Media-Frysk, juny 2007 (P-HW)

It Frysk dat yn 'e media brûkt wurdt is bytiden sa bryk as in kroade, in putheak en de Aldehouster toer byinoar. It tilt op fan letterlike oersettingen fan amtlik Hollânsk, konverzjes, nominalisaasjes, ûndergeande foarmen, ferkearde ferwiiswurden en oare stylfouten. Dat makket it stiif en ûnnoflik om te lêzen. Hjirûnder steane in pear priuwkes fan hoe't it ek kin.

Oarspronklike ferzje: (www.omropfryslan.nl, 14-6-2007)

'Tekoart oan staazjeplakken'
De ferplichte maatskiplikke staazje dy't it nije kabinet ynfiere wol yn it fuortset ûnderwiis soarget mooglik foar grutte krapte yn staazjeplakken foar it beropsûnderwiis. Dat ferwachtet Klaas Koops, foarsitter fan it bestjoer fan it Friesland College.
Yn it beropsûnderwiis wurdt in hiel soad staazje rûn troch learlingen. At ek learlingen fan it fuortset ûnderwiis op staazje moatte soarget dat foar te grutte konkurinsje.

Sa kin it ek:

'Tekoart oan staazjeplakken'
It nije kabinet wol dat learlingen yn it fuortset ûnderwiis in maatskiplike staazje rinne. As dat plan trochgiet, bliuwe der te min staazjeplakken oer foar learlingen yn it beropsûnderwiis. Dat ferwachtet Klaas Koops, foarsitter fan it bestjoer fan it Friesland College.
Learlingen yn it beropsûnderwiis rinne hiel faak staazje.

***

Oarspronklike ferzje: (De Moanne, juny 2007)

Tresoar is net fan juster!
In soad, in hiel soad heechweardige ynformaasje. Foar eltsenien is dy beskikber en yn Tresoar kinne jo dêr by komme, of as it om boeken giet: dy liene. Wa't wat witte wol oer kultuer, skiednis, of literatuer út Fryslân, mar ek fan dêrbûten, komt nei Tresoar.
Wy binne eins hiel unyk: museum, argyf en biblioteek tagelyk. Fansels mei in protte histoaryske boeken, fan ûnder oare: it Hof fan Friesland en de Universiteit fan Frjentsjer, mar ek nijsgjirrige argiven, foto's en portretten. Sa hawwe wy bygelyks alle argiven fan Koopmans Meelfabrieken, folslein mei alle ferpakkings.
Mar ek alles op it mêd fan de Fryske literatuer, lykas grutte brievesamlingen en hânskriften fan skriuwers. It ferline, hjoed en de takomst fine jo by Tresoar, sawol fysyk as firtueel.
Komme jo ris om te sjen?

Opmerkingen: Wêrom wikselet de sprekker fan perspektyf? Soms wurdt de 'jo' oansprutsen, soms hat de ferteller it oer in tredde persoan ('Wa't ...'). Soms is it 'wy', soms is it 'Tresoar'. Wat is 'heechweardige' ynformaasje? En wat is der mei dy heechweardige ynformaasje? As dy 'heechweardige ynformaasje' it topic is, wêrom stiet 'Foar eltsenien' dan yn de Topic-posysje fan de sin? En wêrom wurdt 'dêr by' skreaun, wylst je by weromferwizing nei it topic 'der' ferwachtsje? Wêrom it argaïsme 'eltsenien'? Wat foeget 'Foar eltsenien is dy beskikber ta' oan 'yn Tresoar kinne jo dêr by komme'? Wêrom dy grouwélige tangekonstruksje yn de sin 'Wa't wat ... nei Tresoar'? 'Skiednis út Fryslân' komt my as in brike formulearring oan. Wêrom de tafoeging 'mar ek fan dêrbûten', dy't net goed yn 'e sin past? Wêrom 'eins' hiel unyk? Hoesa 'hiel' unyk? Hat 'unyk' dan gradaasjes? 'Fansels mei in protte histoaryske boeken ...' Is dat wol sa fansels? En wat is de funksje fan dy ûnfolsleine sin? Wêrom stiet 'it Hof fan Friesland' yn it Hollânsk? Wat is de funksje fan 'mar ek ... en portretten'? Dat is net goed yn foargeande sinnen yn te passen, dat it sil net in elliptyske konstruksje wêze. Wat it wol is, is my net dúdlik. 'Sa hawwe wy bygelyks ...' is in pleonasme. De ûnfolsleine sin 'Mar ek ... fan skriuwers' liket deel fan in parallellistyske konstruksje mei de foargeande sin as earste lid, mar stiet nuver genôch yn in nije alinea. 'Hânskriften fan skriuwers' is pleonastysk. It ferline, hjoed en de takomst' is in brike ferfrysking fan 'het verleden, heden en de takomst'. 'Het heden' kin net mei 'it hjoed' oerset wurde, mar om dan mar de NP 'het heden' mei in AP 'hjoed' oer te setten yn in nominale opsomming, dan beart as skuorde klokken. 'Sawol fysyk as firtueel': is dat Frysk? En wat is yn 'e goedichheid in 'fysike' of in 'firtuele' takomst? It slimste is de sin 'Komme jo ris om te sjen?' Dy jout my de yndruk dat de skriuwer it Hollânske 'Komt u eens kijken?' yn 'e holle hie en net wist hoe't er dat ferfryskje moast. Ik haw de advertinsje op 'e nij skreaun, mar it bliuwt in bryk ding dêr't kop noch sturt oan te ûnderskieden is.

Sa kin it ek:

Tresoar is net fan juster!
Tresoar makket in soad ynformaasje foar jo beskikber. In hiel soad. Jo kinne der allegear boarnen rieplachtsje en boeken liene. As jo wat witte wolle oer de kultuer, skiednis of literatuer fan Fryslân of oare streken, dan komme jo nei Tresoar.
Tresoar is in unyk ynstitút: it is museum, argyf en biblioteek tagelyk. Tresoar hat in protte histoaryske boeken, bygelyks fan it hof fan Fryslân en de universiteit fan Frjentsjer. Tresoar hat ek nijsgjirrige argiven, bygelyks dy fan Koopmans Meelfabrieken, mei alle ferpakkings deryn. Fierders hat Tresoar nijsgjirrige foto's, portretten en in mânske kolleksje op it mêd fan Fryske literatuer, mei û.o. grutte brievesamlingen en literêre hânskriften.
By Tresoar fine jo fysyk en elektroanysk fan alles fan juster, fan hjoed en fan moarn.
Kom ek ris del!

***

Oarspronklike ferzje: (www.fnp.nl, 30-5-2007)

Gjin stipe FNP foar bestjoersakkoart
De FNP steatefraksje jout gjin stipe oan it nije Bestjoersakkoart 2007-2011 fan CDA, PvdA en Christenunie. It sosjalere, grienere en Fryskere belied dat tasein wie yn it eardere Koersdokumint is net goed útwurke neffens de FNP.
De FNP sjocht te min ambysje oer punten dy't hja wichtich fynt, lykas de trijetalige skoallen en de Fryske Universiteit. De partij hat benammen ek soarch oer de finansjele dekking fan it nije belied. De Haachske CDA-PvdA-CU regearing wol 800 miljoen koartsje op it Provinsjefûns. De provinsjale opsinten op de wegenbelesting soene dêrom neffens de Fryske koalysje ekstra ferhege wurde moatte. De FNP hat dêr altyd fûl op tsjin west. De ambysjes fan it Koersdokumint kinne lang net allegear betelle wurde, dat der moat stevich skrast wurde, sa die bliken út de beandering fan CDA, PvdA en CU.
Johannes Kramer sketste yn it debat hoe't de positive gefoelens ten oansjen fan it oarspronklike Frysksinnige Koersdokumint omslein binne yn teloarstelling. De provinsje soe fan de útwurking net aktiver, selsbewuster en warberder wurde, sa woe hy hawwe. It Kolleezjeakkoart asemet tefolle de stevige greep fan it CDA op de finânsjes.
De ChristenUnie koe op de fûle ûnderfreging troch Kramer net oanjaan hokker punten de CU no krekt yn it Kolleezjeakkoart ynbrocht hat.
Opmerkingen: wêrom al dy ûndergeande foarmen? Sosjaler, griener en Frysker as wa/wat/wannear? Wêrom 'hja' foar 'de FNP'? It is doch net in wyfke! 'Der moat stevich skrast wurde'? Troch wa dan? En wêryn? 'Beandering' fan wat? 'It debat'? Hokker debat? Is 'positive gefoelens ten oansjen fan' mear as modieus gebrabbel? Hoe kinst in 'greep' aZemje? 'Fûle ûnderfreging'? Op 'e dyk of yn in gearkomste?

Sa kin it ek:

Gjin stipe FNP foar bestjoersakkoart
De FNP-Steatefraksje jout gjin stipe oan it nije Bestjoersakkoart 2007-2011 fan CDA, PvdA en ChristenUnie. Yn it saneamde 'Koersdokumint' hienen dy partijen tasein dat se sosjaler, griener en Frysker belied fiere wolle as it eardere kolleezje.
De FNP fynt de partijen net ambisjeus genôch as it giet om belangrike punten lykas de trijetalige skoallen en in Fryske universiteit. De FNP hat ek soarch oer it bestuiverjen fan it nije belied. De CDA-PvdA-CU-regearing yn Den Haach wol 800 miljoen koartsje op it Provinsjefûns. It nije Fryske kolleezje wol de provinsjale opsinten op de wegebelesting ferheegje om dat te kompensearjen. Dêr hat de FNP altyd fûl op tsjin west. De provinsje hat gjin jild om alle plannen yn it Koersdokumint út te fieren, dat CDA, PvdA en CU sizze dat se gâns doelen skrasse moatte.
FNP-Steatelid Johannes Kramer sei yn de ôfrûne Steategearkomste dat er entûsjast wie oer it Frysksinnige Koersdokumint, mar dat it Bestjoersakkoart him teloarstelt. De provinsje soe der net aktiver, selsbewuster en warberder fan wurde, sa woe er hawwe, en it CDA soe de hân tefolle op 'e knip hâlde. Kramer woe perfoarst fan de ChristenUnie witte wat er yn it akkoart ynbrocht hie, mar dy partij koe dêr yn 'e gearkomste gjin antwurd op jaan.

***

Oarspronklike ferzje: (www.omropfryslan.nl, 6-6-2007)

Tomke yn it Bildsk
De avontoeren fan Tomke binne der no ek yn it Bildsk. It boek 'Tomke en Romke op reis' is oersetten troch de stifting Ons Bildt. Tomke is in projekt fan de Afûk om pjutten oan it lêzen te krijen.
It earste eksemplaar fan de Bildske Tomke is juster presentearre yn de bibleteek fan Sint Anne. Stifting Ons Bildt is dwaande mei Omrop Fryslân om te sjen oft der ek Bildske-fersys fan de tv-searje fan Tomke makke wurde kin.

Sa kin it ek:

Tomke yn it Biltsk
De aventoeren fan Tomke binne der no ek yn it Biltsk. De stifting Ons Bildt hat it boek 'Tomke en Romke op reis' oerset. De Afûk hat de Tomke-boekjes makke om bern oan it lêzen te krijen.
It earste eksimplaar fan de Biltske Tomke is juster presintearre yn de bibleteek fan St, Anne. Stifting Ons Bildt en Omrop Fryslân beprate oft se tegearre in Biltske ferzje fan de tv-searje oer Tomke meitsje kinne.

***

Oarspronklike ferzje: (www.omropfryslan.nl, 6-6-2007)

Grûnbelied moat winstjouwender
De gemeente Ljouwert moat har better rjochtsje op meitsjen fan winst mei har grûnbelied. Dat is de konklúzje fan de gemeentlike rekkenkeamer nei in ûndersyk nei it Ljouwerter grûnbelied.
Woansdei presintearre de rekkenkeamer dat ûndersyk. Opbringsten moatte brûkt wurde om minder rendabele nijbouplannen te finansierjen. Amtners moatte tûker ûnderhânnelje mei bou-ûndernimmers: it mes moat faker op tafel, fynt de rekkenkeamer.

Sa kin it ek:

Grûn moat mear opsmite
De gemeente Ljouwert moat sjen dat er mear winst op grûn makket. Dat sei de gemeentlike rekkenkeamer woansdei. De rekkenkeamer hat it Ljouwerter grûnbelied ûndersocht.
De gemeente moat it jild dat er oan grûn fertsjinnet brûke om nijbou te finansierjen dy't net safolle opsmyt. Amtners moatte better ûnderhannelje mei bou-ûndernimmers. It mes moat faker op 'e tafel, fynt de rekkenkeamer.

Boarne: http://www.beepworld.de/members64/dachtesid/media.htm [maaie-juny 2007, Henk Wolf]

<< Werom nei 'Poadium 2007'