Bertus Postma: As mâle Jan yn ’e hinnen, 17-05-2007 (P-LF)

1. Yndertiden hellen wy him, Liuwe Westra, op ’e grins by Fiskfliet feestlik yn mei alle bekkens en lieren, bazunen en trommen dy’t wy hiene. De dûbelde doktorandus kaam út Grinzerlân wer thús. Hy soe de bewegingsrie foarsitte en sa de beweging stjoere. Gjin riedsfoarsitter foar noch nei him stelde safolle kommisjes yn as hy. Dy waarden mei trije letters beneamd. Gjin riedslid koe se allegearre út ’e bleate holle. Waard der praat oer PNK, dan wisten allinne PNK-leden, dat it oer de plaknammekommisje gie.

2. De jonge foarsitter hie noch mar ien kear ‘Lytse Frisia’ yn ’e hannen hân, doe’t er der al skjin syn nocht fan hie. Dêr stiene oars gjin oare wurden yn as wurdboekwurden, dat hy moat ek nochal wat argewaasje fan ús Akademywurdboeken hân hawwe. Op in stuit frege ús Jongfryske Mienskip om it lidmaatskip fan de bewegingsrie. It beskie fan de jonge riedsfoarsitter wie, dat er mei it lidmaatskip net sa wiis wêze soe as de JFM en syn bledsje op ien en deselde tromme sloegen. Him is fuort oan it ferstân brocht, dat de Mienskip it iennichste, ûnôfhinklike, Frysk-nasjonale bledsje net oan it tou hie. Klear as de sinne, de man wie net fan ‘leaver mei-inoar as tsjininoar’, mar hy koe de JFM net bûten de rie hâlde.

3. Letter moast de Slach by Warns-betinking slachtoffer makke wurde fan de driuw om te feroarjen wat ús jonge riedsfoarsitter net sinnige. Dy betinking koe helte better op in hiel oare dei en op in hiel oar plak en op in hiel oare – feestlike – manear fierd wurde. Dan soe der helte mear folk op tasetten komme.

4. Ik sjoch noch de ôfgriis yn de riedsgearkomste yn de Froupoarte foar my. Klaas Timmermans wie de earste mei syn kommentaar: hy hie nea noch sa’n healwiis útstel ûnder eagen hân. En fierwei de measte oaren woene likemin wat fan de ‘fernijing’ witte. De jonge foarsitter hie ek wizer wêze moatten. Hy hie Willem IV sa fier krije moatten, dat dy in moaie simmerdei útsocht hie en in slachfjild tichte by Snits.

5. By syn beneaming as dûmny yn Lollum gie de riedsfoarsitter ôf, mar as oanfierder fan in binde fan seis/sân opstannelingen kaam de jonge VDM’er werom yn de rie. Dy moast de swetten útlizze, mear ferienings en saken oanhelje, en se dan ek mar foar alle wurk opstrûpe litte. De rie hoegde sels net folle mear te dwaan as de saken lykop rinne te litten. Nei wat hinne-en-wer praat tebriek de bindelieder de bining mei de rie.

6. Hokkerjiers wie ús jonge Lollumer foarsitter fan it KFS wurden. Yn de ledegearkomste fan maartmoanne 2003 gie it wer mâl. Foar de beide (maitiids- en hjerst)gearkomsten yn it plak woed er ien kear yn it jier op ien en deselde dei ien jiergearkomste hâlde en ien ‘projekt’ útfiere. Boppedat moast it Nijsbrief ferfalle. De leden hiene der lykwols nul en neat mei op en dûmny sei dan ‘amen’, wylst er fan ‘út’ bedoelde: hy (en syn bestjoer) woene mar ophâlde fan bestjoeren. In pear moanne neitiid waard yn in ekstra gearkomste ien en oare wer fierhinne rjochtbreide. It bestjoer gie wer oan ’e slach, de hjerstgearkomste waard ôfskaft.

7. De Lollumer VDM’er koe yn de Lollumer Weme de rêst net fine, hy koe net heal sûnder aventoer en striid. Syn KFS-bestjoer liet him fannijs beprate. “KFS-besjoer wol út Ried Fryske Beweging” (Ljouwerter, 3 april 2007). Wêrom? Yn de maitiidsgearkomste fan 21 april wie it argumint, dat de bân rie-selskip amper mear bestie. Der soe yn de ferhâlding rie-selskip neat feroarje, as dy bân tebrutsen waard.

Myn bydrage oan it besprek wie û.o.: “Friezen meie fan de Flamings wol wat striidberder wurde” (Ljouwerter, 30 maart). Dêr past hiel oare tee by as de sloppe kofje fan de wat ûntregele, alleman en wrâld ûntmoedigjende, foarsitter. Dêr past gjin bestjoer by dat út de rigen stapt en oaren foar it wurk opstrûpe litte wol. ‘It is net in aerdichheit, de Fryske striid, mar it giet op libben en dea, om bestean ef net bistean’ (E.B.F[olkertsma] yn ‘Toer en Tsjerke’, side 211). En dy striid stride wy mei-inoar: Ald Selskip, KFS, Jongfryske Mienskip en studintefederaasje. De beweging kin net heal sûnder it KFS.”

De leden moasten neat fan it bestjoersútstel hawwe. Trije kertier praten sa’n 45 leden oer it útstel, dat fansels út de koker fan de foarsitter kommen wie. It wie in djoer petear: de frou/man in 50 euro de oere tarekkenjende, kaam it op 1687, 50 euro, yn âld jild op 3750 gûne en dan noch sûnder b.t.w. Doe’t bliken die, dat de gearkomste neat fan it ‘bestjoers’útstel hawwe moast, wie dy 3750 (plus b.t.w.) weismiten jild. It fermidden hie mar ien treast foar de Lollumer preker: twa wizere leden soene har nochris beriede op de bân dy’t rie en selskip bûn (Deiblêd en Ljouwerter, 23 april).

It ien nei lêste punt fan de wurklist wie in besprek fan de selskipstakomst, it lêste in fesper. De lêzer mist it omfreegjen no, ik miste it doe.

8. Yn july fan 2006 hie ik yn de Menamer riedseale it, doe al ôfgiene, b. en w.-kolleezje 2002-2006 in leksum lêzen. It hie in Hollânske advertinsje yn ’e krante by it ferstjerren fan in Fries, wylst dy syn neiste sibben in eigentalich deaberjocht skreaun hiene (Lyts Frisia LV, 2006, side 56).

Op 11 maaie 2007 rekke de mjirkes dûmny Dykstra fan Sumar wei. Syn neisten hiene in Frysk deaberjocht yn de beide kranten fan 14 maaie en syn Sumarder PKN-gemeente hie in eigentalige advertinsjetekst, mar it antyfryske ‘Fries Godgeleerd Gezelschap’ dêr’t de ferstoarne lid en skriuwer fan west hie, koe it net litte: “Wij wensen zijn echtgenote en familie ...” Sa stie it yn beide kranten yn ‘de taal fan de lytse ûnderdrukking’ (dr. Jeh. Fryswyk). No hie Dykstra by syn libben in jiermannich yn it KFS foarsittere, dat it selskip hie alle reden om dat stel godgelearden út ’e leage te waskjen. It soe der lykwols net fan komme. Want wa syn hân stie ûnder de godgelearde, Hollânske, advertinsje? Dy fan dr. L.H. Westra, as ‘secretaris’ (!)

Wy harkje en sjogge tsjintwurdich wol gauris nei de RTL (Radio Televyzje Lollum), dy’t sa ticht by de boarne, it nijs, nij fan ’e nudle, ús kant út útstjoert.

Bitgummole, 17 maart 2007

Boarne: Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVI, nû. 3, sept. 2007, s. 37-39

<< Werom nei 'Poadium 2007'