Stipe foar East- en Noard-Fryslân!, Maart 2007 (P-FB)
Sûnt in pear moanne wurdt yn East-Fryslân diskusje fierd oer “Fryske skiednis op alle Fryske skoallen” yn ús “Dútske” susterlân. Neffens Dieter Baumann, foarsitter fan ’e Fryske Rie, Seksje East en foarsitter fan ’e Ynterfryske Rie is in ferplichte fak “Fryske skiednis” nedich foar de identiteit fan de bern. Alhoewol’t de East-Friezen witte dat se Friezen binne, witte se net wêrom. Dat is fansels te feroarjen en wy besykje it ek troch te setten, mar de Dútske oerheid hat der (noch) gjin belangstelling foar. Mei in bytsje stipe út Westerlauwersk Fryslân kinne wy in stapke fierder komme en dêrom freegje ik jim in eamel of in brief te stjoeren nei it de folgende adres:
Niedersächsischer Landtag
Heinrich-Wilhelm-Kopf-Plaz 1
30159 Hannover
E-Mail: poststelle@lt.niedersachsen.de
It soe genôch wêze as jim skriuwe, dat wy as Friezen de diskusje mei grutte belangstelling folgje en dat we yn alle gefallen in eigen fak “Fryske skiednis” krije moatte. Dat soe fansels goed wêze foar de East-Friezen en de Sealter-Friezen yn Sealterlân.
Fierder is der ek diskusje yn Noard-Fryslân oer de oplossing fan ’e “Kreis Nordfriesland”. De Dútske dielsteat “Sleeswyk-Holstein” wol gruttere “Kreise” ha en dêrom mei Noard-Fryslân net mear bestean. As dat bart, dan is it wis dat der yn Noard-Fryslân offisjeel gjin Friezen mear wenje. De Noard-Friezen hawwe eigen wetten, mar dat sil dan om ’e nocht west ha.
Op de ynternetside www.wir-sind-nordfriesland.dei is de ynformaasje te finen. Dêr kinne jim ek tsjin de oplossing fan ús broers [bruorren] en suster protestearje. Jim kinne fierder noch Lars Harm lars.harms@ssw.de freegje. Hy is fan de Frysk-Deenske Partij yn Noard-Fryslân en jout graach mear ynformaasje.
Tige tank foar de stipe.
Pascal Anton
Boarne: Frijbûtser. Moanneblêd fan de FNP, maart 2007, nû. 378, s. 4-5
FFU: Wy stypje it East- en Noardfryske stribjen fan herten. Lit fan jimme hearre.
Sjoch ek by: Ostfriesland: regionale partij voor politieke bewustwording, 31-03-2007 (A-PvhN); Net sa’n raar idee, 09-01-2007 (A); Eftrije: Fryslân moat Nordfriesland stypje, 06-01-2007 (A-LC); Webstek as stipe foar Nordfriesland, 06-01-2007 (A-LC) en ‘Poadium 2007’: North Frisians protest against plan to dissolve their 'sprachenland', 05-02-2007 (P-EL); Wir sind NordFriesland!! Wy binne NoardFriezen!!, 04-01-2007 (P-GfA). Fierders by ‘Poadium 2006’: 29-11-2006, Wo geiht dat wieder mit de Regio?; 29-11-2006, Geen Duitser, maar Fries; 31-10-2006, Strijdbare Fries met een licht Duits accent [oer Pascal Anton].