As it om it brûken fan it Frysk giet, is it wichtichste tsjinargumint it jild, ornearret Karel F. Gildemacher. No’t de ried fan Dantumadiel besletten hat om de Fryske fariant fan de doarpsnammen ta de offisjele te promovearjen, wurdt as grutste beswier nei foaren brocht dat sa’n operaasje safolle sinten kostet. En altiten is der wol in ûndernimmer te finen dy’t fynt dat de ried syn nij briefpapier fergoedzje moat. En men kin der altiten donder op sizze dat de PTT (al hjit dy no foar in part TNT en diels KPN) yn stelling brocht wurdt fanwege[n] de kosten dy’t se meitsje moatte om al dy nammen yn al har kompjûters te feroarjen.
Men kin soksoarte arguminten it bêste wjerlizze mei it sizzen dat it Nederlâns[k] de oarsaak is dat der safolle kosten makke wurde moatte. Mei oare wurden, de oarsaak fan dy kosten lizze yn it eardere brûken fan it Nederlâns[k], net yn it mei yngong fan takom jier begjinne te brûken fan de doarpsnammen sa’t de autochtoane Dantumadielsters dy altiten al brûkten. It fersin wurdt goed makke.
Dantumadiel is der lykwols noch net. Fansels is it nimmen fan in beslút om ‘Fryske plaknammen yn te fieren’, in beslút. Ik neamde dat beslút no mar efkes mei dy falske namme, mei’t minsken it sa neame. Yn feite [feitliken] giet it om it op skrift brûken fan de âlde folksnammen troch de oerheid en har folgers. Der wurdt neat ynfierd, it wie al ieuwen sa. De oerheid wie oant foar in tal jierren de propagandist fan de iene taal – het Nederlands – fan de sintralistyske steat fan de Nederlanden. De lêste fyftich jier is dat wat feroare, net allinne yn Fryslân, mar oeral dêr’t it standertdialect [standertdialekt] minder yn gebrûk wie.
As men de doarpsnammen tenei brûkt yn de folksfariant, moast men dat eins ek dwaan mei fjildnammen (gâns wetternammen is al met ret troch de provinsje), nammen fan bosken en wegen. It meast yngripend binne nammen dy’t as adres brûkt wurde. Wetternammen yn it Frysk fêststelle wie maklik, want der hat suver net ien in adres op wetter. Mar in dyk, in wei, in strjitte, in paad, dêr wenje minsken oan en dan begjint it. In mins wol net feroarje.
It is yn Damwâld en omkriten in boeiend soadsje wat nammen fan wenadressen oangiet. Sa’t it telefoanboek it opjout, foarmet Damwâld in prachtich nammelânskip dat in byld jout fan hoe’t de rju achte riedsleden mei nammen omgien binne yn it ferline. In lyts oersjoch.
Der binne histoaryske nammen. Nammen dy’t faaks al ieuwen besteane om’t de wegen sa âld binne. Foarwei en Achterwei hearre dêrby. De Dammeleane en it Halepaad kin men dêr noch oan taheakje. Deselde argumintaasje dy’t brûkt is om de doarpsnammen te ‘feroarjen’, jildt ek foar dit type nammen.
Foar histoarisearjende [historisearjende] nammen jildt eins it selde. De Thiedamaweg is in nijfoarming in giet tebek op de Thyedamameer dy’t yn 1525 as in grinswetter oanhelle wurdt. Soks jildt ek foar de strjitnamme Oude Meer dy’t yn dy fariant yn 1778 neamd wurdt, mar troch Teunissen terjochte [mei rjocht] oanhelle wurdt as Aldmear.
Fierders is it nuver dat Fryske skriuwers en histoarisy as Jan Ritskes Kloosterman en T.E. Teunissen yn de nammen fan in straat ferneamd binnen [binne] en net yn in namme fan in strjitte. Hoe’t soks mei oare ferneamde lokale grutheden sit, wit ik net, mar it soe wêze kinne dat guon har yn it grêf omkeard ha[wwe] doe’t se fernamen wat der mei har namme dien waard.
It gemeentehûs fan Dantumadiel te Damwâld is te finen oan Paardebloem 4. Blykber is dy strjittenamme yndertiid sa fêststeld (yn it pre-paardenbloemtiidrek dus). Giet de gemeente no hinne en neam dy hiele blommewyk om? Reboelje en gedonder. Want grif wennet der immen oan Madeliefje dy’t foar gjin goud nei Koweblomke ferhúzje wol. En hoe moat dat mei Korenbloem, wurdt dat Roggeblom?
Der is útsoarte [út soarte] mar ien akseptabele oplossing: oanslute by it folk. Dat is de taak fan de oerheid, lykwols net as in slaafske útfierder fan wat de minsken as waan fan de iene dei nei foaren bringe en de oare deis wer fersmite, mar út in dúdlike beargumintearre [beärgumintearre] koers wei. Kommunisearje en oertsjûgje fan de kulturele wearde fan nammen yn de taal sa’t dy lokaal wenst is of wie. Sa moat it. In ynkommeling – ek de nederlânsktalige [Nederlânsktalige] – past him oan, wurdearret eigen karakter. Net om’t it moat, mar om it belibjen fan it moaie fan it mienskiplike. De bân fan hjoed mei juster. Hynsteblom fjouwer te Damwâld is noch net klear.
Boarne: Leeuwarder Courant, 11-05-2007
FFU: Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’: Dantumadeel kiest Friese plaatsnamen, 25-04-2007 (A/WB-LC); Friese plaats- en straatnamen laten dorpen koud, 22-02-2007 (A-LC); Dantumadeel kiest Friese plaatsnamen, 21-02-2007 (A-LC); Liever Friese les dan Friese naamborden, 21-02-2007 (A-FD); CU: referendum over naamborden, 20-02-2007 (A/SB-LC); ‘Invoering van Friese namen kost bijna niets’ , 29-01-2007 (A-LC); Dantumadeel: Fries spreken, Nederlands lezen, 23-01-2007 (A-LC); Dantumadeel: meer Fries, 22-01-2007 (A-FD) en by ‘Poadium 2007’: Damwâld, 11-05-2007 (P-LC); Lokwinske Damwâld, 09-05-2007 (P-LC); Driesum straks eindelijk weer Driezum, 01-05-2007 (P-LC); Fries begint niet bij komborden, maar bij ouders, 30-04-2007 (P-LC).