Ûndersiker Kees Verhaar konstatearret dat der yn Fryslân sprake is fan in efterstânsituaasje. Ferfolgens [dêrnei] beweart hy [er] dat dy efterstân ûnderdiel is fan it ‘Frysk-eigene’. Syn redenearring doocht net en is wittenskiplik net by de tiid.
HIEKE POSTMA-VEENSTRA
âld-wethâlder Achtkarspelen; lid stjoergroep Frysk yn it ûnderwiis
JANNEWIETSKE DE VRIES
steatelid PvdA
It Frysk-eigene is yn de eagen fan Verhaar: Fryske taal en kultuer, wurkleas wêze en efterstân hawwe. Dêr wurde jo net fleurich fan. Wy hawwe in oare opfetting. Wy sjogge it Frysk-eigene yn de kwaliteit fan de romte, it moaie lânskip, de fynmazige sosjale ynfrastruktuer fan doarpen en stêden, yn it duorsume ûndernimmerskip fan it midden- en lytsbedriuw en yn de rykdom fan de Fryske taal en kultuer.
Yn dat Frysk-eigene leit ús ekonomyske krêft. Dêr wolle wy ús sosjaal-ekonomyske belied op útbouwe. Grutsk binne wy ek op de [it!] sosjale ynboarst fan Friezen. Wy jouwe fan alle Nederlanners it meast oan ûntwikkelingshelp. Dat is gjin kultuer fan earmoede, mar fan geastlike rykdom. Wy wolle net de rânestêd kopiearje, mar ynsette op dy eigenheid: út krêft. En dêrom stekt it ús dat Verhaar dy trendbreuk [trendbrek] net sinjalearre hat.
Krêftich regionaal-ekonomysk belied helpt ús de efterstannen oan te pakken: soargje foar goed wurk. Mar wy dogge mear. Gemeenten en de provinsje wurkje al jierren oan de autochtoane efterstânsproblematyk. We binne net stil stean [stilstean] bleaun by de kennis dy’t ûnder oaren fuortkaam út it promoasje-ûndersyk fan Kees Verhaar yn 1997 (‘De prins op het witte paard’, een onderzoek naar JWG in Achtkarspelen).
Yn 2001 is ‘Naar school’ in ûndersyk fan Berny van Ruijven (Fryske Akademy), publisearre. Yn Achtkarspelen is spesifyk ûndersyk dien. Yn 1989 is dêrta de basis lein [dêr de basis foar lein] yn ‘Onderwijsbetrokkenheid in Achtkarspelen’ fan L. Postma, J. Brandsma en L. Cnossen (Rijksuniversiteit Groningen).
Achtkarspelen hat fan 1989 ôf dwaande west om mei de oanbefellings út it RUG-ûndersyk te wurkjen. Der is net allinne yn de basisskoallen, mar foaral ek ynvesteard [ynvestearre] yn it pjutteboarterswurk.
Doe’t it slagge Den Haag ek dúdlik te meitsjen dat op it plattelân faaks in noch dregere ûnderwiisefterstân is as yn de grutte stêden, wie it mooglik om mei de ekstra finansjele middels foar ‘voor- en vroegschoolse educatie’ ien en oar noch mear te yntinsivearjen. Doe’t der ek noch jild kaam om yn te setten foar it saneamde onderwijskansenbeleid [‘onderwijskansenbeleid’/ ûnderwiiskânsebelied] , kaam der in streamfersnelling yn de oanpak fan it efterstânsbelied mei draachflak fan it ûnderwiisfjild.
De provinsje hie de koördinaasje fan dit [dat] mearjierrige projekt. De provinsje hie ûnderwilens mei eigen middels ynset op it befoarderjen fan Frysk en/of twatalich pjutteboarterswurk. Ek waard de trijetalige skoalle ynfierd.
Wat binne de risseltaten? Mei de nulmjitting fan 1989 koe Achtkarspelen by de gemeentlike analyze fan de Fryske Akademy sjen dat de yntegrale oanpak ûndanks [nettsjinsteande] de beheinde finansjele middels wurke hie. De measte OWK-skoallen krije grip [fet] op de efterstânsproblematyk.
Ek de trijetalige skoallen litte yn koarte tiid sjen dat mei bewust taalbelied, mei júst [krekt] de primaire [primêre] memmetaal Frysk, der gjin efterstân mei Nederlân [de rest fan Nederlân?] is.
It Frysk of twatalich pjutteboarterswurk lit ek sjen dat bewust taalbelied kwaliteitsferbetterjend wurket. Jong In Fryslân (JIF), al aktyf yn tweintich gemeenten, rint dus foarop ten oansjen fan [op it stik fan/oangeande] it lannelik [lanlik] belied. JIF hat as doel dat alle bern en âlden help of ûndersteuning [stipe] krije kinne, sawol previntyf as fia [fan] helpferlienende ynstellings.
Mei dizze erfarings [dy ûnderfinings] is it gjin wûnder dat de provinsjes yn oerlis mei it wurkfjild kaam is mei de nota ‘Boppeslach’. Mei it útfieren fan dizze [dy] nota kinne we yn Fryslân opnij in stap sette yn it befoarderjen fan bewust (Frysk) taalbelied en in algemiene kwaliteitsslach.
Al mei al mei it dúdlik wêze dat autochtoane efterstannen net feroarsake wurde roch de Fryske taal en it Frysk-eigene, en dat mei in positive, kwalitative oanpak sawol it Frysk as it Nederlânsk foarút giet. Fansels binne wy der noch lang net; dizze [dy] drege plattelânsproblematyk is in kwestje fan hiel lange azem.
Dus Kees Verhaar, it hie faaks better west dat jo jo earst even op de hichte steld hiene fan de foarderingen dy’t wy nei jo ûndersyk yn 1997 makke ha.
Boarne: Leeuwarder Courant, 03-04-2007 [flaters ferbettere tusken de kante heakken]
FFU: Sjoch ek by ‘Poadium 2007’: Dom, lui, beperkt, maar gelukkig, 31-03-2007 (P-LC) en Over wat achterstand is, valt nog te twisten, 03-04-2007 (P-LC).