Bitgummole, 1 aug. 2007
Achte Mulder,
Yn in briefke fan 5 augustus 2004 haw ik jo frege, hoe’t it mei ús eigentalige wetternammen yn jo krante komme soe. Op dat skriuwen is nea in andert fan jo kant kommen.
By steatebeslút fan 15 maart 2006 soene ús eigen nammen krekt in jier letter (wer) de offisjele wurde. It wie net mear as in hammerpunt yn de steateseale. ‘Burgumer Mar’, en ‘Berltsumer Wiid’ en sa kamen fansels wol yn de atlassen en op de wetterkaarten, mar de measte minsken krigen se suver allinnich yn de krante ûnder eagen en hast allinnich mar op dy manear soene se ‘wenne oant it gewoane’ (A. Feitsma). De Ljouwerter soe foar de measte minsken de haadrol spylje yn de omneaming. Hold jo krante lykwols ‘Bergumermeer’ en ‘Berlikumer wijd’ en sa oan, dan waard it neat.
Op 15 maart fan ’t winter wie it sa fier. Doe hie ik de meidieling ferwachte, dat jo Ljouwerter him oan it stikje Twiebaksmerk-demokrasy fan 15 maart 2006 hold en dat de Hollânsktalige wetternammen ôfskaft waarden. Want hie jo krante net al fuort yn it begjin fan 1989 oankundige, dat er de nije, mar oarspronklike doarpsnammen yn Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel oernimme soe? En wat is no it prinsipiële ûnderskie tusken doarps- en wetternamme?
Yn it earstoan wie it finaal mis en gie it mei ‘Bergumermeer’ en ‘Berlikumer wijd’, en sa as yndertiid mei ‘Friesland’, op ’e kop ferkeard. En op ’t heden binne it oer it generaal noch de Hollânske nammen fan foar 14 maart. Safier’t by in krantestik de skriuw(st)ersnammen stiet, skriuw ik de sûnder(esse) streekrjocht. Hjir is it my te rêden om de oare redaksje-artikels.
Sûnder doelberet op ’e jacht wet te hawwen, fûn ik dochs mear as santich Hollânsktalige en ferkeard-skreaune eigentalige nammen, fan ‘Achlumervaart’ (Achlumer Feart), ‘Linde’ (Lende), ‘Tjonger’ (Kuunder of Tsjonger) oant en mei ‘Zomerrak’ (Somerrak). De Snitsers Mar ferlear de nammeslach fan ‘Sneekermeer’ (23 kear), de Pikmar dy fan ‘Pikmeer’ (8 kear). Allinnich de ‘Sneekermeer’-stikjes stjoer ik jo ta.
Alve fan jo krantefolk hawwe 49 kear noch in net mear besteande namme skreaun, ien fan har die dat 25 kear. En krektlyk as hjirboppe neamd, wûn ‘Sneekermeer’ it (11 kear). ‘Tjeukemeer’ en ‘Houtvaart’ wiene ex aequio twad en tred (5 kear).
‘Better sichtber, mear fertroud’ is de nammen fan de nije provinsjale taalnota 2007-2010. Mar ús wetternammen komme amper yn ’e krante, se binne hast net te sjen. Hoe kinne Súdderfaart, Lende en Eeltsjemar jin dan ea fertroude nammen wurde?
Mei Bitgummoolster achtinge,
B.J. Postma
Boarne: Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVI, nû. 4, desimber 2007, s. 6