Net allinnich nei it ryk wize
As nei Fryslân weromkearde jonge Friezinne fernuverje ik my no en dan oer fan alles rûnom de Fryske taal [= om de Fryske taal hinne] yn Fryslân. Doe’t ik op it ministearje fan ynlânske saken yn De Haach wurke, wie it sa dat yn amtlike stikken oer ‘Fryslân’ sprutsen waard. Sûnt 1 jannewaris 1997 de offisjele namme fan de provinsje. Mar yn alle stikken fan de grutste krante fan Fryslân wurdt bygelyks deagewoan sprutsen oer [= skreaun fan] Friesland.
It is wier dat in grut part fan it noch net slagjen fan it taalbelied leit by it ryk. Mar wy moatte net ferjitte ek nei ús eigen rol te sjen. It Europeeske Hânfêst foar regionale en minderheidstalen, dat ratifisearre is troch Nederlân yn 1998 en it Kaderferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden dat ratifisearre is troch Nederlân yn 2005, jouwe de Fryske befolking ferskate rjochten.
Fariearjend fan net ferplichte wêze te assimilearjen yn de Hollânske kultuer, it rjocht ha om Frysk te praten mei amtners yn de provinsje Fryslâsn en it krijen fan foldwaande ûnderwiis yn de Fryske taal.
Reduzum, Ypie Boersma
Boarne: Leeuwarder Courant, 11-04-2008 [ynstjoerd stikje]