‘Maak Fries tweede taal basisschool’ kopt de LC fan ôfrûne sneon op de foarside. Blykber is it grut nijs dat de mearderheid [= it meartal] fan de befolking de eigen taal yn it ûnderwiis in rom plak jaan wol njonken it Nederlânsk. Yn Baskenlân [= Baskelân] soe sa’n útslach seker gjin nijs wêze. Hjir [= Dêr] is al wat langer ûnderfining mei it brûken fan in soad Baskysk as fiertaal yn it ûnderwiis.
Yn de regio Baskenlân [= Baskelân] is sawat 30 persint fan de befolking twatalich yn it Baskysk en it Spaansk. Nochris 11 persint kin inkeld it Baskysk ferstean en de oare 60 persint is ientalich Spaansk. Dat binne dochs oare sifers as foar Fryslân, dêr’t noch krekt wat mear as de helte fan de minsken thús Frysk praat en sawat trijekwart [= trijefjirde part] it Frysk prate kin en mear as 90 persint it ferstean kin. Oars as it Frysk, is it Baskysk ek yn de eigen regio de taal fan de minderheid . Dochs leit it lân der foar it ûnderwiis folle geunstiger hinne as yn Fryslân.
Der binne trije modellen foar it brûken fan Baskysk en Spaansk. Yn model-A krije de bern les yn alle fakken yn it Spaansk en is it Baskysk inkeld in fak. Men soe sizze kinne dat soks oerienkomt mei it meast gongbere model yn Fryslân. It Nederlânsk is de algemiene fiertaal en it Frysk is in fak. Model-B is twatalich en dêr binne Baskysk en Spaansk beide foar sawat de helte fan de ûnderwiistiid fiertaal. Der binne yn Fryslân guon skoallen dy’t in ferdieling fan 50-50 sa’n bytsje oanhâlde, mar dan meastentiids wer net yn alle groepen.
Dan is der noch it D-model (de letter C bestiet yn it Baskysk net). Yn dat model is it Baskysk fiertaal foar alle fakken, útsein foar de Spaanske les. Sokke Frysktalige skoallen kenne wy net. In soad minsken kinne har dat mar amper yntinke. De measte skoallen yn Baskenlân [= Baskelân] begjinne boppedat mei it jaan fan Ingelsk as tredde taal as de bern 4 jier binne en brûke it Ingelsk letter as fiertaal by ien of twa fakken. Yn Fryslân is der in hânfol skoallen dy’t trijetalich ûnderwiis jouwe, mar dy begjinne pas mei Ingelsk as de bern in jier as 10 binne.
De Baskyske âlders meie foar har bern sels it model kieze. Doe’t se begjin jierren tachtich mei de modellen begûnen, siet de helte fan de bern op skoallen mei model-A , in kwart [= fearn; fjirdepart] yn model-B en in kwart [= fjirdepart] yn model-D. No, sa’n 25 jier letter, leit it lân der gâns oars hinne. Net mear as 10 persint fan alle bern giet nei model-A, sa’n 30 persint sit yn model-B en de grutte mearderheid [= mearheid] kriget ûnderwiis yn model-D. Yn Fryslân waard yn 1980 it Frysk as fak op alle basisskoallen ynfierd, mar in soad is der sûnt dy tiid net feroare.
De regionale oerheid hat it ûnderwiis yn it Baskysk altyd enoarm stipe en in soad fasiliteiten jûn oan learkrêften om it Baskysk better te learen, faak as twadde taal. De resultaten fan it ûnderwiis toane oan dat de bern op allerhande [= alderhanne] taal- en rekkentoetsen yn model-D likegoed of better skoare as de bern yn model-A. It Baskysk wurket net as in hinderpeal, mar stimulearret krekt de prestaasjes fan de bern.
De skoalbern dy’t ik ken, befêstigje dat byld. De âlders hawwe noch altyd de frije kar foar ien fan de trije modellen. In soad Spaansktalige âlders kieze foar Baskysktalich ûnderrjocht. It foarbyld fan de twatalige bernedeiferbliuwen yn Ljouwert leart ús dat as âlders kieze kinne, der in soad binne dy’t foar it Frysk kieze, ek Nederlânsktalige âlders. It binne benammen de learkrêften dy’t it belang dat âlders oan it Frysk hechtsje [= takenne], gauris ûnderskatte.
As de provinsjale oerheid yndie it foech krije soe oer it ûnderwiis en it Frysk, dan komt der tagelyk in bettere mooglikheid om de eigen taal te stimulearjen. Yn it earstoan soe benammen ynsetten wurde moatte op it fergrutsjen fan de kennis oer meartalich ûnderwiis. Foarljochting en byskoalling kinne in misbegryp as soe it brûken fan it Frysk as fiertaal te’n koste gean [= ta skea wêze] fan oare fakken, opromje. Ommers, it makket yn begjinsel neat út oft rekkenjen, muzyk of tekenjen no yn it Frysk of it Nederlânsk of it Ingelsk jûn wurde. Dy fakken wurde dan allinne jûn fia [= troch middel fan] in oare taal. As it op in goede manier [= wize] oanpakt wurdt, sil de útkomst wêze dat de bern oan de ein fan de middelbere skoalle folslein trijetalich binne.
DURK GORTER
d.gorter@ikerbasque.org
Boarne: Leeuwarder Courant, 28-03-2008 (‘Freed’, s. 2)