PIETER DE GROOT
DWERS
Ut de fenmeel: ‘De colums van Pieter de Groot zijn voor mij een bron van ergernis, dat je als rechtgeaarde Leeuwarder je nooit uit in het Leeuwarders en ook nooit voor deze taal opkomt is al vreemd; bovendien gaat bijna elk artikel over de promotie van de Friese taal: je verwacht net zoals gedeputeerde Mulder tegen beter weten in dat het beter gaat met de Friese taal. Als de jeugd het echter niet wil spreken, is het uitsterven van deze taal onvermijdelijk. Mijn advies is: verloochen je afkomt als Leeuwarder niet en stop met die onzinnige promotie van het Fries. Met vriendelijke groeten, Jaap Franconi.’
Ik sú Franconi d’r no fyntsjes op wize kanne dat ik bij bij ferskeidende gelegenheden un laans breek foor ut Liwwaddeders, de laatste kear bij ut ferskinen fan Melvin van Eldik syn moaie gedichtebundel ‘dryfsandforstinnen’, toen ik in ’e pleit weest hew – fergees trouwes – foor un Liwwaddder stadsdichter, dat is te sêgen een die ’m d’r nyt foor skaamt oek se nou en dan in syn moeketaal ut Liwwaddders ferskes te maken.
Mar ik denk dat dy stukjes Franconi ontkommen binne, kan gebeure. En ut doët an syn krityik niks af. Hij het, kortseid, ut mier an ut Frys, soa as wel mear Liwwadders, se kanne dat boeretaaltsje nyt an hun oren ferdrage. Mar F. leit ’m self wel op ’e pynbank om ut te lezen, kan-y ’m temeensen ergere an ‘die onzinnige promotie van het Fries’.
Dat, mei syn permisje, gean ik no fierder yn wat al hast fyftjin jier de gongbere fiertaal is fan dit dwerse hoekje. Promoasje fan it Frysk is net fuort it doel, of jo moatte allinnich al it brûken as promoasje sjen, dat is it lot fan in minderheidstaal. Hy mei by gâns lju noch sa libben yn gebrûk wêze, yn it Hollânsk fermidden is it praten, lit stean it skriuwen al gau in bewegingsdied. En dan brekt it kamp de Friezen yn twaen. Oan de iene kant de minderheid dy’t hoek hâldt, fan betinken dat elk – de hjir ynboargere Hollanner likegoed as de autochtoane Liwwadder – Frysk ferstean kinne moat. En oan de oare kant dejingen dy’t har daliks ferbrekke. Dy passe har oan de mearderheid oan, om’t se dat net mear as ‘fatsoenlik’ achtsje, op syn beroerdst skamje se foar har eigen ‘boerske’ taal, lykas dialektsprekkers as Ljouwerters har sprake te plat fine en sabeare hooghaarlemmerdijks foar kar nimme.
Men soe ferwachtsje dat Friezen op foar it Frysk wichtige posten suver per definysje by de hoekhâlders hearre, by de minderheid foar wa’t dy taal iten en drinken is. Dat is lang net altyd it gefal. Ik ken pommerante lju dy’t har net allinnich maklik ferbrekke, mar troch har húslike situaasje – in net-Frysktalige oare helte – thús ek Hollânsk prate en har bern yn it Hollânsk grut bringe. Jo kinne se yn alle rûnten en partijen oantreffe. Yn de jierren santich hat de redaksje fan dizze krante al ris in swarte list oanlein. Ut nocht oan ûnnocht, dy list wie net foar publikaasje bedoeld.
Aardich is it om de Fryske toaniel- en poppespiler Barend van der Veen (1890-1968) oan te heljen. Vander Veen hat by dy jierren lâns in deiboek byholden en hy beklage him der yn syn deiboek 1925-’26 oer dat wy yn it stribjen om it Fryske folk taalbewust te meitsjen, ien ding tsjin hawwe: “Det is dat ljue, dy’t en yn it maetskiplik libben en yn de Fryske biweging foaroan steane, ef alteast yn det lêste in tige wirksum oandiel hawwe, hjarren as ’t der hwet op oankomt, dochs jette fan it Hollânsk bitsjinje. Det is lyts en lef, dat bringt ús efterút.”
Van der Veen achte it in goede saak en lis inkelde foarbylden fêst. De persoanen, allegear o sa Frysk yn har iepenbiere uteringen, libje net mear, dat ik kom net ien op it sear, troch dat fragmint, troch syn soan Piter foar publikaasje ôfstien, hjir folgje te litten:
Dr. Cuperus, foarsitter fan it Ald Selskip hear ik yn ’t postkantoar Hollânsk praten. Ho scoe er it earne oars dwaen? Det woe ’k wol ris witte. Ik mette O.H. Sytstra op in gearkomste. Hy petearre mei syn dochter yn ’t Hollânsk. R. Brolsma syn wiif hie ris in boadskip oan him en frege him yn skoalle to sprekken: hy praette Hollânsk.
Jan Hof hearde ik freegjen oan myn skoanheit, in skipper “of hij het anker even wou vastmaken.” Hja kamen op ’e pôlle oanfarren by Grou, B.S. Hylkema en hy. It petear det fierder folge wier Hollânsk, oant ik hwet yn ’t Frysk sei: Doe waerd ik ris goed opnomd: “Hwa kin det wêze, kin dy ús?” Do foroare it.
Ds. Wumkes praet thús Hollânsk. Sjouke de Zee lit in Hollânske adfortinsje yn ’e krante sette as syn wiif forstjert.
Rintsje Siebesma: De Heer en Mevrouw Siebesma geven kennis van de geboorte, enz.
Fen Yme Schuitmaker haw ik al ris heard der er sei: “Ik brûk it Frysk om’t ik it nedich haw, oars leit it my kâld.”
Jiffer Bijl-de Jong praet tsjin har tsjinstfaem Hollânsk om’t, nei’t hja seit, soks har prestiizje ophâldt.
F.J. de Zee is, doe’t er boargemaster waerd, Fries ôf wirden, nei’t my trochdien is.
Dit is in treurich listke. Hwet scoene wy in stik fierder wêze, as sokken bislist konsekwint wierne. Ik smyt om inkelde lytse dingen de persoanen en hjar wirk net wei, yn ’e fierste fierte net, mar der giet hwet fen de earnst fen ’e saek forlern, as sokken, as it derop oankomt, it Frysk forleagenje.”
Anne Wadman waard op it hichtepunt fan syn skriuwersrom, de jierren sechstich, op it stasjon yn Ljouwert betrape doe’t er ‘een enkele reis Sneek’ frege oan de loketjuffer. Foar Wadman hie de kar net dreech west: in taalstriid útfjochtsje yn de stasjonshal en de trein misse, of dy argewaasje ûntrinne en de trein helje. Taal is yn ’t foarste plak in praktysk kommunikaasjemiddel.
Boarne: Leeuwarder Courant [‘Freed’], 02-03-2007
FFU: Hoe stiet it der hjoed de dei foar mei ús pommeranten? Nijpels foarop ...