It hat lijen west en lijen is it noch, om iepenbier bestjoer, rjocht, bedriuw en folk oan ús nammen te krijen. Wol gauris ‘fersinne’ dy har. Le Bonbon-Giekerk, Halbertsma-Grouw, Hooghiemstra-Hardegarijp, se hawwe noch altyd nocht oan ûnnocht. Mei syn ‘Friesland’ liket my de Ljouwerter skepper en warder ta fan in klimaat fan dwersens en kontramine. Yn de krante fan 6 maart krige in Wesseling fan de Tike’ in snútslach fan de haadredaksje.1 De Stienzer boargemaster woe yn syn boargersjierferslach-2006 net better wêze as dy haadredakteur, hy skreau trijeris fan ‘Friesland’.
Sûnt de fyftjinde fan maartmoanne hawwe wy der 1042 wetternammen by.2 En der komt wer ekstra wurk út fuort, de earste oanwizings binne der al. Om alle wurk treast te wêzen is it bûn fan Fryske Namme Wachten oprjochte mei trije ôfdielings: 1. plaknammen, 2. wetternammen, 3. oare nammen. It personiel hat him noch gjin amerij ferfeeld. In priuwke út de earste wike fan maaie.
1. “It stikje út de krante fan 25 novimber fan ferline jier leit hjir al 158 dagen. It wurdt tiid, dat ik it jo weromstjoer mei de frage, wêrom’t jo nei krapoan achttjin jier fan ús eigen Aldtsjerk nóch fan ‘Oudkerk’ skriuwe. Jo kollega De Groot hie it yn de krante fan ferline wike sneon al oer syn en myn Feanwâlden, wylst dat noch santjin moanne offisjeel fan ‘Veenwouden’ hjit. Dat is my oare tee as sloppe kofje. [...] Frysk Fryslân ferwachtet, dat jo en jo kollega’s har bêst dwaan sille.” (Ut in briefkje fan 1 maaie oan de Ljouwerter krante-man P. Achterberg, dy’t net weromskreau.)
2. “Jehannes Liuwe Staal (ferstoarn 6 jannewaris 1992) wie in besiele kontrafrysk man. Suver alle kearen dat de FNP yn ’e krante neamd waard, koe er yn in ynstjoerd stik it skamperjen net litte. Hy wenne yn Hurdegaryp, mar woe ‘Hardegarijp’ ûnder syn lêzersbriefkes hawwe te stean, ek noch nei de nammeferbettering Hardegarijp-Hurdegaryp. Dat woe de redaksje net lije en de hjitting wie, dat Staal om dy reden de pinne dellei.
Jo krante hat him fuort by de oergong nei ús eigentalige doarpsnammen oanpast. Mar mannich kranteman beart, dat er dêr gjin weet fan hat. As in lytse oanwizing dêrfoar stjoer ik jo stikje ‘Centrale As’ fan H. Algra ta út de krante fan 23 april: Oenkerk (2x), Hardegarijp (2x), Giekerk (1x) en Bergum (1x). Soks treft men komselden. De frage is, oft jo krante/jo rubryk it taalfront ferlein hat.” (Skriuwen fan 1 maaie oan de Ljouwerter krante-man H. Willems.)
Willems skreau alderfreonlikst werom: “U hebt gelijk.” Hy hie neigien oft de krante wol mear sûndige hie. Fan de lêste 44 kear dat it doarp beneamd wurden wie, hie dat 40 kear mei de namme Oentsjerk west en fjouwer kear mei Oenkerk. 91 persint goed dus. “Nu op naar de 100 procent!”
3. “Sa’t jo bekend is, binne yn it begjin fan 1989 de Hollânske doarpsnammen ôfskaft yn Tytsjerksteradiel. [...] Jo neame jo bedriuw sels fan Sonac Burgum. Skriuw dan ek fan Garyp en Noardburgum. Nei achtjin jier wurdt dat wolris tiid.” (Ut in briefke fan 1 maaie oan de Burgumer Sonac-direksje.)
Trije dagen neitiid lei it andert hjir al op ’e doarsmatte. “Hartelijk dank voor uw brief waarin [...] Ons bedrijf N.T.F./Rendac Bergum/Sonac Burgum is inmiddels 80 jaar gehuisvest in Sumar. Wij zouden daarom als geen ander moeten weten, dat de plaatsnamen in Tytsjerksteradiel in het Fries geschreven zouden moeten worden. Bij toekomstige publicaties zullen wij hier beter op letten.”
4. “Op 15 maart 2006 is yn de Ljouwerter steateseale it demokratysk nommen ‘wetternammebeslút’ fallen. [...] De Hollânske nammen binne ôfskaft, ús eigen nammen binne no de offisjele. Sadwaande bestiet de Houkesloot net mear, Houkesleat is sûnt de fyftjinde maart 2007 de offisjele namme. [...] It soe saak wêze, dat jim jim tenei oan in stikje steatedemokrasy hâlde.” (Ut in skriuwen fan 2 maaie oan Rykswettersteat Noard-Nederlân, dy’t net it fatsoen hie om werom te skriuwen.)
5. “[...] en fan ’t winter waard it wetternammebeslút útfierd. It deistich bestjoer sûndige fuort al.3 En no docht dizze wetterskipskommisje itselde yn de krante fan 26 april. Der wurdt fan grute, dat rûnom yn ús lân boargemasters, wethâlders en amtners drok dwaande binne om de nammen – trochinoar in 40 – út ’e holle te learen. Echt begrutsjen haw ik mei de wetterskipsgreve, syn bestjoerders en syn amtners. Dy moatte alle 1042 Biltsktalige, Leechsaksyske en Fryske nammen leare. Ik haw mar ien treast: myn generaasje moast, lang ferlyn, foar Dútsk hiele rigen wurden leare mei in bysûndere meartalsfoarm.
Yn ’e krante fan 26 april hie dizze kommisje it oer de ‘Tjonger’(!). Dy rivier hyt no fan Kuunder yn it Leechsaksysk en fan Tsjonger yn ús taal. It wetter is wat in útsûndering, it measte hat mar ien namme. De kommisje wie dus mis. It nammebeslút heart alleman en wrâld him oan te hâlden, it wetterskipsbestjoer en dizze wetterskipskommisje earst en meast.” (Ut de ynspraak yn de kommisjegearkomste fan 7 maaie.)
Der binne mear sûnders as de fiif hjirboppe neamd.
1. It Menamer b. en w.-kolleezje yn it gemeenteboekje-2007, krigen 24 april: Ballensvaart, Berlikumervaart (3x), Berlikumer Wijd (2x), Bolswarder Trekvaart, Boxumervaart (2x), Boksumerzool, Engelumervaart (2x), Franekervaart, Haatsumer Opvaart, Oude- en Slappeterpstervaart, Oude Meer (2x), Polevaart, Stiensvaart, Wierzijlsterrak, Zijlsterrak (2x), Zwette.
2. Twa Menamer wethâldsters: Menaldumervaart (5x), vaart langs de Rypserdyk, Menamerfeart (2x), allegear yn de stikken foar de maaiegearkomsten fan de rie.
3. Ljouwerter krante: Ballensvaart, Bergumermeer, het Burgumermar, Drachtstervaart (4x), Drachtser Vaart, Linde, Menaldumervaart, Oudvaart, Pikmeer, Slotermeer, Tjeukemeer, Tjeukermeer, Tjonger, Wergeasterfeart, Woudsvaart.4
4. Deiblêd: Bonkéfeart, Drachtstervaart, Nauwe Greuns.
5. Ljouwerter Hûs oan Hûs: Bonkevaart, Dokkumer Ee.
6. Provinsjehûs: Beetgumervaart, Koningsdiep, Zijlsterrijd.5
It liket amper minder te kinnen. Mar dat hat foar, dat it allinnich mar better wurde sil. It B.F.N.W., krekt fan ’e streek gien, kin fansels net alle bestjoerskolleezjes fan lân en gemeenten en haadredakteuren fan kranten en streekblêden neigean. Foar FNP’ers, sa Frysk en sa nasjonaal, soe der benammen yn de twadde ôfdieling genôch te ferstriken wêze.
Alderûngelokkichst steane rykswetten har yn ’e wei. Dy wetten skriuwe har foar, dat se alle jierren safolle kear op fakânsje geane, dat se der tuskentiden gjin wurk by oannimme kinne. Sadwaande sille iepenbier bestjoer en parse har it nammebeslút fan de steaten by de rêch delglydzje litte, tinkt my.
________________
1 “Hoe komt it dochs dat minsken dy’t yn it deistich libben hiel wol yn staet binne, saken goed te ûnderskiden, in waas foar de eachen krije as it om de nammen fan ús dierbre provinsje giet. It ferhaal oer de offisjele namme wêrfan it gebrûk eins ferplichte wêze soe is fansels ûnsin [...]. De namme Friesland wurdt alle dagen rûnom brûkt en dat is goed.” (Ut it neiskrift fan de haadredaksje.)
2 Wetter, temaskrift nûmer 19 (maart 2007), side 26.
3 Brief fan 27 maart oan it Deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân yn dit nûmer fan Lyts Frisia.
4 De haadredakteur Mulder hat op myn frage fan 5 augustus 2004, hoe’t er mei de wetternammen oan soe, nea gjin andert jaan wollen. Faaks sil de haadredakteur-nei-Mulder wat mear achtinge foar de demokrasy hawwe.
5 Dat provinsjale amtners in steatebeslút deagemoedereard oan ’e kant lizze, is net bûtengewoan. Yn 1997 ferpoften se it om fan ‘Fryslân’ te skriuwen. Doe is de ôfdielingshaden hjitten om de har hearrige amtners der op te wizen, dat se yn alle Hollânske teksten likegoed as yn alle Fryske de goede provinsjenamme skriuwe moasten. (Deiblêd, 3 maart 1997, side 9)
Boarne: Bertus Postma, Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, nû. LVI, nû. 3, sept. 2007, s. 46-48
FFU: Wy hawwe as FFU grut respekt foar Postma en it BFNW har krewearjen en folhâlden. It goed en faak brûken fan ús Fryske nammen is tige fan belang foar it ûnderwiis en it yn de skoalle oerdragen fan ús nammekultuer. Alle hulde! Wêr bliuwe de FNP’ers en oare goe-Friezen om ek aktyf te wurden yn dat bûn?