Achte bestjoer,
De ieremoarns fan de fyftjinde maart, it wie noch neare nacht, ried in rige frachtauto’s efter in ienfâldige trije stjirre-Audi A8 3.0 tdi quattro Pro Line Exclusiv de Grinzerstrjitwei del. De frachtauto’s leine fol ferâldere waternamen – Nieuwe Zwemmer en Nieuwe Vaart en zo – en de lúkse auto siet fol deputearren, de rykskommissaris Nijpels dêrby ynbegrepen. De lêstneamde hie it soer, like my sa ta.
Wêr’t de reis hinne soe, wie de frage. En dr. Mulder syn fleurich andert wie: “Nei Wijster ta, dêr sille se de âldfrinzige Nieuwe Zwemmer en Nieuwe Vaart en sa oan kompost meitsje. Dan hâlde wy der teminsten noch in sintmannich fan oer, sjoch.”
Jim kinne jim yntinke, dat ik der net iens sa nuver fan opseach, wy hiene ommers ús moderne, eigentalige, Nije Swemmer en Nije Feart en sa weromkrigen. Ien en oar moat alhiel by jim lâns gien wêze. Ik haw jim dy fyftjinde maart trouwens ek net op ’e hoeke fan de Vondelingwei sjoen, dêr’t protten folk jûchheid rôp doe’t de foarname bestjoerders efkes hohâlde moasten foar de ferkearslampen. Nee, jim hiene nearne euvelmoed yn.
Dyselde fyftjinde hiene jim in meidieling yn beide grutte kranten, yn it Deiblêd en yn de Ljouwerter: “Noord (vanaf Leeuwarden via Dokkum/Damwoude tot de Nieuwe Zwemmer) en Zuidoost (van Drachten – tussen de Veenhoop/Nieuwe Vaart – tot Akkrum)”. In print fan dy meidieling krije jim op dit skriuwen ta.
Jimme wiene mis mei de Hollânske waternamen.1 Ik rekkenje, dat jim jim tenei hâlde oan de nije, provinsjale list fan ús eigen, eigentalige, wetternammen.
No’t ik dochs dwaande bin, haw ik noch ien en oar op ’e lever. Yn jim meidieling yn de beide kranten fan de twaentweintichste maart stie de doarpsnammen ‘Irnsum’. Mar dy Hollânske namme is de nijjiersmoarns fan 1989 ôfskaft en troch de doetiidske boargemaster Dykstra sels fuortdaliks nei de rûchskerne ta brocht. No al langer as achttjin jier hat it doarp syn eigen, oarspronklike, namme ‘Jirnsum’ werom. De nammewiksel is yndertiid yn de gemeentelike folksfertsjintwurdiging fêststeld. Fan alleman en wrâld mei ferge wurde, dat hja/er achtinge en earbied foar dat Grouster riedsbeslút hat en fan ‘Jinsum’ skriuwt.
Mei Bitgummoolster achtinge.
_______________________
1 Ik haw mar ien treast foar jim: yn beide kranten fan de santjinde maart hiene deputearre steaten it oer ‘de Tijnje’ (yn Ljouwert).
Boarne: Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, nû. LVI, nû. 3, sept. 2007, s. 35-36