Hollânsk-Frysk, 07-06-2007 (P-LC)

Meitsje fan Drylts de haadstêd
Hollânsk en Frysk binne suver ien en deselde taal. It Hollânsk is Frysk, allinnich wat oars skreaun en wat oars útsprutsen. Sadwaande koe ik my as jongfeint yn Hollân frij gau yn de nije taal rêde. En bewiizge de minister Plasterk ek net, hoe maklik [oft] in Hollanner ús taal leart?

De folslein Hollânskstâlige Ljouwerter beliedsnota ‘Fris Fries’ soe Shakespeare syn Troilus fan sein hawwe: wurden en wurden jitris: neat fan ’t hert. It Frysk, twadde rykstaal, soe likefolle wurdich wêze as it Hollânsk (side 3). Yn ’e werklikens wurdt it behannele as in raffelrântsje oan dat Hollânsk. Kolleezje- en riedsleden meie ús taal wol praten hearre, mar dy sels allinnich mar te ferstean, is har genôch (side 7). Foar har is in Fries-mei-yn-taal kultuerbesit, mei de klam op ‘besit’. Yn guon fermiddens yn Fryslân stimpelet syn taal in Fries ta in twadde-rangsboarger (Bertus Mulder, Fryske taalpolityk, side 114). Helte better as yn Ljouwert leit it lân yn Wymbrits. Lit ús fan Drylts de provinsjale haadstêd meitsje.

Bitgummole, B.J. Postma

Boarne: Leeuwarder Courant, 07-06-2007 [ynstjoerd stikje]

<< Werom nei 'Poadium 2007'