‘Ús' minister fan Ûnderwiis Plasterk hat net folle op mei regionale en minderheidstalen. As FNP hiene we datoangeande al ús betinkingen by syn beneaming, sjoen syn eardere denigrearjende útspraken oer it Frysk as kollumnist yn Buitenhof. By syn earste besite as ûnderwiisminister oan Fryslân liet er him lykwols fan syn bêste kant sjen troch in taspraak yn it Frysk te hâlden. Mar de lêste wiken waard pynlik dúdlik dat dat allinnich mar in doekje foar it blieden wie. Sels syn eigen memmetaal, it Nederlânsk, liket net feilich by dizze minister. Sa hold er okkerdeis syn speech yn it Europeesk Parlemint ‘ûnder protest' yn it Nederlânsk, om't er it praktysker fynt dat alle ôffurdigen Ingelsk prate.
Op de universiteit yn Grins krige Plasterk op 31 maart it earste eksimplaar fan it Handboek Nedersaksische taal- en letterkunde útrikt. Yn Nederlân wurdt it Nedersaksysk troch sa'n twa miljoen minsken praat, ûnder oaren yn de Stellingwerven. Oan it hânboek is hast tsien jier wurke en it wie foar it Nedersaksysk dan ek in bysûnder momint. In teken fan erkenning en respekt dat Plasterk dat boek yn ûntfangst naam? Sa kaam it yn syn taspraak net oer. Hy neamde it in dúdlike saak dat it Nederlânsk hjir foar elk de earste taal is, benammen op skoalle. As twadde taal komt dan it Ingelsk en as tredde foar guon noch in regionale taal. Respektleas op dat plak en op dat momint! Plasterk begrypt der noch hieltyd neat fan.
Dyselde wike wie Eurokommissaris foar meartalichheid Orban hjir op besite. Earst yn De Haach, dêr't minister Plasterk en syn steatssekretaris Bijsterveld it ûnderwerp meartalichheid net wichtich genôch fûnen om der tiid foar frij te meitsjen. Úteinlik hat Orban dochs noch even prate kind mei de steatssekretarissen Dijksma fan ûnderwiis en Timmermans fan Europeeske Saken. Yn Fryslân wie de ûntfangst better. Orban wie ûnder de yndruk fan it Mercator-project op de Fryske Akademy en benammen fan de trijetalige skoalle, dy't er in foarbyld neamde foar oare Europeeske regio's.
In pear wike letter soarget it ministearje fan ûnderwiis hjir op 'e nij foar ûnrêst. Steatssekretaris Dijksma komt mei it plan om alle beukers mei in taalefterstân yn it Nederlânsk by te spikerjen. Hoe komt it dan mei bern dy't in oare memmetaal hawwe, bygelyks it Frysk? Dit soarte ûntwikkelings lit noch wer ris dúdlik sjen dat Fryslân sa gau mooglik sels it foech oer syn eigen ûnderwiisbelied krije moat. Fansels befreget ús steatefraksje Deputearre Steaten oer dizze kwestje en gelokkich ha we yn de Earste Keamer Hindrik ten Hoeve dy't dêr krityske fragen oer stelt oan de steatssekretaris. Dat is breanedich want it is krekt as kenne se it wurd meartalichheid op it ministearje fan ûnderwiis net. It is moai dat Hindrik foar ús altyd de finger oan de pols hâldt, sa as mei it Ferdrach fan Europa dat ek yn it Frysk oerset wurdt. Hindrik hat okkerdeis fan it ministearje fan Binnenlânske Saken de tasizzing krigen dat se dy Fryske oersetting oan de Europeeske Kommisje oanbiede sille. De konsekwinsje dêrfan is dat it Frysk in formele erkenning yn de Europeeske Uny krijt. ‘Brussel' liket foar ús soms tichterby as ‘De Haach'.
Boarne: Frijbûtser, Moanneblêd fan de FNP, april 2008, nû. 386 en FNP Nijs (dig.), 29-04-2008