Frjemde kapriolen [= kaprioalen] fan in keatsbaltsje
No is ’t my oer! Earst al in kear twa, trije ‘baltsjebedriuwe’ yn ’e LC en op 13 oktober ‘Record baltsje fuortdriuwe’ boppe in stikje oer Chris en Rutmer dy’t 1553 kear in keatsbaltsje nei inoar slein ha, yn ’t ramt fan ’e aktiviteiten om ’t Wierster tsjerkje hinne. Dat is in prestaasje, sûnder mis. Mar dy’t skriuwt; “Het fuortdriuwe van de bal is zo ongeveer de basis van het kaatsspel”, moat him/har earst taal- en keatskundich foarljochtsje litte troch in kollega mei doel dêroer. Ik sjoch al dy ballen al fuortdriuwen ... Aanst wurdt der noch praat fan it ôfdriuwen fan ’t keatsen.
De Wylgen, Koop C. Scholten
Boarne: Leeuwarder Courant, 24-10-2007 [ynstjoerd stikje]
FFU: Scholten hat gelyk. Sjoch ek by ‘Sjerp & Jittik (5)’, maart 2007 en bgl. by ‘Poadium 2007’: ‘Min Frysk’ en de Leeuwarder Courant, 20-03-2007 (P-LC).