Takomme jier giet de kommissaris fan de keninginne yn Fryslân, drs. Ed Nijpels, fuort. Botte drok lykje de ynwenners fan de provinsje har dêr noch net om te meitsjen. Dochs soe it no krekt de tiid wêze kinne om alfêst ris lûd en klear hearre te litten, oan hokker betingsten oft de opfolger beäntwurdzje moat.
Begryp my goed: ik bin persoanlik alhiel net foar it ynstitút fan de kommissaris fan de keninginne. Ik neam him altyd ‘de tafersjochhâlder fan de majesteit’. Dat hat sûnt de ynstelling fan it keninkryk Nederlân de taak west fan dy funksjonaris. Earst hjitten se noch gûverneur. Fan Thorbecke ôf wiene se kommissaris, behalven yn Limboarch, dêr hjitte se by de befolking noch altiten gûverneur. Ik tink dat de Limboargers ek better ynsjoch hawwe yn it wêzen fan de funksje fan de kommissaris as de lju hjirre by ús.
Einliken is in kommissaris noch altiten in gûverneur, allinnich hawwe se de namme fan syn funksje feroare. It moderne Nederlân ken lykwols noch hieltiten gûverneurs. In gûverneur is, sa seit myn Nederlânsk wurdboek, ‘titel van het hoofd van gewestelijk bestuur in een gouvernement in de Oost en van het hoofd van bestuur in Suriname en op Curaçao’. It ferriedt de koloniale eftergrûn fan wurd en funksje. It ferriedt ek hoe’t kening Willem I de provinsjes seach: as koloanjes. Dat betsjut: as gebieten dêr’t jo nei willekeur oer beskikke koene.
Sûnt dy earste Willem is der it ien en oar yn demokratyske rjochting feroare, mar der binne noch altiten tefolle spoaren fan dat âlde tinken. De kommissarisbeneaming is dêr ien fan. In kommissarisbeneaming komt oer ús, wy hawwe der neat oer te fertellen. Wy moatte ôfwachtsje wa’t it no wer wurdt. Der wurdt ek hiel slaafsk mei omgien. Wy wachtsje ôf, en dan wurdt de beneaming bekend makke. En hoe’t de lju har dan útsloovje om mar foaral yn in goed bledsje te kommen. Der is noait ien dy’t seit: Jo kinne bêst in aardige man of frou wêze, mar ik wol jo hjir net, om dy en dy reden.
Der is ek noait immen dy’t him as in kommissaris yn funksje is, ris opponearret en seit: ‘Wy wolle jo hjir net langer’. Dêr wie ûnder it gûverneurskip fan drs. Ed Nijpels alle oanlieding ta. De man wie kommissaris en hie dêrnjonken ek noch in hiele rige bybaantsjes. Dat waard foar kundskip oannommen. Der wie net ien dy’t doe it ûntslach fan de man easke hat, wylst dêrfoar, út demokratysk eachpunt wei, alle reden foar wie.
Mar ek syn funksjonearjen hold net oer. It iennichste wapenfeit dat ik my fan him yn it sin bringe kin, is it op tou setten fan in brede diskusje ûnder de titel ‘Fryske fiersichten’. Dêr koe eltsenien dy’t him belutsen fielde by de provinsje, mei ideeën komme foar takomstige ûntwikkeling. It wie op himsels al in bewiis fan de earmoed fan de provinsjale polityk yn Fryslân, dat Nijpels mei dat idee komme moast. Dat hiene de politike partijen dwaan moatten, de FNP foarop. Mar fan dy partij hearre jo ek net in soad mear. Spitich.
Kerst Huisman
Boarne: Partij voor het Noorden, Nieuwsbrief 55, 26-11-2007, s. 8
FFU: Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’, Actie Fryske Beweging voor Friestalige commissaris, 28-11-2007 (A-LC) en Kommissariswiksel, tiid foar in Fryske beneaming, 19-11-2007 (A-LC).