Fryslân/Friesland (2), 27-03-2007 (P-LC)

Krante moat kieze foar in pragmatyske oanpak
Regelmjittich dûkt yn ús krante de diskusje oer de namme Fryslân/Friesland wer op. Koartlyn krige Wesseling [sjoch by ‘Poadium’, 06-03-2007] op syn ynstjoerd stik in snútslach fan de redaksje. Hy woe mar net begripe dat de redaksje folslein gelyk hie mei it brûken fan de namme Friesland yn Nederlânsktalige teksten. Doe’t yn 1989 de earste gemeenten harren Frysktalige toponimen it offisjele plak weromjoegen, hat de LC keazen foar in pragmatyske oanpak. De redaksje keas ek yn de Nederlânsktalige teksten by de gemeenten altiten foar de eigen toponimen, ommers wêrom soenen jo foar plakken as Stiens, Koudum of Dokkum – dy’t nea in Nederlânske oersetting krigen hawwe – no wol de eigen nammen brûke en by plakken dy’t earder fernederlânske binne, soks net dwaan.

Der is feitliken en prinsipieel gjin ferskil tusken de earder neamde plaknammen en it brûken fan de namme Fryslân yn de eigen rûnte. En de krante rekkenet him ta dy eigen rûnte. Dêrmei bin ik mei-iens by de pragmatyske oanpak dy’t ik de redaksje oanrikke wol. Brûk no yn de kranten fan de Noordelijke Dagblad Combinatie dy’t bûten Fryslân ferskine de namme Friesland en brûk yn ús eigen Ljouwerter de namme Fryslân. Wêrom net foar in pragmatyske oanpak kieze?

Feanwâlden, Cor Jousma

Boarne: Leeuwarder Courant, 27-03-2007 [ynstjoerd]

FFU: Jousma hat gelyk. Sjoch ek ús kommentaar by it ynstjoerd stikje fan Wesseling  (‘Poadium 2007’, 06-03-2007).

<< Werom nei 'Poadium 2007'