De Fryske kultuer ferdigenje – kin it noch minder, feb-2008 (P-DM)

Yn 2007 hat de Fryske kultuer yn alle gefallen ien kear nasjonaal omtinken hân. Televyzje, radio, kranten, ynternetnijs: folle net genôch. Ik kin it witte, want myn kollega Yvonne van Westering en ik wienen ferantwurdlik foar de gekkeboel dy’t losbruts doe’t wy by gelegenheid fan it ôfskie fan dr. Lammert Gosse Jansma as wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy in lêzing hâlden oer de effekten fan dy Fryske kultuer op it opgroeien fan Fryske bern. [...]

Dy feiten binne dat neffens in analyze yn it rapport Kinderen in tel fan tal fan gearwurkjende ynstellings – lykas it Verwey-Jonger Ynstitút, Unicef en Defence for Children in grut part fan de Fryske bern hikke en tein wurde [= binne] yn in efterstânssituaasje. En dat de wichtichste skaaimerken fan dy efterstânssituaasje sosjaal-ekonomysk fan aard binne. [...]

Wat lykwols nij wie, is dat Kinderen in Tel it etiket efterstânswyk brûkte en dat neffens har kritearia [= de kritearia út dat rapport] dat etiket op de situaasje fan guon bern yn Fryslân fan tapassing is. Noch slimmer wie it, doe’t wy de fraach stelden oft soks ek te krijen hat mei de Fryske kultuer ...

Dêrby doelden wy perfoarst net op de Fryske taal, lit my dat nochris lûd en dúdlik sizze! Wêr’t it ús om gie, is de fraach oft der yn de Fryske wearden en noarmen sa’t dy oan de bern oerdroegen wurde, eleminten sitte dy’t jo gearfetsje kinne as in (te) beskieden ambysjenivo. [...]

Lykwols, it lêste nûmer fan De Moanne bringt my dy hiele reboelje wer yn it sin. By dat nûmer sit in brief ynsletten fan Bert Looper (Tresoar), Reinier Salverda (Fryske Akademy) en Koen Eekma (Afûk) dêr’t yn sein wurdt dat hja de Fryske taal, it kultureel erfguod [= erfgoed!] en it wittenskiplike ûndersyk troch alles hinne ferdigenje wolle. It is dat iene wurdsje ‘ferdigenje’ dêr’t ik oer stroffelje. Ik sjoch dat as op ’e nij [= op ’en nij as] in symboal fan in beheind ambysjenivo – en nammerste slimmer om’t dat elemint fan de Fryske kultuer hjir útdroegen wurdt troch trije kulturele haadrolspilers!

Yn datselde nûmer opnommen fraachpetear mei de nije boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone, ûnderstreket it probleem. De boargemaster tsjûget fan de winsk om it Frysk sa gau mooglik ferstean te kinnen. Mar ‘spreken, dat beloof ik niet’. (s. 66). It liket derop, dat it ferstean kinnen fan it Frysk no al genôch is as positive bydrage oan de Fryske kultuer. Set my dan mar oan de skandpeal, mar ik bin opgroeid yn deselde stêd as Crone (Dortrecht) en stel der in eare yn it Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe te kinnen – ek al bin ik al mear as 10 jier út Fryslân wei!

It giet my net om boargemaster Crone, de man syn bedoelings binne suver genôch, mar oan it ambysjenivo dat mank giet mei de Fryske kultuer. Om de beheining, dy’t skûl giet efter dat ‘ferdigenjen’. Myn stelling is, dat soks te krijen hat mei it feit dat Friezen in minderheid foarmje. Net allinne kwa taal, mar ek yn termen fan leauwe (grifformeard likegoed as  -eartiids – bûtentsjerklik), fan klasse (arbeiders), faaks sels polityk (de begjinjierren fan de sosjaal-demokrasy) en faaks ek noch neffens oare ynfalshoeken. Soe it sa wêze kinne dat nettsjinsteande in útspraak as ‘Leaver dea as slaaf’ dat minderheid-wêzen neffens tal fan kritearia ta in ‘jo-minder-fielen’-mentaliteit laat hat, dy’t grif noch fersterke is troch de sosjaal-ekonomyske ûntjouwings (mei ynbegryp fan it feit dat guon Friezen om utens gienen om dêr in bestean op te bouwen?).

At [As] soks sa wêze soe, dan ferklearret dat de beheinde ambysje fan it ‘ferdigenjen’. Faaks moatte de Friezen dan ris sjen, hoe’t oare minderheden dat oanpakt ha. Sjoch bygelyks ris hoe’t de Roomsk-Katoliken striden ha om har oan dat minderheid-wêzen te ûntwrakseljen. Net dat ik pleitsje foar toochdagen lykas dy yn ‘Uit het rijke Roomsche Leven’ beskreaun wurde en alhiel net foar in Fryske ferpyldering oant en  mei Frysk geitefokken (foar it Fryske hynder meitsje ik lykwols graach in útsûndering). It punt is dat de oanfal de bêste ferdigening is. En dat dy oanfal ta doel ha moat om de Fryske kultuer te fersterkjen, út te dragen – yndied om de Fryske kultuer te reprodusearjen yn de nije generaasjes. De paradoks is, en dat is it seare plak dêr’t wy de finger op lein ha, dat it foar in duorsumer reproduksje fan de Fryske kultuer needsaaklik is om de sosjale reproduksje fan efterstân yn sosjaal-ekonomyske termen en yn ûnderwiisprestaasjes te trochbrekken!

Boarne: de Moanne, jrg. 7, nû. 2, febr. 2008, s. 52, 53

FFU: As Verhaar bedoelt dat de ûnderwiisprestaasjes yn it Frysk (ek) sterk omheech moatte, dan, dan hat er fansels in punt. En yndied, it ambysjenivo fan aardich wat bestjoerlike en oare pommeranten moat wat har eigen taalbehearsking fan it Frysk oanbelanget, ek sterk omheech. Se moatte it Frysk goed prate en skriuwe kinne en dy feardichheid ek safolle mooglik brûke. Mei minder kin it net ta.

Yndied is de oanfal almeast de bêste ferdigening. Sjoch dan ek ús ‘Oanfalsplan Frysk’, oan te klikken op ús webstek by ‘brieven 2007’ en ‘publikaasjes’.

Sjoch ek by ‘Poadium 2007’: Achterstanden laten zicht niet simpel verklaren, 14-05-2007 (P-LC); Over wat achterstand is, valt nog te twisten, 03-04-2007 (P-LC); Efterstân net troch Frysk eigene, 03-04-2007 (P-LC); Dom, lui, beperkt, maar gelukkig, 31-03-2007 (P-LC); Wurk, 12-03-2007 (P-LC).

<< Werom nei 'Poadium 2008'