Op 10 okt. 2007 hiene de Steatekommisje ‘Boarger & Mienskip’ it nije taalbeliedsplan ‘Fan Rjocht nei Praktyk, 2008-2010’ (2007) op de wurklist stean. Dêr steane gâns dingen yn dêr’t wy wiis mei wêze kinne. It is in ferbettering ferlike mei de konseptnoata ‘Better sichtber, mear fertroud’ (2006) . Dêr hiene wy mear opmerkings by en ek oan de Provinsje trochjûn. ‘Fan Rjocht nei Praktyk’ beslacht lykwols mar in beheinde tiid: twa à trije jier. Oer it algemien binne der goede ambysjes yn te finen foar de provinsjale oerheden, foar soarch en wolwêzen, de foarskoalske opfang, it ûnderwiis en de ynformaasje- en kommunikaasjetechnology. Wy hoopje dat se wiermakke wurde.
Dochs rjochtsje wy ús ta de Fryske Steaten om omtinken te freegjen foar in bydrage fan in ploechje fan seis minsken út ferskillende Fryske organisaasjes (twa út de FFU), dy’t tinke dat wy der mei it taalbelied op de wat langere termyn noch lang net binne. Minsken dy’t harren lykwols noch grutte soargen meitsje. Minsken dy’t sizze dat der hjoed de dei ek goed neitocht wurde moat oer de tiid nei 2010. Want mei ‘Fan Rjocht nei Praktyk’ en de noata’s en plannen dêr’t dêryn nei ferwiisd wurdt, kinne wy noch lang net in foldwaande antwurd jaan op de grutte gefaren dy’t ús taal bedriigje. En dat antwurd moat wol jûn wurde, om derfoar te soargjen dat de delgong fan it Frysk as libbene omgongs- en kultuertaal wer ombûgd wurdt nei in opgong. Dat freget njonken maatregels dy’t útnoegjend binne, ek om maatregels dy’t ferplichtings meibringe en dy’t de ekonomyske en juridyske grûnslaggen fan ús taal tige fersterkje kinne. ‘Fan Rjocht nei Plicht’, sil neffens ús it biedwurd foar de tiid nei 2010 wurde moatte.
Dat betsjut dus dat it fergrutsjen en it fersterkjen fan de ekonomyske betsjutting en wearde fan ús taal mear sintraal stean moat yn it provinsjale taalbelied. Dat kin benammen troch it Frysk ta in funksje- en beneamingseask te meitsjen yn gâns maatskiplike domeinen. Dan wurdt de behearsking fan it Frysk ommers in wichtige ekonomyske faktor. En dêrmei de foarnaamste reden foar heiten en memmen om it Frysk yn de opfieding fan har bern net ôf te swarren, sa’t dat hoed de dei hieltiten mear it gefal is, mar krekt oer te dragen. Men kin der dan ommers letter yn belangrike maatskiplike domeinen in baan troch krije kin yn Fryslân: tink oan it ûnderwiis, it bestjoer, it rjocht, de soarch en guon media. Allinnich op hiel beskieden skaal sjogge wy dêr hjoed de dei wat oansetten ta, ek wol yn ‘Fan Rjocht nei Praktyk’.
In effektive fersterking fan de ekonomyske basis fan it Frysk sil net maklik gean as de juridyske grûnslaggen fan it Frysk net ferbettere wurde. In fierdere ferankering en fersterking fan de wetlike posysje fan it Frysk is dan in hurd betingst. Der sil wat dat oanbelanget folle mear foech nei de Provinsje moatte om oer sokke fûnemintele saken te kedizen. Oansetten fine wy wer yn fan ‘Rjocht nei Praktyk’. Wy tinke boppedat dat dêr ek in effektive organisaasjefoarm by heart, dy’t wy foarearst mar oantsjut hawwe as ‘Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer’.
Gebieten mei oare minderheidstalen binne ús wat de fersterking fan de ekonomyske, juridyske en organisatoaryske basis fan har taal oanbelanget, earder al foargien. Tink bygelyks oan Kataloanje yn Spanje as it grutste mindertallegebiet yn Europa mei inkelde miljoenen ynwenners en de Åland-eilannen yn Finlân mei 27.000 ynwenners, noch minder as dat Drachten hat. Dy regio’s hawwe mei in grut eigen foech harren taal feilich steld en in goede takomst jûn. Soks kin ek yn Fryslân, as wy it echt wolle. As de Fryske polityk der iepen foar stiet. Want de delgong fan in taal is perfoarst gjin natuerwet, mar it gefolch fan politike maatregels dy’t yn de rin fan de tiid tige skealik west hawwe foar ús eigen taal of foar oare minderheidstalen. Wy hawwe dat yllustrearre mei in wiidweidich útwurke noate-apparaat dat oan de ein fan ús Oanfalsplan te finen is. Wy hoopje dus dat de Steateleden dat part net oerslaan sille.
Dat ynsjoch soe derta liede moatte dat de opgong fan it Frysk ek wer troch de polityk mooglik makke wurdt. Dêr soene de Fryske politisy har sterk foar meitsje moatte. Net allinnich yn de tiid foàr 2010, mar benammen ek yn de tiid dêrnei. It is faaks noch net te let foar it Frysk, mar de tiid driuwt wol. Wy leverje har, neffens ús, inkelde wichtige boustiennen yn de hope dat dy goed achtslein en brûkt wurde.
Wy hawwe ús stik koartwei Oanfalsplan Frysk neamd, in begryp dat prof. Salverda fan de Fryske Akademy al mear as ien kear brûkt hat.
Wy hoopje dat it stik de Steateleden foar de gearkomste fan de Steatekommisje ‘Boarger & Mienskip’ op 10 okt. 2007 en foar de Steategearkomste fan 7 novimber 2007 ynspirearje mei. En dat se der letter ek gauris nei gripe sille om der dêrnei hiele goede en benammen fûnemintele dingen foar de Fryske taal en kultuer mei te dwaan. Dat misse wy noch tefolle.
Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk.pdf om ús plan (02-10-2007) te iepenjen.