It Frysk hoecht mar yn it nijs te kommen of de misferstannen fleane je om de earen. Dêrom mar even byspikerje. Fryske les is net itselde as les yn it Frysk. Dêr’t guon miene dat der yn ’e takomst fan skoallen frege wurdt seis oeren Fryske les te jaan, wurdt yn werklikheid bedoeld dat it Frysk seis oeren brûkt wurdt as fiertaal by, om in foarbyld te neamen, skiednis of biology.
Seis oeren Fryske les is nammentlik ûnmooglik te realisearjen binnen it roaster, in beswier dat net jildt foar Frysk as fiertaal. Soks wiermeitsje sil trouwens noch net iens maklik wêze. Foar’t in oerheid soks freegje kin, sil der fiks ynvestearre wurde moatte yn de kursussen en Frysktalige lesmetoaden, wêrby’t it my de koarste klap taliket soks net sels [= sels net] te ûntwikkeljen, mar troch in pear goede metoaden oer te setten yn it Frysk.
Kollumersweach, Koos Tiemersma
Boarne: Leeuwarder Courant, 27-03-2008