Bertus Postma
Yn de Drachtster riedskommisje fan 18 desimber 2006 stroffele in PvdA-lid oer it wurd ‘Hollânsk’. Neitiid haw ik him der opmerksum op makke, dat op de side Frysk fan it gemeentlik ynternet itselde wurd stie mei deselde betsjutting, “yn dit Frysktalige diel fan de side treffe jo foaral algemine ynformaasje oan. Foar de totale ynternet-oanbieding kinne jo telâne (?, BJP) op it Hollânske diel.”
It is wat mei de talen yn Nederlân, mar Limboarchsk, it Leechsaksysk, it Frysk, it Biltske, it Hollânsk, ensamear. Mar eis is der allinnich mar wat mei dat Hollânsk, dat Hollanners bewitten, en gâns oar folk ûnbewitten, Nederlânsk neame. Rûnom en aloan wint it Hollânsk oan macht, as frucht fan in soarte fan kolonialisme en mearweardigen. Hylke Speerstra hie foar ús it wurd ‘ynboarlingen’ en Douwe Tamminga de beneaming ‘twadde-rangsboargers’.
“Yn de ûntwerp-notysje streektalen binne wy as standerttaal fan Nederlâns fan it ABN (Algemien Beskaafd Nederlânsk) útgien. Wy hawwe wol ûnder it begryp, dat hast yn alle parten fan Nederlân op ien of oare wize mei in tongfal praat wurdt, dus ien of oare foarm fan Hollânsk. Om misbegryp lykwols tefoaren te kommen, brûke wy it wurd ‘Nederlânsk’ ” (Provinsjale Notysje Streektalen, taheakke II, punt 6 fan maartmoanne 2005).
Yn hast alle parten fan Nederlân hat it Bûtenbûn syn kriten, yn hast alle parten fan Nederlân hawwe Bitgummoolsters neiste sibben te wenjen. Dat yn hast alle parten fan Nederlân wurdt ús ABF (Algemien Beskaafd Frysk) praat. Om misbegryp lykwols tefoaren te kommen, brûke wy it wurd ‘Nederlânsk’. Wy kinne sadwaande as standerttaal fan Nederl6an fan it ABF útgean! Wat neffens de provinsjale notysje foar it Hollânsk jildt – dat Hollânsk “Nederlânsk te neamen is – jildt dus likegoed foar ús sprake en foar it Limboarchsk en foar it Leechsaksysk en foar it Biltsk en foar ... Op dy provinsjale foet hawwe wy foar nochal wat talen ien en itselde wurd ‘Nederlânsk’. Wat in tizeboel.
Elke regionale taal is in Nederlânske taal en mei-inoar binne se de Nederlânske talen. En net ien dêrfan is it Nederlânsk. It ienfâldichste – en dêrom, it bêste – is it, om foar in taal ien en mar ien namme te brûken en de ûngelikense talen ûngelyk te beneamen. Foar de taal fan Seelân leit de beneaming ‘Sieusk’ yn ’e reden, en lyksa foar de taal fan Hollân de namme ‘Hollânsk’, ensamear.
Oan de Twiebaksmerk, in oarde fol ferstannigens en wizens, soe ik it folk wol oan it ferstân bringe kinne, dat it Nederlânsk net bestiet, tocht ik. Yn de steatekommisje haw ik it besocht, mar it is by besykjen bleaun: it wie in fermidden, dat sels it blau stopjern net útfûn hie. 1
______________
1Yn de tiden dat ús froulju oan it sokbreidzjen rekken, wie der ek fuort ferlet fan stopjern. In fernimstich man lei him út op it útfinen dêrfan. Hy kaam as earste mei in kaartsje stopjern yn it Provinsjejûs oansetten en krige dêr fan de kommissaris in gouden nudle. Dy rôp der ‘eureka’ by, as hied er it jern sels útfûn – wat dus net wier wie. Mar wier of net, ús sokbreidzjende froulju koene doe ek oan it sokstopjen.
Boarne: Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVI, nû. 2, juny 2007, s. 22.