In trendbrek is noch mooglik, 18-12-2007 (P-LC)

Gorter
Yn de LC fan 7 desimber doart taalwittenskipper Durk Gorter net te sizzen oft der yn Fryslân oer 50 jier Frysk, Ingelsk of Sineesk praat wurdt. Men kin troch simpele ekstrapolaasje fan de hjoeddeistige trend al konkludearje dat it Nederlânsk hjir dan de fiertaal wêze sil. Fan de âldere nei de jongere generaasje ferskoot it taalgebrûk ommers nei hieltyd mear Nederlânsk, in lytsere parate wurdskat en in oanboazjend tal hollanismen; de jongsten sette it stealtsje oerbleaune Fryske wurden yn de Nederlânske folchoarder. Soks is net samar in natuerlik proses: de Frysktaligen krije op skoalle al generaasjes lang in yngeande Nederlânske werpprogrammearring. De measten bliuwe sadwaande min-ofte-mear analfabeet yn de eigen taal. Skandalich, soene we ienriedich roppe as it om in minderheid yn in fier bûtenlân te rêden wie.

In trendbrek is lykwols noch mooglik. Foar it foarname plak fan it Frysk yn it ûnderwiis dat dêrfoar nedich is, bestiet neffens Gorter gjin draachflak. Mar út ûndersiken docht hieltyd wer bliken dat fierwei de measte Friezen harren taal graach behâlde wolle. De logyske konsekwinsje dêrfan is goed Frysktalich ûnderwiis. Soks is net ta skea fan oare kennis en feardichheden. Krekt oarsom, it algemiene taalgefoel en it abstrakte tinken wurde stimulearre. Dat, it draachfalk kin it probleem net wêze.

Apeldoorn, Nanne Hoekstra

Boarne: Leeuwarder Courant, 18-12-2007

FFU: Wy soene Hoekstra graach as in meistrider ferwolkomje wolle.

<< Werom nei 'Poadium 2007'