Friesland/Fryslân, 06-03-2007 (P-LC)

Al mear as fiif jier lyn is de namme Friesland offisjeel feroare yn Fryslân. Dat is bard op grûn fan in demokratysk nommen beslút fan de provinsjale steaten fan Fryslân. Yn ’e Ljouwerter Krante en ek de oare satellytblêden fan de Friese Pers wurdt lykwols noch de namme Friesland brûkt. De fernuvering is der eltse kear wer as ik dat sjoch. Ik freegje my sa stadichoan ôf wat de arguminten binne om de offisjeel net ear besteande namme Friesland te hanthavjen.

De Tike, H. Wesseling [ynstjoerd]

(Neiskrift haadredaksje: Hoe komt it dochs dat minsken dy’t yn it deistich libben hiel wol by steat binne saken goed te ûnderskieden, in waas foar de eagen krije as it om de namme fan ús dierb’re provinsje giet. It ferhaal oer dy offisjele namme wêrfan’t it gebrûk eins ferplichte wêze soe, is fansels ûnsin, sa’t eltsenien alle dagen om him hinne wol sjen kin. Net ien hellet it yn ’e holle en skriuw Deutschland en La France (offisjele nammen) yn stee fan Duitsland en Frankrijk, of Dútslân en Frankryk. En de briefskriuwer sil ek wol net Groningen sizze as er Grins bedoelt. Dizze provinsje hjit Friesland ‘in het Nederlands’ en Fryslân yn it Frysk. De namme Friesland wurdt alle dagen rûnom brûkt en soks is goed.)

Boarne: Leeuwarder Courant, 06-03-2007

Neiskrift FFU:
Hoe komt it dochs dat de haadredaksje fan de Ljouwerter Krante noch altiten in waas foar de eagen kriget as it om it brûken en befoarderjen fan de namme Fryslân giet en dat de haadredaksje fan it Friesch Dagblad dêr gjin lêst fan hat?

It giet der fansels net om dat wy alle eksonimen al of net ferfryskje of ferhollânskje, mar om it mear brûken fan de namme Fryslân yn Fryske kranten. Dy eigen namme is langernôch tebekset en ferwaarleazge yn de eigen provinsje, benammen yn offisjele domein, en de Ljouwerter hoecht dêr net oan by te dragen troch de Hollânsktalige wjergader te befoarderjen en de Fryske te diskriminearjen. Dat is fansels wat Wesseling bedoelt en hy hat gelyk.

De Ljouwerter haadredaksje moast him al yn 2003 skamje doe’t boppebaas Rimmer Mulder yn syn ‘Waarom Fryslân ook wel Friesland mag heten’ (LC, 19-04-2003) yn it ‘Hoofdblad van Friesland’ (‘sinds 1752’) it ferskil tusken it eigen, ynlânske ‘Fryslân’ en bûtenprovinsjale eksonimen ek net meitsje koe of woe.

En de haadredaksje mei him, wat ús oanbelanget, no ek skamje oer de lêbige toan dêr’t de ynstjoerder op teplak set wurdt. In plakje yn ús ‘Swartboek’ wurdich.

De haadredaksje achtet it goed as de namme ‘Friesland’ alle dagen rûnom brûkt wurdt. Wy achtsje it stikken better as de namme ‘Fryslân’ alle dagen rûnom brûkt wurdt en dan net allinnich yn it Friesch Dagblad, mar ek yn it ‘Hoofdblad’. Dat de taal fan in artikel Hollânsk is, docht der dan net ta.

<< Werom nei 'Poadium 2007'