‘Min Frysk’ en de Leeuwarder Courant (3), 25-04-2007 (P-LC)

‘Min Frysk’ en de Leeuwarder Courant (3), 25-04-2007 (P-LC)

As provinsjes tegearre it debat oangean?
It iennichste dat de provinsjes bûten de Rânestêd noch dwaan kinne, is om druk út te oefenjen op kultuerminister Plasterk om it kultuerjild better te ferdielen oer alle provinsjes. Benammen Amterdam, de haadstêd fan de Rânestêd, kriget fierste folle: “Omliggende provincies komen er bekaaid af”, seit ferslachjouster Kirsten van Santen yn de LC (18-04-2007). En dan leit se ús eigen deputearre Mulder, as er it oer dy skandlike ferdieling hat, yn de mûle: “Wy moatte tegearre it debat oangean, midden yn de Haachske arena.” Hat er dat letterlik sa sein? Dan doart er wol ...

Mar, binne der bûten de Rânestêd hjoed de dei wier noch mar twa provinsjes oer? Ut myn skoaljierren heucht my dat der folle mear wiene. Of is Nederlân de lêste jierren nochal krompen bûten Hollân en Utert?

As dat lêste net it gefal is, soene dy provinsjes dan net better mei-inoar de striid fiere kinne yn dat fiere De Haach? En moat Mulder of moat Kirsten dan in Frysk wurdboek meinimme om de tel net kwyt te reitsjen? Skrandere lju hawwe my ferdútst dat der sa’n wurdboek bestiet. En ek dat provinsjes mei-inoar gauris sterker steane as tegearre.  Oan ‘de gearstelling en beminsking fan de fondsen’ kin dan tagelyk wat dien wurde. Grif kin datselde wurdboek dêr ek noch by helpe ...
(Sa wie it ynstjoerd by de Ljouwerter Krante, mar sa is it der nèt ynkommen op 25-04-2007.)

FFU: Behalven dat de skeanprinte, fette wurden diskear troch de redaksje fan de LC net oernommen wiene yn it ynstjoerd stikje en der oare koppen boppe set wiene: Kultuerjild en Mei-inoar sterker, wie oan de ein ek de sin: “Oan ’e gearstelling en beminsking fan de fondsen’ kin dan tagelyks wat dien wurde”, weilitten. Wy moatte hast wol konkludearje dat de redaksje tocht dat it echt oer it ferdielen fan ‘kultuerjild’ hannele en net yn de rekken hie dat it om ‘min/gjin Frysk’ yn de Ljouwerter Krante gong. Foarm en ynhâld wurde maklik ferwiksele. It moat fier weikomme ...

Sjoch ek by ‘Poadium 2007’: Min Frysk’ en de Leeuwarder Courant (2), 31-03-2007 (P-LC) oer it ferskil tusken merk en merke: ‘Min Frysk’ en de Leeuwarder Courant, 20-03-2007 (P-LC) oer it ferskil tusken rikke en rikje. En fierders: Maart 2007, Sjerp & Jittik (5): ‘Min Frysk’ yn de Leeuwarder Courant.

<< Werom nei 'Aktueel 2007'