Yn Harje (LC 28 augustus) docht Pieter de Groot opmerklike útspraken oer Fryslân. Al tsientallen kearen haw ik ‘Brabant’ fan Guus Meeuwis heard, mar noch nea begrepen dat it in ‘spotlied’ op de Friezen en myn wenplak Ljouwert is. Sterker noch, de strofe “was men op Brabant maar zo trots als een Fries” jout oan dat Meeuwis ús grutskens in foarbyld foar Brabân fynt.
Yn in oare Harje grypt Pieter de Groot werom op Roel Bylsma, dy’t (de provinsje) Fryslân ea fergelike mei de dielsteat Flaanderen. It is fansels appels mei parren fergelykjen. Us Fryslân hat mear oerienkomsten mei de provinsjes yn Flaanderen sa as Antwerpen, Brabân en Limburch. Alle Fryske gebieten oan de Noardsee tegearre [= mei-inoar] komme folle mear yn de beneaming foar de fergeliking mei de dielsteat Flaanderen. Us grutte efterstân op de Flamingen sille wy grif nea mear ynhelje, mar miskien moatte wy de kant wol út. In earste profytlike stap kin de omfoarming fan de besteande EDR-Regio [= Eems-Dollard-Regio] ta in nije Europeeske Regio ‘Frisia’ wêze.
Ljouwert, Doede N.T. Damsma
Boarne, Leeuwarder Courant, 16-09-2007 [ynstjoerd stikje]