It HBÛ en it ferlet fan de merke, 31-03-2007 (P-LC)

Henk Pijlman fan de Hanzehogeschool sjocht, oars as syn kollega’s, net safolle yn twajierrige hbû-opliedings (‘associate degrees’). “Hat de merke dêr wol ferlet fan? Dat is my noch net dúdlik”, sa freget er him ôf (LC, 17-03-2007). Ik bin net minder as Pijlman benijd nei it andert.

Moat it pleatst wurde ‘in die afschuwelijke allesbeheersende leukcultuur’(Kees Fens, Op weg naar het schavot, 2007, s. 8), dy’t al jierrenlang it ûnderwiis teheisteret? Oerdriuwe syn kollega’s de merk net as se harren heil ek al op ’e merke sykje wolle?

Alhiel nij docht my dat eachweid lykwols net. Yn in delrinnende ûnderwiismerk sil wol neat te mâl wêze om sa’n twajierrige oplieding yn folksfermaaklikheden oan ’e merk te bringen. It wol my wol oan dat it gâns jongfolk lûkt. En skoallen moatte hjoed de dei ommers hiel wat ûndernimme om de heechste merk teheljen.

Mar hat de merke der wier-wier ferlet fan? Dy fraach wynt my noch altiten raar yn ’e holle om. Hawar, de merken komme aanst wer oan mei it moaie waar. Ik sil der hinne. As it sa min liket as Pijlman syn maten tinke, dan kinne wy ús altiten noch ferhingje litte. Dan wankt wierliken it skavot ...

Drachten, Sytze T. Hiemstra

Boarne: Leeuwarder Courant, 31-03-2007, s. 9 [ynstjoerd]

<< Werom nei 'Poadium 2007'