Oerwinning foar Frysk
Op 6 maaie wûn Barack de ferkiezingsstriid yn North Carolina fan Hillary mei 59 prosint om 42 prosint fan de stimmen. Barack syn oerwinning wie ‘overtuigend’ en Hillary hie in dreun krigen (LC 7, 8 maaie). Ferline jier wie 58 prosint fan de 1986 stimmers it iens mei de stelling ‘alle gemeente- en plaatsnamen in het Fries’ (LC 25, 26 april 2007). De oerwinnings fan ús eigen gemeente- en plaknammen op ’e Hollânske binne dus lyk sa ‘overtuigend’ en de Hollânske krije dus lyksa in dreun.
Op 20 maaie is yn Drylts it sânde plaknammebeslút nommen. Fan de fyftjin bywêzige riedleden stimden fjouwer (GBW) dertsjin. Lokwinske Drylts. No nûmer sân yn de rige nei de gemeenten fan Burgum, Grou, Wommels, Ferwert, Damwâld en Stiens. Nûmer acht liket op kommenswei te wêzen. It rint as it spoar, tinkt my.
Bitgummole, B.J. Postma
Boarne: Leeuwarder Courant, 24-05-2008 [ynstjoerd], s. 9