Frysk by Omrop, 24-12-2007 (P-LC)

Alderwichtichste pylder
Yn ’e Ljouwerter krante fan freed 14 desimber wie Pieter de Groot wat ‘dwers’ tsjin strakker Frysk belied by de Omrop. Wat ik nei foaren brocht yn myn skriuwen oan ’e Omrop en oare ynstânsjes, is dat de Omrop hast wol de alderwichtichste pylder achte wurde mei foar it behâld fan it Frysk en dan fansels geef Frysk. De Omrop jout der ek wolris omtinken oan, mar myn punt wie en is dat [soks] folle fûlder moatte soe. Men kin wol stelle dat de Omrop syn rjocht fan bestean foar in hiel grut part ûntlient oan Fryskpratende harkers en sjoggers. Dêrfoaroer hat de Omrop dochs ek wol de morele ferplichting om geef Frysk troch syn meiwurkers hearre te litten en dat mei ek wol steviger yn it belied fêstlein wurde.

Neist selsdissipline út in morele ferplichting wei mei der ek fan oerheidswegen wol wat oantrún of wat twang komme ta it brûken fan geef Frysk troch Omrop-meiwurkers. Want komt der ek net stipejild by de provinsje wei? As de leie net strakker oanhelle wurdt – en dat sil dan dochs moatte mei it binen oan in standert – en it safier komt dat uteringen as ‘skaatsen, rookflees, slachroom, klienkinderen en dat hie ik net moatte dwaan’ ek by de Omrop as Frysk brûkt wurde soenen, dan soe in ‘Omrop’ Fryslân foar syn fuortbestean net folle kultureel draachflak mear oer hawwe. Fansels moat der folle mear barre as allinne de Omrop oan te trúnjen. Mar dat is in oar sjapiter.

Grou, P.W. Deelstra

Boarne: Leeuwarder Courant, 24-12-2007 [ynstjoerd stik]

FFU: Sjoch ek by ‘Poadium 2007’, Rop om standertfrysk foar Omrop yrreëel, 14-12-2007 (P-LC) en ‘Publikaasjes 2007’, STH07-Kwaliteit Frysk yn media en oare ynstellings (I), Swingel 19.pdf. In artikel mei as titel ‘De kwaliteit fan it Frysk yn de media en by oare Fryske ynstellings (I)’ yn Swingel (nû. 19, 2007, s. 6-11).

<< Werom nei 'Poadium 2007'