Om in sik fan te krijen
In moai plaatsje fan ús waarlamke yn de Ljouwerter fan 4 jannewaris. No ja, Theo Schildkamp neamde dat bistke ‘hemelgeit’ sa’t de ljue yn Langeruigeweide it wol neame sille, mar nét by ús. Hjir waard it fûgeltsje mei syn bletterjend lûd as fan in lamke dat nei syn memke siket, altyd waarlamke neamd. Yn datselde artikel waard ús ingeltsje ek al mei in tal ‘volksnamen’ lykas lievenheersbeestje opskipe. Ljouwerter Krante meitsje jimme de titel ‘Hoofdblad van Friesland’ no ris wier en lit Theo Schildkamp de échte folksnammen foar ús libben guod tenei brûke, sa’t dy hjoed de dei noch yn libben gebrûk binne. ‘Hemelgeit’ liket te passen yn it rychje fan bygelyks ‘hemelwater’ ynstee fan gewoan sljochtweihinne reinwetter en plattelânsgemeenten fan hûnderttûzen ynwenners. Jo soene der in sik fan krije.
Gorredyk, S. Haagsma
Boarne: Leeuwarder Courant, 14-01-2008 [ynstjoerd stikje]
FFU: Wy hawwe de setflaters dy’t de Ljouwerter yn it stikje makke hat, sels mar wer ferbettere. En dat wiene nochal wat. Haagsma wit wol better. Dy ken syn Frysk. Lykas hy krije wy net allinnich in sik fan it staveringsbelied, mar ek fan it taalbelied fan it ‘hoofdblad’.