Achte Mulder,
Tank foar jo brief fan 28 augustus, al wer mear as in fearnsjier lyn skreaun. It mei diskear wat swierder kealle hawwe, mar in andert kin jo skriuwen net sûnder, tinkt my. Ik miende oars, dat ik wiidweidigernôch op de nammesaak yngien wie, mar jo wiene noch net oertsjûge fan ‘Dokkumer Ie’ en ‘Snitser Mar’, en sa foar de taal.
“De regel dat der mar ien offisjele namme brûkt wurde mei, is in Fryske útfining”, skriuwe jo. Jo lykje der net it meast fan hawwe te moatten. In doarp hat lykwols ien en mar ien offisjele namme, dat is no ienris sa. It is net fan de Twiebaksmerk betocht, it is in Hagemer fynst. Lyksa hawwe hast alle fearten en sleatten ien en mar ien offisjele namme, dy fan de ‘list mei offisjele wetternammen yn Fryslân’, fan maart 2006. (Utsûnderings binne, bygelyks, de Kuunder/Tsjonger en Menamer Feart/Ballens.) Jin oan dy list te hâlden is gjin saak fan moatten en wetboek fan strafrjocht, mar fan ienriedigens en mei-inoar stean. By syn ynstallaasje as boargemaster fan Meppel murk de âld-Stienzer mr. Byl op: “In Fryslân zeg ik altijd: ‘Mei-inoar kinne wy alles, tsjin inoar neat’.”
“As de Flamingen en de Walen deselde opfettings hiene oer taalgebrûk as ús provinsjaal bestjoer [...] dan soene de Walen bygelyks yn harren taal net mear Anvers brûke kinne, mar Antwerpen skriuwe moatte.” (Ut jo brief) Hawwe jo der wol erch yn, hoe min oft dy Walen de Flamings jierren en jierren behannele hawwe? Stie der earder gjin ‘Anvers’ op de stedsnammebuorden? En kamen doe de brieven mei ‘Antwerpen’ derop wol teplak? En is it Belzelân doe útinoar fallen? Op in stuit waarden de nammebuorden dûbeltalich, earst ‘Anvers’ noch boppe ‘Antwerpen’, letter ‘Antwerpen’ boppe ‘Anvers’. No is it fan ‘Antwerpen’ sûnder ‘Anvers’.
En te uzes? Ieuwenlang hawwe de Hollânske nammen – en net allinnich dy fan doarpen en wetters – de offisjele west en telden ús eigen net mei. Jo krante hat de earste beide ieuwen fan syn bestean neat fan ús eigentalige nammen witte wollen. Dy skreau fan ‘Bergum’ en ‘Oosterlittens’ en sa, wylst de gewoane minsken it oer ‘Burgum’ en ‘Easterlittens’ en sa hiene. Jo Ljouwerter liet him neat gelegen lizze oan de gewoane Burgumers en Littenzers en sa.
Foar my kaam de earste rop om nammeferbetterings fan ien fan jo foargongers, fan J.Tj. Piebenga. “Maar nog altijd bewaren de duizenden eigennamen een belangrijk deel van het volkskarakter, versterken ze de onderlinge band en het familiegevoel en knopen zij de generaties over eeuwen aaneen.” (Ljouwerter, 26 april 1952; ek yn ‘Aarden vaten’.) Yn 1989 waard begjin makke yn Tytsjerksteradiel. Heucht it jo noch, hoe’t guon it tsjin de demokratysk keazen folksfertsjintwurdigers yn ’e kant setten, hoe’t dêrtroch de PTT fan front feroare en begûn te dwersbongeljen en hoe’t oaren net fan de gloednije plaknammebuorden ôfbliuwe koene?
“Guon nammen binne mear fertroud as oare.” ( Jo brief fan 6 augustus) Sa hawwe, hiele Fryslân oer, gewoane Friez(inn)en it nea oer ‘Dokkumer Ee’. Likegoed liket it derop dat se fannijs belies jaan moatte, dat har ‘Dokkumer Ie’ it net oprêdt yn jo krante. Gewoane Ljouwerters dogge de trochslach, dy hawwe it nea oer ‘Dokkumer Ie’. De earste winst, nammentlik it nammebeslút fan 15 maart 2006 yn de steateseale, is net mear as kattewinst.
As lêste noch ditte. Yn ûngelikense talen kinne de beneamings fan ien en itselde plak ûngelyk wêze. Sizze de minsken en skriuwe de kranten yn Dútslân fan ‘Berlin’, - de offisjele namme -, yn Hollân sizze de lju en skriuwe de deiblêden fan ‘Berlijn’. Dêrneffens meie yn Hollân de minsken sizze en de kranten skriuwe fan ‘Zwaagwesteinde’, hjirre wurdt fan 1 oktober 2008 ôf sein en skreaun fan ‘De Westereen’- de offisjele namme. Mar salang’t jo my it prinsipjele ûnderskie tusken plak- en wetternammen net útlein hawwe, jildt foar beide itselde: dat se yn Hollân om myn part sizze en skriuwe fan ‘Sneekermeer’, mar dat wy sizze en ús kranten yn Fryslân hearre te skriuwen fan ‘Snitser Mar’- de offisjele namme. Mei mr. Byl syn wurden: ‘mei-inoar kinne wy alles’.
Ik libje yn ’e ferhoop dat jo krante mei yngong fan it nije jier fan de (fer)hollânske beneamings oergiet op ús eigen nammen - jowes likegoed as mines. Nei 4 ieuwen fan, bygelyks, ‘Dokkumer Ee’ en ‘Sneekermeer’ krije wy dan 4 ieuwen fan ‘Dokkumer Ie’ en ‘Snitser Mar’. Dat liket my in earlike ferdieling ta. Yn it jier 2408 sjogge wy dan wol wer.
Bitgummole, 17 desimber 2007.
Taheakke:
De útkomst fan in lyts namme-ûndersyk. Oan it krantebelied yn it stik fan nammesaken kin ik gjin kop noch sturt fine.
List fan wetternammen yn de Ljouwerter Krante fan de dagen 1 o/m 6 yn de moannen augustus o/m novimber en 15 o/m 20 yn de moannen july o/m novimber 2007:
04-09 Finkumervaart (15-1x) te lêzen as: “yn de krante fan 4 septimber stiet op side 15 ien kear de namme Finkumervaart.” De brûkte kranten binne net rigel foar rigel op ’e nammen neisjoen. Grif misse der yn ’e tabel noch wat. De eigentalige nammen stiet in streekje ûnder.
16-07 Pikmeer (9-1x, 10-1x), Sneekermeer (9-1x)
20-07 Pikmeer (11-2x), Wijde Ee (11-1x)
04-08 Sneekermeer (1-2x), 14-2x, 15-3x), Houkesloot (15-1x), Houkesleat (14-1x)
06-08 Heegermeer (10-1x), Fluessen (11-1x), Tjeukemeer (10-1x), Sneekermeer (11-2x),]
Sybesloot (11-1x), Houkesloot (11-1x), Rijd (11-1x), Trekvaart (11-1x),
Zwemmer (11-1x)
16-08 Fluessen (14-3x), Hofmar (14-1x)
17-08 Wijde Greuns (11-1x)
18-08 Swette (14-1x), Weidumer Feart (14-1x), Zwette (14-1x), Wielster Feart (14-1x),
Jorwerter Feart (14-1x)
20-08 Sneekermeer (Sport 11-1x)
01-09 Grouster Pikmeer (sn en sn 3-1x)
04-09 Finkumervaart (15-1x)
05-09 Pikmar (..-2x), Tynje (..-2x), Peanster Ie (..-1x), Fluessen (..-1x),
Oudegaster Brekken (..-1x)
17-09 Ie (13-2x), Jeltesloot (15-1x)
18-09 Terkaplester Poelen (14-1x), Nije Feart (15-1x)
20-09 Ie (17-1x)
03-10 Geeuw (18-1x)
04-10 Skarster Rien (19-2x)
06-10 Bonkevaart (sn en sn 1-1x)
16-10 Geau (13-3x)
17-10 Oude Diep (14-1x)
20-10 Tynje (17-1x)
01-11 Terkaplester Poelen (13-1x)
16-11 Wânswertervaart (14-1x), Wide Ie (15-1x)
By de 63 nammen binne 41 Hollânsktalige en 22 (35%) Fryske.
Boarne: Lyts Frisia. Tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVII, nû. 1, maart 2008, s. 14-16