De Molkbus, 13-03-2007 (P-FD)

Yn it Friesch Dagblad fan 28 febrewaris [2007] stie in alderaardichst berjocht oer in molkbus dy’t troch stom tafal in belangrike rol spile hat yn de striid foar it Frysk. It spilet omtrint 60 jier lyn – begjin jierren ’50. It opskrift ‘sûpe’ of ‘molke’ op in molkbus soe yn striid wêze mei de wetlike foarskriften. Dat moast perfoarst ‘karnemelk’ en ‘melk’ wêze. Twa molktapers út Aldeboarn loeken har dêr neat fan oan en brûkten Frysk. Sadwaande soene neffens de Keuringsdienst van Waren de beide molktapers har net oan de wet hâlde. It kaam ta in rjochtsaak by it kantongerjocht op It Hearrenfean. By gelegenheid mochten de molktapers Frysk prate en dat wie de opmaat [opmjitte] nei Kneppelfreed yn novimber 1951. Wat de measten net witte, is dat ien fan de molkbussen no yn it Gysbert Japicxmuseum yn Boalsert te pronk stiet. Dat is moai, en it is goed dat de krante dêr 28 febrewaris omtinken oan joech.

Kneppelfreed hat yndertiid soarge foar aardich wat reboelje. Kranten yn de rest fan Nederlân, en sels de Neue Zürcher Zeitung, joegen omtinken oan Kneppelfreed. Kneppelfreed soarge derfoar dat der yn 1955 in wetlike regeling kaam foar it Frysk yn it basisûnderwiis. Kneppelfreed soarge der ek foar dat der yn 1956 in wetlike regeling kommen is foar it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal. Wat suver net ien mear wit, is dat it Frysk sels de troanrede helle hat as gefolch fan Kneppelfreed. It regear ‘zal binnenkort haar standpunt bepalen ten aanzien van de Friese taal in het rechtsverkeer’, sa kundige de Keninginne yn de troanrede fan 1953 oan. Nei 1953 hat it Frysk gjin inkelde kear mear de Troanrede helle. Dat is ek net slim, want de Keamer hat geregeldwei wetten oannommen dy’t it plak fan it Frysk better ferankere hawwe. Sadwaande kinne provinsje en gemeenten yn Fryslân no in eigen taalbelied fiere.

It wie dan ek in grutte ferrassing dat it Frysk dit jier foar it earst plak krigen hat yn it regearakkoart, op oanstean fan it yn Fryslân bekende CDA-Keamerlid Joop Atsma. It is oan Ryk en provinsje om dêr fierder foarm oan te jaan. In goede basis dêrfoar is de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001-2010. Lykwols, de útfiering dêrfan kin better. Sa is ôfpraat dat provinsjale Steaten en twadde Keamer alle jierren ynformearre wurde oer de fuortgong fan de ôfspraken dy’t Ryk en provinsje makke hawwe. It earste ferslach moat noch altyd ferskine sûnder dat Keamer- en Steateleden har dêrom lykje te bekroadzjen. En sa stiet der wol mear yn de Bestjoersôfspraak.

Hilaard, Arjen Versloot

Boarne: Friesch Dagblad, 13-03-2007

FFU: It artikel dêr’t Versloot nei ferwiist, stiet ûnder de kop ‘Reboelje troch in molkbus’ yn de rubryk ‘Byldspraak’ fan it Friesch  Dagblad fan 28 febrewaris 2007 (s. 15) en is hjirûnder te iepenjen.

Klik op: FD-Reboelje troch molkbus, 280207.jpg

<< Werom nei 'Poadium 2007'