Troch Gerrit van der Meer
FEANWALDEN – It falt de meikoarten ôfskie nimmende deputearre dr. Bertus Mulder (PvdA) út Feanwâlden noch ôf: de drokte mei de ferkiezingskampanje. Dat fertelt er wylst er in steapeltsje PvdA-folderkes fan ’e tafel kriget yn de wenkeamer en -keuken yn Feanwâlden.
Dochs hat er syn nocht noch net fan de PvdA: hy is kandidaat-foarsitter foar it gewest Fryslân. “Ik haw earst nee sein, mar úteinlik haw ik my oerhelje litten. Oant no ta wiene it foaral boargemasters en wethâlders dy’t dizze [dy] funksje derby diene. It is in foardiel dat ik de ôfrûne jierren op gewestlik nivo in soad kennis opdien haw en in soad minsken kinnen [kennen] leard haw.”
Sûnt 1991 wie Mulder steatelid, fan 1995 oant 2003 steatelid èn deputearre en de lêste fjouwer jier allinne deputearre. Dat wie it gefolch fan it dualisme, dat doe yn alle provinsjes ynfierd waard: deputearren (sis mar de ‘wethâlders’ fan de provinsjes) meitsje gjin diel mear út fan Provinsjale Steaten (de ‘gemeenteried’ op provinsjaal nivo).
Foar Mulder wie it bot wennen oan dat dualisme: it kontakt mei ‘syn’ PvdA-fraksje en dêrmei ek mei Provinsjale Steaten waard gâns minder yntensyf [yntinsyf], sadat der earder kâns wie op misferstannen en miskommunikaasje.
Syn gefoel oer syn oankommend ôfskie is lykwols dûbel: “Oan de iene kant it gefoel: ‘Hè, einliks [einlings] klear!, oan de oare kant: ‘Dit moat noch, dat moat noch!’ Ik haw eins noch genôch ideeën. Mar datsoarte klussen [putsjes] moat ik aanst mar goed oerdrage oan myn opfolger.”
Mulder hat de lêste fjouwer jier (wer) ûnderwiis en kultuer yn syn takenpakket [takepakket]. “Dat dat byinoar sit, is in grut foardiel, fanwege it befoarderjen fan it Frysk yn it ûnderwiis. Ik hoopje dat dat sa bliuwt.”
“Belachlik” [“Bespotlik”]
Hy hat de minister fan ûnderwiis – “nei tritich jier, belachlik [bespotlik, healwiis] dat it sa lang duorje moast”- oerhelle om no ris earnstich te konrolearjen op [it] jaan fan Frysk yn it (basis-)ûnderwiis. Foar it fuortset ûnderwiis is in nije lesmetoade yn gong setten, mei stipe fan de provinsje. “Der moat noch in soad gebeure [barre, dien wurde], mar ik bin net pessimistysk oer it Frysk. De ôfrûne 500 jier hawwe yntellektuelen har foaral negatyf útlitten oer de kânsen fan it Frysk, mar it libbet noch dat it sa wat docht. Ik gean út fan de fitaliteit fan de Fryske kultuer.”
In wapenfeit dat 15 maart offisjeel yngiet is, dat frijwol alle wetternammen yn Fryslân Frysktalich wurde. “Op oantrúnjen fan skippersferiening Schuttevaer foar it Prinses Margrietkanaal wol mei in oergongsperioade fan trije jier. Sa lang wurde op wetterkaarten de Fryske èn de Hollânske nammen oantsjutten.”
It wie ditoangeande praktysk, dat Mulder neist ûnderwiis en kultuer de ôfrûne fjouwer jier ek rekreaasje yn syn pakket hie. It kontakt mei belange-organisaasjes lykas de Hiswa, de VVV’s en gemeenten, hawwe der mei ta bydroegen dat de Fryske wetternammen draachflak krigen. “Der is sadwaande yn de steatekommisje en Provinsjale Steaten net mear oer diskusearre [diskusjearre].”
Dochs hat de ynfiering lang duorre: “De oanbelangjende moasje is begjin jierren tachtich troch de Steaten oannommen. De tried is wer oppakt nei’t guon gemeenten der op oantrune hiene. Dat wie it begjin fan draachflak yn de oare gemeenten.”
Op deselde wize hat Mulder by de gemeenten krewearre foar in oare, regionale VVV-struktuer yn Fryslân. “Ik sjoch datoangeande in sterke oerienkomst mei de bibleteken yn de provinsje. Dêr is de ôfrûne jierren – as gefolch fan de digitalisearring – in goeie struktuerferbettering ta stân kommen. De VVV’s hawwe ek alles te krijen mei de opkomst fan internet [ynternet]. Mar der bliuwt ek altyd ferlet fan it fersprieden fan folders. Dat wolle we konsintrearje op plakken dêr’t al in soad minsken komme, lykas it stoomgemaal by Teakesyl (by de Lemmer; red.).”
De fûzje [fúzje] fan it Ryksargyf, de Provinsjale Bibleteek en it Frysk letterkundich Museum (FLMD) ta Tresoar wie in hiel goede set, neffens Mulder. “Doe’t ik steatelid waard, wie myn earste amindemint, dat der gjin fúzje oplein waard fan de Provinsjale Bibleteek mei dy fan de NHL. Ik koe troch myn wurk – dosint oan de NHL – beide bibleteken goed en wist dat se hiel ferskillend wiene. Ik bin bliid dat dy fúzje der net kommen is!”
As foarsitter fan it Tresoar-bestjoer siet Mulder hast ‘boppe-op’ de útfiering fan it belied. Meastal moat in deputearre mear ôfstân bewarje, fasilitearje, kaders oanjaan, subsidiearje, lange linen útsette.
Fryske Akademy
In oare útsûndering dêrop wie de kwestje fan de Fryske Akademy. “Dy drige ècht fallyt te gean. Want de direksje wie fierstente optimistysk oer de reserves [reserven].”
Mulder soarge, stipe troch it kolleezje fan Deputearre Steaten en de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (de oare wichtige finânsier [finansier] fan de Fryske Akademy), dat der in interim-bestjoer [ynterim-bestjoer] kaam en dat de finânsjele [finansjele] en wittenskiplike direkteur op non-aktyf setten waarden. “Dat is yn in pear dagen bard, nei’t der in ekstern ûndersyk dien wie nei de finânsjele [finansjele] situaasje. Want dy wie folslein ûndúdlik.”
Dêrnei hat it in pear jier duorre, ear’t der wer in nije, twakoppige direksje wie. En de Akademy ìs der noch net, neffens Mulder: “Der is nòch in struktureel tekoart, se kinne de holle boppe wetter hâlde tanksij ynsidintele ynkomsten. Mar dêr is no teminsten ynsicht yn.”
Ien fan de lêste ‘wapenfeiten’ fan Mulder wie in iepentlik mieningsferskil mei Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels, dy´t him neffens Mulder te folle èn ferkeard mei it ûnderwiis bemuoide. “Nijpels wit no dat der ditoangeande op him letten wurdt [dat se him yn ’e lampe hawwe]”, seit Mulder.
Sa is de sirkel rûn. Want de oanlieding foar Mulder om steatelid te wurden, wie it ‘Herenakkoord’: de geheime ôfspraak fan twa Kommissarissen fan de Keninginne (yn Fryslân Hans Wiegel) mei it regear, dy’t laat hat ta it ‘ferdwinen’fan it Frysk Orkest (waard NNO) en it konservatoarium yn Ljouwert.
Boarne: Weekblad Actief, 07-03-2007 [inkelde flaters tusken heakken ferbettere]
FFU: Wy winskje Mulder it alderbêste foar de takomst. Wy hiene in goed kontakt mei him en binne wiis mei wat er foar it Frysk beskrept hat, ek yn it ûnderwiis. De Fryske taal en kultuer is ommers lang net by elts yn goede hannen.
Fansels is der noch in hiel soad te dwaan en te ferbetterjen, benammen wat de wetjouwing oanbelanget en de útfiering dêrfan. Sûnder goede wetten is der struktureel gjin goed ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer mooglik. Us provinsje sil dus wetjaand foech op dat mêd krije moatte. In moaie taak foar de nije deputearre.