DWERS
It Frysk moat yn ’e grûnwet. Dat ús provinsjale bestjoerders oant no ta yn De Haach foar de winige doar kommen binne, is net goed te begripen. As it Nederlânsk in grûnwetlike status kriget, dan moat de twadde erkende rykstaal dy logyskerwize ek krije.
Allis Koekkoek silger, steatsrjochtsgelearde en CDA-keamerlid, pleite al yn 1995foar dy dûbelslach. Koekkoek en it GPV-keamerlid Eimert van Middelkoop, no CU-minister, krigen doe foar har útstel foar grûnwetlike beskerming fan it Nederlânsk gjin stipe. Pears, dat doe oan it bewâld wie, fûn dat net nedich, de taal rûn ommers gjin gefaar en wie der gjin Europeeske grûnwet op kommendewei, dêr’t it Nederlânsk as ien fan de 21 offisjele talen yn ferankere wurde soe?
Mar dy grûnwet kaam der net, dat no achtet Balkenende-IV it dochs saak en nim it Nederlânsk yn de grûnwet op. En dy’t a seit, moat ek b sizze: it Frysk hat rjocht op deselde behanneling. Mei ferlechjes dat it al yn alderlei wetten (primêr en fuortset ûnderwiis, bestjoersrjocht) fêstlein is en opnommen yn it Europeesk hânfêst foar regionale talen, kin it net ta. It Frysk as bestjoers-, rjochts-, kultuer- en omgongstaal is in grûnrjocht.
It komitee fan steateleden dat foar dy status lobbye sil, moat him juridysk goed advisearje litte en net mei de deadwaners thúskomme, dêr’t eardere lobbyisten mei ôfsâlte waarden. Allinnich sa kinne de steateleden oan de ûnôfhinklike rykskommisje grûnwet deeglike munysje leverje, dy’t syn doel net mist. De Fryske keamerleden meie har net wer as boadskipjonges en -famkes fan it minne nijs brûke litte en moatte op har iepenst wêze.
Kriget it Frysk dy grûnwetlike erkenning, dan wurdt it ek op Europeesk nivo serieus nommen en kin it in Europeeske status ôftwinge.
De Eastenrykske foarsitter fan The Youth of European Nationalities neamde, okkerdeis op in jongereinkongres fan minderheden op Skylge, it provinsjaal taalbelied in foarbyld foar oare Europeeske minderheidstalen. Sjoch, dan hearre jo it ek ris fan in oar, en de jeugd hat de takomst.
Lykwols, nettsjinsteande dat prachtige belied, dellein yn de nota ‘Fan rjocht nei praktyk’, is der noch in lange wei te gean, ear’t it rjocht om yn alderhanne fermiddens en by alderlei gelegenheden it Frysk te brûken, praktyk is. Der binne sels oanwizings dat it brûken ôfnimt. Yn topfunksjes, fan grutte bedriuwen, fan sike- en ferpleechhuzen, sels fan grutte Fryske organisaasjes (Wetterskip!) en kulturele ynstellingen as musea, is it Frysk as omgongstaal noch altiten gjin eask. De praktyk is dat de Hollânsktalige bazen meast op in natuerlike wize de fiertaal bepale. Al sizze se yn it managersoerlis dat Frysktaligen har net ferbrekke hoege, in inkeling hâldt hoek. De measten geane oerstaach, om’t yn dizze fermiddens it Frysk net ‘funksjoneel’ is.
Yn de learaarskeamers op grutte skoallemienskippen is it net oars. Wat minder Frysktaligen op skoalle, wat minder funksjoneel it Frysk. It Frysk is net allinnich yn Nederlân in minderheidstaal, mar driget dat ek yn Fryslân te wurden. Fúzjes fan grutte bedriuwen soargje foar hiele folksferhuzings, fan Friezen dy’t yn Grins wurkje, yn Amsterdam, Apeldoarn of Eindhoven, en fan Grinslanners, Brabanners en Limburgers dy’t nei Ljouwert komme, nei Drachten of It Hearrenfean, en faak sûnder de wissichheid dat it foar langere tiid is. In Afûk-kursus leannet dan amper. Oer de bûtenlânske wurknimmers haw ik it net iens.
Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries is fol ambysje út ein set mei har stribjen om Fryslân sa’n breed en sterk kultureel profyl te jaan dat it meitingje kin nei de ferkiezing fan kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. De kulturele rykdom fan dizze provinsje hâldt net op by de Fryske taal en kultuer, seit se. Dêr hat se faaks mear gelyk oan as har leaf is. De praktyk sil de kommende jierren útwize yn hoefier’t foar it Frysk yn dat profyl in haadrol weilein is.
De Flaming Guy Coolen, oanlutsen foar it Frysk Festival, hat sein dat hy dêr yn syn programmearring net fan útgiet. It Frysk sil allinne ‘funksjoneel’ brûkt wurde. Mar wannear is dat? By it Fryske liet, it Fryske boek en it Frysk toaniel. Fryske boeken en Fryske iepenloftspullen ha te krijen mei in weromrinnend tal lêzers respektivelik besikers, dy’t dochs al in minderheid fan de Friezen útmeitsje. Der is mar ien remeedzje om it tal op te krikjen: bied kwaliteit, dy’t meunsterje kin tsjin wat der fierder op de Nederlânske en útlânske boeke- en teatermerk te keap is, en wês beleaven orizjineel, of set in boek of in stik oer dat hjir sa goed as ûnbekend is en dêr’t fan ferwachte wurde kin dat it wat tafoeget. De suksesfilm ‘As it is in heaven’ lûkt al in jier folle sealen, hy is snein op it Noordelijk Filmfestival de útsetter. Wat is dan de mearwearde fan in Jorwerter ferfrysking? It oardiel falt altyd yn har neidiel út.
Wol it Frysk oerlibje, dan moat it wol deeglik in haadrol krije, kultureel, bestjoerlik en ekonomysk. It moat op plakken dy’t der ta dogge, yn grutte bedriuwen en organisaasjes, in funksje-eask wurde dêr’t in passend honorarium of in flinke bonus by heart.
It provinsjaal bestjoer kin by himsels begjinne. De steaten kinne easkje dat se oar jier in Fryske kommissaris as foarsitter krije, dy’t net út de toan falt by de rest fan it fierder folslein Frysktalige kolleezje. In bettere post om in foarbyldfunksje te hawwen, is der net. En grif wol in Fries yn it plak fan de passive Nijpels sels de grûnwetlobby oanfiere.
PIETER DE GROOT
Boarne: Leeuwarder Courant, 09-11-2007
Neiskrift FFU:
Soe De Groot earst ús ‘Oanfalsplan Frysk’ lêzen hawwe foar’t er syn ‘DWERS’ skreau? Men soe it hast leauwe. Hawar, it ynsjoch dat it Frysk in sterke ekonomyske basis (Frysk as funksje- en beneamingseask) hawwe moat, om bestean bliuwe te kinnen, kringt blykber stadich troch. No ús politisy noch. Dy moatte dat by einsluten regelje.
Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’: Lobby om Fries in grondwet te krijgen, 08-11-2007 (A-LC) en Lobby PS voor opname Fries in Grondwet, 08-11-2007 (A-NPF). Us ‘Oanfalsplan Frysk’ is û.o. oan te klikken by ‘Brieven 2007, útgien’: 02-10-2007->Provinsje: OANFALSPLAN FRYSK.