Wurk, 12-03-2007 (P-LC)

Jonge minsken hjir hâlde
De reaksje fan trije PvdA-promininten op it stik fan Oppewal en Hemminga [sjoch by ‘Poadium 2007’: Ferlet fan fyzje op de takomst fan Fryslân, 12-02-2007 (P-LC) , FFU] hat my fernuvere. Fansels is it hjir gâns better as sechstich jier lyn, mar dat wol net sizze dat de gjin problemen binne en dat it net better kin. Dêrom hie ik fan in party dy’t seit in dream te hawwen in fyzje ferwachte op it bestean en de ienheid fan Fryslân nei de takomst ta.

Der is neat op tsjin dat jonge minsken útfleane, mar dat moat net nedich wêze om’t der foar harren gjin wurk is. Sûnder jonge minsken is it befolkingslykwicht derút en wurdt it tal âlderen navenant te grut. En dat wol de PvdA dochs krekt net? Dêrom moat der ynset wurde op wurk yn Fryslân sels. De tiid is ryp foar kennis en wittenskip en dus in universiteit, dy’t ek ûndersteunend wurk generearret en oanlûkt. As soks wat wurde sil, dan moat de provinsje de rezjy nimme.

Drachten, Reinder Bil [ynstjoerd]

Boarne: Leeuwarder Courant, 12-03-2007

<< Werom nei 'Poadium 2007'