Trijetalige skoalle útkomst fan ieu Fryske les, 04-05-2007 (P-LC)

Kleierige ferhalen oer dat it Frysk neat om hakken hat yn it ûnderwiis, binne der genôch. Neffens Jelle Bangma, koördinator fanút [út] it taalsintrum Frysk fan de ûnderwiisbegeliedingstsjin Cedin [wei] , binne de measte fan dy ferhalen domwei net wier. Under it motto ‘Mear talen, mear takomst’ wurdt fan ’t jier fierd dat Provinsjale Steaten hûndert jier lyn foar it earst jild beskikber stelden foar Frysk yn it leger ûnderwiis.

‘Aan ’t Friesch heeft men bitter weinig’
Op 19 novimber 1907 namen Provinsjale Steaten mei 39 stimmen foar en 8 stimmen tsjin in útstel oan om 500 gûne út te lûken foar skoallen dy’t bûten skoaltiid Frysk jaan wolle. Op dat stuit waard op santjin skoallen Frysk jûn oan de heechste klassen en oan bern dy’t al fan skoalle ôf wiene.

Op himsels net in feit, bysûnder genôch om in hiel jubileum by op te setten, mar neffens Bangma wie der ek oars alle reden foar in feestje. “Wy hawwe dat motto ‘Mear talen, mear takomst’ yn 2005 yntrodusearre op in ûnderwiiskonferinsje yn Oranjewâld. Sûnt is der safolle nij elan, binne der safolle nije ûntjouwings, is der safolle posityfs te melden, dat wy seine: it is tiid foar in feestje. Dêr ha wy in jubileum by socht.”

It wie mar in lytse minderheid dy’t him yn 1907 tsjin dy 500 gûne foar it Frysk fersette, mar de arguminten dy’t de tsjinstimmers brûkten, komme de lêzer fan hjoed de dei bekend foar. “Aan ’t Friesch heeft men bitter weinig, zelfs in de steden van de provincie, terwijl men er buiten de grenzen van  de provincie heelemaal niet mee terecht kan. Men moet zich daar bedienen van het Nederlandsch, onze aller moedertaal.”

De foarstanners wize derop, dat it Frysk gjin dialekt, mar in taal is mei in eigen grammatika en literatuer en dat it ‘het denkvermogen’ fan de bern steunt. As tredde argumint wurdt brûkt: “De beoefening van het Friesch, ernstig genomen, zal aanleiding geven, dat ook het Nederlandsch beter wordt geleerd.”

De ûntjouwing fan it Frysk yn de hûndert jier dêrnei telde yn alle gefallen trije mylpeallen: yn 1937 waard it Frysk as fakultatyf fak tastien yn de heechste klassen fan it leger ûnderwiis. Yn 1955 waard it mooglik om de bern yn de ûnderbou it lêzen, skriuwen en rekkenjen yn it Frysk oan te learen (de twatalige skoalle). En yn 1980 waard it Frysk in ferplicht[e] fak yn it basisûnderwiis.

Ferhalen oer skoallen dy’t har fan dy ferplichting út 1980 ôfmeitsje troch sa no en dan in Frysk ferske mei de bern te sjongen, binne der by de rûs, mar neffens Jelle Bangma klopje [doge] dy net. “Yn 2006 is de ûnderwiisynspeksje mei in rapport kaam en dêr stiet yn dat de measte skoallen it Frysk ien oere yn ’e wike as fak jouwe en dat soks dien wurdt troch minsken dy’t dêr it foech foar hawwe. Dêr is neat mis mei.”

It Frysk as fak is ien ding, it Frysk as fiertaal by oare fakken is in folgjende stap. Dat bart sûnt acht jier benammen op de trijetalige skoallen yn It Heidenskip, Earnewâld, De Hommerts, Ternaard, Holwert, Brantgum en Boksum. Nei’t de goede resultaten fan dy skoalle bekend waarden, hawwe ek skoallen yn De Harkema, Terkaple, Reduzum en Jorwert har foar it netwurk fan de trijetalige skoallen oanmeld.

Kearnpunt yn de filosofy fan dy nije ûnderwiisfoarm is dat de trije talen goed fan elkoar skaat wurde. Oant en mei groep fiif wurde de lessen foar de helte yn it Frysk en foar de helte yn it Nederlânsk jûn. Dat kin bygelyks troch de lessen moarns yn it Frysk te jaan en middeis yn it Nederlânsk, mar it kin ek troch de beide talen om en om in wike lang de hiele dei te brûken. Fanôf [Fan] groep seis [ôf] wurdt it Ingelsk yn 20 persint fan de lessen as fiertaal brûkt, en nimme de beide oare talen elk noch 40 persint foar har rekken.

Troch flachjes en oare symboalen wurde bern har der tige bewust fan hokker taal [oft] se brûke. It trijetalige karakter fan in skoalle komt ek nei foaren yn alderhanne kaartsjes. Njonken it boerd foar de klasse hingje trije: ‘bord’, ‘boerd’ en ‘blackboard’. Op ’e doar stiet: ‘deur sluiten a.u.b’, ‘doar graach ticht’ en ‘close the doar please’.

Jelle Bangma: “It Frysk moat sichtber wêze. As de bern oan it wurdbyld wenne, sjogge se dat it Frysk in taal is. Dat is goed foar de taalûntwikkeling, mar ek foar it gefoel fan eigenwearde. Se wurde befêstige yn har eigen taal, se sjogge dat dy taal der ta docht. Dan witte se ek wêrom’t se dy taal leare moatte.”

Undersikers fan de Fryske Akademy hawwe de sân trijetalige skoallen acht jier lang folge en de resultaten hieltyd ferlike mei dy op oare skoallen. Dat de bern it Frysk better yn ’e macht hiene, wie gjin ferrassing. Mei de behearsking fan it Nederlânsk skoarden de learlingen like heech as it Nederlânsk gemiddelde en dêrmei sieten se boppe it Fryske gemiddelde. It iennichste dat ôffoel wie de behearsking fan it Ingelsk. De bern wiene wol frijer yn it praten, mar se skoarden by eintsjebeslút net heger as bern dy´t Ingelsk as fak krigen op skoalle.

Yn tsjinstelling ta de âlde twatalige skoalle leare de bern op de trijetalige skoalle it lêzen en it skriuwen net mear yn it Frysk. “Dy slach ha wy ferlern. Wy kinne noait tsjin de metoaden fan de grutte útjouwers op. Boppedat wie it pedagogysk motyf dêrfoar al lang weifallen. Yn it begjin fûnen pedagogen it it bêste om it lêzen en it skriuwen yn de eigen taal oan te learen, mar foar de bern fan no is it Nederlânsk al lang gjin frjemde taal mear. Wy sizze no: lear se it lêzen en skriuwen mar yn it Nederlânsk en as se dêr oan de ein fan groep 3 fier genôch mei binne, begjin dan mei it Frysk en it leafst ek sa gau mooglik mei it Ingelsk. Tusken har tredde en har achtste binne bern it meast taalgefoelich.

“Bern moatte ek goed Nederlânsk en Ingelsk leare”, mient Bangma. “Dêr komme se mei foarút. Mar dat hoecht net op kosten fan it Frysk te gean.”

Oarsom – bern dy’t wol Frysk, mar net genôch Nederlânsk leare – komt ek foar. Bangma: “Der komme ek noch altyd bern fan skoalle dy’t it Nederlânsk amper yn de praktyk brûkt hawwe. Hoe giet soks? In bern stelt by it rekkenjen in fraach yn it Frysk en master antwurdet him ek yn it Frysk. Dat is wol gesellich. Mar dan rinst wol it gefaar dat sa’n bern hast noait Nederlânsk praat. Op dy trijetalige skoallen bestiet dat gefaar net, dêr is in dúdlike skieding: no prate wy Nederlânsk, fan ’e middei prate wy Frysk.”

Ferline jier hawwe fjouwer nije skoallen har foar it projekt oanmeld. Jelle ferwachtet dat mear skoallen dat de kommende jierren dogge. It taalûnderwiis stiet yn ’e belangstelling en boppedat wurde skoallen yn Fryslân hieltyd wer konfrontearre mei taalefterstannen.”

Trijetalich ûnderwiis is neffens Bangma net allinne goed foar de bern, mar ek foar it Frysk en de Friezen. “De minsken ferbine taal graach mei identiteit, hielendal yn dizze tiid  fan globalisearring. It Frysk krijt yn de popmuzyk, de media, de sikehuzen en op oare plakken in hieltyd folweardigers plak. Dat helpt minsken om har der bewust fan te wurden dat har eigen taal like wichtich is as oare talen.”

SIETSE DE VRIES

Foar de aktiviteiten sjoch: www.meartalenmeartakomst.nl

Boarne: Leeuwarder Courant [‘Freed’], 04-05-2007

<< Werom nei 'Poadium 2007'