Doutzen Kroes, 24-11-2007 (P-LC)

Bliuw sa aste biste
Nei Doutzen Kroes sjogge wy graach, ek as tachtich-plusser. Mar der komt by dat wy ek graach nei har harkje. Sa’t sy yn it ‘Radiojournaal’ fan Radio 1 op 22 novimber fertelde oer wat de Fryske taal foar har betsjut, dúdlik en geef. Kostlik om te hearren! Spitich dat sa’n soad Fryske bern tinke dat se te fernaam binne om harren eigen taal te brûken en sadwaande oan Doutzen net tippe kinne. Doutzen, bliuw sa asto biste en gean sa troch.

Leiderdorp, Ekke Atsma

Boarne: Leeuwarder Courant, 24-11-2007 [ynstjoerd]

FFU: Sjoch ek  by ‘Wytboek 2007’: Model Doutzen maakt reclame voor het Fries, 21-11-2007 (WB-LC) en ‘Aktueel 2007’: Top model Doutzen Kroes says: “Praat mar Frysk”, 22-11-2007 (A-EL).

<< Werom nei 'Poadium 2007'