East- of Noard-Fryske eilannen is better as ‘Duitse waddeneilanden’, 25-02-2008 (P-LC)

Mei ienige regelmaat [geregeld] hat de Ljouwerter Krante it oer de ‘Duitse waddeneilanden’, sa ek yn de berjochten oer de fersmoarge fûgels fan Amrum en Föhr by de Fûgelpits. De measte Dútsers dy’t dêr wenje, sille dat grif net begripe. De Waadsee (das Wattenmeer), ja, dat falt noch wol te snappen [begripen], mar die Watteninseln? By harren hite sy dan ek de East- en Noardfryske [East- en Noard-Fryske] eilannen. Yn Dútslân besteane der dan ek gjin waadeilannen. De eilannen by de Waadsee binne by ús, yn tsjinstelling ta bygelyks de Sieuske, net de Westfryske [West-Fryske] of Fryske eilannen neamt [neamd]. Troch it grillige histoaryske lot hite sy de Waadeilannen. Mar dat ek allinnich yn Nederlân: de Britten sprekke [prate] fan de West Frisian islands en de Dútsers neame it die Westfriesische Inseln.

It soe de LC siere as yn ’e takomst net mear it begryp Duitse waddeneilanden, mar de korrekte omskriuwing brûkt wurdt; dus ‘Eastfryske’ of ‘Noardfryske’ [East- of Noard-Fryske] of om my ‘Oostfriese ’en ‘Noordfriese’ eilannen. In bytsje histoarysk besef past nei myn betinken goed by in Fryske krante as de Ljouwerter.

Ljouwert, Doede N.T. Damsma

Boarne: Leeuwarder Courant, 25-02-2008 [ynstjoerd stikje]

FFU: Ja, wat wol men mei in krante dy’t steech Friesland skriuwt as der Fryslân bedoeld wurdt.

<< Werom nei 'Poadium 2008'