It wachtsjen is op Menaam
Dantumadiel? Dêr hie ik wolris fan heard, mar Damwâld koe ik better. Gjin namme dêrjinsen yn ’e wâlden wie lykwols sa bekend as De Westereen, doarp fan Salomon Levy en Jan Bergsma. It plak woe fan it Hollânske ‘Zwaagwesteinde’ ôf en it waard it mei de gemeenterie iens oer de sa fertroude namme ‘De Westereen’. Dy paste it bêste by de taalkleur fan it gea. De wâldpiken troffen it mei sa’n rie. Al sa skielk falt yn Stiens it doarps-nammebeslút en wurde alle Koarnjumers fan har ‘Cornjum’ ferlost. Mar ien, noch yn de tweintichste ieu libjende, sil ferwar dwaan.
Oft Menaam him troch Damwâld en Stiens pyksette lit? Al krapoan fjouwert jier leit der in fersyk fan Bitgummole om fan it ferkearde ‘Beetgumermolen’ befrijd te wurden. ‘Slûge soe ek’ wie lang it heale siske, mar langer is it hjirre ‘Menaam soe ek’. Dat de oare trije Nofagemeenten en de fjirde Middelseegemeente (It Bilt) mei gauwens de fuotleasten fan Dantumadiel en Ljouwerteradiel folgje meie. Jan Tjittes Piebenga yn de Ljouwerter fan 26 april 1952: ‘Wanneer eenmaal de vele zonden en overtredingen van de kadasterkaart zijn weggevaagd ....’ Oer 25 jier sil it wol sa fier wêze.
Bitgummole, B.J. Postma
Boarne: Leeuwarder Courant, 05-02-2008