Is der gjin kollegiaal advys?
Pieter de Groot kaam yn Dwers foar syn sprekkende kollega’s op. It soe yrreëel wêze om fan Omrop Fryslân-meiwurkers korrekt taalgebrûk te ferwachtsjen. Hy tinkt dat it in hiel gefjocht wurde sil. Hy beropt him op Rein Tolsma, dy’t him der mei in ûneigentlik argumint foarwei wynt: heechspanning yn rjochtstreekse útstjoeringen. Mar dêr giet it net om. It giet net om it foarlêzen fan in tekst, opsteld troch in nijsredakteur. Sa’n tekst sitte grif gjin staveringsflaters yn en ek gjin oanwizingen om lûden mei opsetsin ferkeard út te sprekken. Beharket sa’n redakteur, of in regisseur, de presintaasje fan it nijs wolris. Is der gjin kollegiaal advys? As se by Omrop Fryslân sa graach Frysk prate wolle, lit har dat dan goed dwaan.
Ljouwert, H. Nieuwenhuis
Boarne: Leeuwarder Courant, 29-12-2007 [ynstjoerd stik]
FFU: Sjoch ek by ‘Poadium 2007’: Rop om standertfrysk foar Omrop yrreëel, 14-12-2007 (P-LC) en ‘Publikaasjes 2007’: STH07-Kwaliteit Frysk yn media en oare ynstellings (I), Swingel 19. pdf. In artikel mei as titel ‘De kwaliteit fan it Frysk yn de media en by oare Fryske ynstellings (I)’ yn Swingel (nû. 19, 2007, s. 6-11). En by ‘Poadium 2007’, Frysk by Omrop, 24-01-2007 (P-LC)