Krapoan tritich jier hat er as meiwurker fan de Fryske Akademy ûndersyk dien nei it Frysk. Ut syn ûndersiken kaam alle kearen wer nei foaren dat it Frysk sa hurd net efterút buorket as in protte Friezen tinke. Tongersdei nimt prof. dr. Durk Gorter (55) ôfskied en ferfart er nei San Sebastian yn Spanje om ynternasjonaal ûndersyk te dwaan nei minderheidstalen yn it ûnderwiis en de mearwearde fan meartaligens.
As him oan de ein fan it petear frege wurdt hoe’t er de takomstkânsen foar it Frysk ynskat, falt er fan de wittenskiplike twifel hast fan ’e stoel. Safolle antwurden kin er op dy fraach betinke. “Der wurde miljoenen útjûn oan it ûndersyk nei it waar, mar it slagget noch altyd net om in betroubere waarsfoarsizzing foar oer in pear dagen te meitsjen. Oan taalûndersyk wurdt mar in fraksje fan dat bedrach útjûn, wat meist dan ferwachtsje? Taal hinget fan safolle faktoaren ôf. Oer wat hjir mei fyftich jier praat wurdt, kinst eins gjin sinnich [sinfol] wurd sizze. Frysk miskien, mar it kin ek wol Ingelsk wêze of Sineesk’.
Durk Gorter komt oarspronklik fan De Sweach. Hy studearre sosjology yn Grins, Amsterdam en Santa Barbara yn Kalifornië. Yn Amsterdam kaam er – om’t dêr tafallich in keamer frij wie – terjochte yn it Frysk studintehûs. Mei syn húsgenoaten folge er kolleezjes Frysk by de professoaren Tony Feitsma en Henk Meijering. “In protte studinten dy’t bûten Fryslân bedarren, diene dat.”
Ien kear werom út Amearika rekke er yn 1978 behelle by it grutte ûndersyk Taal yn Fryslân. It wie it begjin fan in karriêre fan hast trije desennia by de Fryske Akademy, dêr’t er him behalven mei it Frysk ek dwaande holden hat mei oare Europeeske minderheidstalen. Sûnt 1994 is er boppedat heechlearaar oan de Universiteit van Amsterdam.
Yn 1994 folge ûnder lieding fan Durk Gorter en Reitze Jonkman in tredde – it earste út 1967 wie fan Lieuwe Pietersen – grut opset ûndersyk nei de taal yn Fryslân. Wylst algemien ferwachte waard dat it Frysk hurd terrein ferlear, wie Gorter syn konklúzje dat noch noait safolle minsken Frysk praat hiene. Provinsjaal amtner Jelle Breuker soe letter sizze dat it ûndersyk yn tsjinst stien hie fan ‘de Fryske saak’.
Neffens Gorter wie dat om’t de útkomst net oerienkaam mei de ferwachtingen. Dat de ûndersikers de sitewaasje moaier foarspegelen as [dat] dy wie, wol er neat fan witte. “Wy hawwe alles neffens de metodologyske regels fan it survey-ûndersyk dien. Dat is in foarm fan selsrapportaazje. Fregest oan de minsken hoe goed [oft] se Frysk skriuwe kinne op in skaal fan ‘hiel maklik’ oant ‘hielendal net”, nimst se gjin eksamen ôf.
“De oanlieding foar de ûndersiken út 1980 en 1994 wie dat de yndruk bestie dat it Frysk efterútbuorke. Yn de jierren dêrfoar wiene nochal wat minsken fan bûten hjirhinne kommen, dat it oantal Fryskpraters soe de 50 persint wol net mear helje. Mar oer de hiele provinsje rekkene wie it Frysk foar 54 persint fan [de] minsken noch altyd de omgongstaal thús. De belibbing fan de minsken wie oars, want op it skoalplein en op ’e dyk hearden se hieltyd mear Nederlânsk, mienden se. Ik ferlykje dat wolris mei it keapjen fan in auto. Asto in wein fan in bepaald merk keapest, falt dy ynienen op hoefolle auto’s [oft] fan datselde merk der omride.”
Ek wurdt gauris sein, dat Omrop Fryslân mear Nederlânsktaligen as Frysktaligen oan it wurd komme, mar sels dat kloppet [doocht] neffens Gorter net. “Foarôfgeand oan in praatsje dat ik foar de meiwurkers fan de Omrop holden haw, haw ik in pear jûnen sitten te turvjen. Ik leau dat ik op 54 persint Fryskpraters útkaam, in aardige ôfspegeling. “Omrop Fryslân ynterviewt gewoan de wurdfierder dy’t in bedriuw nei foaren skoot. Hiel oars as de Welshke [Welske] omrop: dy siket krekt sa lang oant se ien hawwe dy’t wat yn it Welshk [Welsk] oer it ûnderwerp fertelle kin. Omrop Fryslân is in regionale stjoerder en dus in ôfspegeling fan de taalsituaasje yn Fryslân.”
De Friezen wurde hieltyd meartaliger, neffens Gorter. Der binne noch wol minsken dy’t sizze dat se – as se in hiele dei bûten de provinsje Nederlânsk praat ha – wurch binne, mar de measten ha der gjin muoite mei. It Nederlânsk giet har like maklik ôf as it Frysk. It skeakeljen fan de iene taal nei de oare is in twadde natuer wurden.
“De minske hat in sterke oanpassingsrefleks, minsken prate graach deselde taal. Dêrom sjochst ek faak dat as fjouwer Frysktaligen en ien Nederlânsktalige mei elkoar om ’e tafel sitte, it Nederlânsk de fiertaal is. Sûnder dy Nederlânsktalige geane de oaren oer op it Frysk, mar soms bliuwt de fiertaal Nederlânsk. It is dreech der in patroan út te heljen. Fryske âlden dy’t har bern yn it Nederlânsk grutbringe, prate dy ûnder inoar Frysk of Nederlânsk? Ek dat is hiel ferskillend. Minsken dy’t yn in Fryske sin ynienen in pear wurden Nederlânsk of Ingelsk brûke, it is allegear hiel gewoan wurden. De taalgrinzen wurde hieltyd dizeniger.”
“De minsken erfare [ûnderfine, sjogge] dat as efterútgong. Dat is net nij, yn de njoggentjinde ieu waard al klage dat it Frysk fernederlânske. No hearst dat noch. Grif dat dêr no wol mear reden ta is. Op televyzje krije de minsken alle dagen in bombardemint fan Nederlânsk en Ingelsk oer har hinne.”
‘En dan de taal op it skoalplein. As op it skoalplein foaral Nederlânsk praat wurdt, hoecht dat net te betsjutten dat de measten thús ek Nederlânsk prate. Ek as Frysktaligen yn de mearderheid binne, passe se har maklik oan de Nederlânsktaligen oan. It leit soms hiel yngewikkeld. Ik hie op ’e legere skoalle in freon mei in Frysktalige heit en in Nederlânsktalige mem. Mei him prate ik Frysk, mar mei syn suskes Nederlânsk.”
Yn de measte doarpen is it Frysk de taal dy’st [dy’tst] ferwachtest. Dan moat der in reden wêze om Nederlânsk te brûken. As ien fan bûten foar it earst by in jûn fan doarpsbelang komt, wolle de measten har foar dy iene kear wol oanpasse, mar de oare kear prate se wer Frysk.
De ynfloed fan it ûnderwiis op de kwaliteit fan it Frysk is net sa botte grut, hat de ûnderfining Gorter leard. De omkearing fan de tiidwurden – ‘ik sil dy litte sjen’ yn stee fan ‘ik sil dy sjen litte’- is neffens him net mear te kearen. “Of soest it ûnderwiis radikaal feroarje en it Frysk de posysje jaan moatte dy’t it Nederlânsk no hat. Yn Kataloanje, Baskenlân en Wales hawwe se dat dien. Dêr stjoere Spaansktalige âlden har bern nei in Baskyske skoalle. Troch de lytsere klassen is it nivo fan dy skoallen faak heger, mar in Baskyske skoalle fergruttet de kâns op wurk letter ek. Yn Fryslân is dêr gjin draachflak foar.”
Dat dat draachfalk der yn Kataloanje en Baskenlân wol is, hat neffens Gorter nei alle gedachten te meitsjen mei de jierrenlange ûnderdrukking. Yn ’e tiid fan diktator Franco wie it ferbean om Baskysk en Katalaansk yn it iepenbier te praten, dat hat djippe spoaren neilitten. Mei de taal sels hat it neat te meitsjen. It Katalaansk ferskilt net mear fan it Spaansk as it Frysk fan it Nederlânsk.
As de Friezen it mei-inoar woene, soene se neffens Gorter it Frysk deselde posysje jaan kinne as de beide minderheidstalen yn Spanje. “Wolst de taal yn stân hâlde, dan soe it goed wêze as de motivaasje dêrta sterker is. Dat konstatear[je] ik as wittenskipper, mar ik kin net ûntkenne dat ik dêr ek wol in bytsje op hoopje. As ûndersiker haw ik wat mei myn ûnderwerp, krekt sa’t in biolooch dy’t wettermichjes ûndersiket, wat mei wettermichjes hat.”
Mar ik bin net de hiele dei mei taal dwaande. Lêstendeis die ik ûndersyk nei it taallânskip nei de skreaune taal op buordsjes en winkels. Dan trappearje ik mysels dêrop dat ik dêr yn myn frije tiid ek op let [om tink]. Mar as it ûndersyk klear is, giet dat wer oer. Ik lies lêsten yn de Ljouwerter Krante in stik oer in relaasjeterapeute dy’t – as har man har oankrûpte – tocht: ‘En nu maken mijn hersenen endorfine aan’. Dat woe se hielendal net, se woe genietsje fan it momint.”
“Dat wol ik ek, dat ik sit yn it deistige libben echt net te registrearjen wannear’t immen fan de iene taal op de oare oergiet. Ik ha de taalûntwikkeling fan ús bern ek noait bestudearre. Der binne kollega’s dy’t dat dogge, mar ik haw dat noait wollen. Ik bestudearje leaver de taal fan oare bern.”
SIETSE DE VRIES
Boarne: Leeuwarder Courant, 07-12-2007, ‘Freed’, s. 2
FFU: Durk hat foar Fryslân en it Frysk fan grutte betsjutting west. Wy hoopje dat er ek yn Spanje ûndersyk dwaan kin dat foar ús fan betsjutting is. Fan winskje him dêr in goede tiid ta en binne him tankber foar wat er dien hat.