATEN

1. Healwiis, omdat hy oantoanber net lêzen hat wat der oer de kanon skreaun is en ûnberoaid  fanwegen it feit dat er in Fryske kanon ferbiede wol: ‘een Friese canon zou moeten worden verboden’. Sokke taal binne wy hjir sûnt 1945 net mear wend.
2. Kerst Huisman, ‘Ontwikkeling van een eigen Friese historiografie noodzakelijk’. Yn: Leeuwarder Courant, 20 novimber 1987.
3. Maarten van Rossum, ‘Gevaren van de Canon’. Yn: Historisch Nieuwsblad, novimber 2006.
4. Maria Grever: ‘Nationale identiteit en historisch besef. De risico’s van een canon in de postmoderne samenleving’. Yn: Tijdschrift voor Geschiedenis (2006), 2, p. 168.

Boarne: de Moanne, nû. 1, jannewaris 2007, s. 26-29

Neiskrift FFU:
Wy ûnderskriuwe Kerst Huisman syn analyze en fersmite in steatsideology dy’t de Nederlânske ienheidssteat hillich ferklearret. Dy hat te faak te skealik west foar Fryslân. Dêrom wolle wy in eigen kanon foar de taal en kultuer fan de Fryslannen (dat is dus folle mear as allinnich de provinsje Fryslân) dy’t in opnommen wurdt yn in provinsjaal skiednislearplan foar alle Fryske skoallen, en in goed plak yn in lanlike kanon. Alle ‘beskaafde’ Nederlânske steatsboargers hearre genôch fan  ús taal, kultuer en skiednis ôf te witten.

It healwize en ûnberoaide stik fan Mous is te finen op it iennichste plak dêr’t it thúsheart, nammentlik yn ús ‘Swartboek 2006’: 27-10-2006, Huub Mous: De Friese canon. En sjoch foar it ‘Te Gast’-stik fan Pier Bergsma by ‘Poadium 2006’: 09-12-2006, Nei in eigen Fryske Kanon foar it ûnderwiis (Pier Bergsma) of klik op: PB-Nei in Fryske kanon foar ít ûnderwiis.pdf.

Fan belang is it omtinken dat de Leeuwarder Courant jûn hat oan de Fryske kanon. Sjoch by ‘Poadium 2006’, Pieter de Groot: 28-10-2006, Wie en wat in de Friese canon (‘Harje’), en Pieter de Groot: 09-12-2006, Opmaat voor een Friese canon. De tiidbalke, opmaat en froulike kannonnen út de Leeuwarder Courant binne hjirûnder ek oan te klikken.

Klik op: LC-Tiidbalke en Opmaat Fryske Kanon.pdf om wichtige eleminten út in Fryske kanon op in tiidbalke te besjen en om te lêzen wat de kar is fan ûnderskate lêzers fan de Ljouwerter Krante (LC, 09-12-2006).

Klik op: LC-Vrouwelijke kanonnen.pdf om te lêzen hokfoar wichtige froulju oft in plak hawwe moatte soene yn de Fryske kanon (listke fan Trudi Dorrebooom-Rosenboom; LC, 09-12-2006).

In stikmannich FFU-aktiviteiten op it stik fan it krewearjen foar de eigen kanon binne oan te klikken by ‘Brieven útgien 2006’: 03-06-2006 > Provinsje: Hoe fierder mei de Fryske kanon? Dêr en hjir is Huisman syn útstel foar in Fryske kanon oan te klikken: Fryske skiednis.pdf.

As jo ús by ús aksjes stypje wolle, dan kinne jo foar in pear luzige sinten lid fan ús feriening wurde (yn 2007: € 10,00). Meel ús efkes.

 

<< Werom nei 'Poadium 2007'